Mar Ynje kaam dertusken

GERBEN DE VRIES – 

In stik as wat jierren lyn sieten wy yn it fleantúch nei Medan-Sumatra. Earne achter ús sieten in pear minsken oer de oorlochstiid te praten, ientsje mei in sterk Frysk aksint. Hja waarden ûnderbrutsen troch de noartske stim fan in man deun achter my, dy’t sei dat hja doedestiids yn de ferkearde oarloch fochten hienen. Dy oare oarloch dus.

Hat it opsetsin west of is it tafal? Ik krige de nijste Speerstra oer de Ynjegongers it earst yn in Nederlânske fersy yn hannen. Op it omslach stiet in faach kykje mei twa militêren op in legertruck. It Fryske omslach is hiel oars. In hiel lange blanke man laket tsjin de fotograaf en nêst him stiet in lyts brún mantsje. De feteranen sizze der gjin wurd oer en ek Hylke Speerstra freget de mannen der net nei. Dochs rekket dit miskien wol de kearn fan de ferhalen fan de minsken dy’t tusken 1947 en 1949 útstjoerd waarden nei Ynje om ‘orde en rust’ te bringen: de ûngelikens. Sa’t yn Fryslân troch lange minsken faak ek wat út de hichte dien wurdt tsjin wat lytsere lju, sa praten de feteranen doe en no ek oer ‘mantsjes’, ‘keardeltsjes’ en ‘brúntsjes’. Dat hat echt net allinne mei lingte te krijen. De Yndoneziërs wiene net bepaald lykweardich oan de Nederlanners.

 

De titel fan it boek is wat mei opset sin kolderyk, mar ‘Op klompen troch de dessa’ is in yndrukwekkend monumint fan dy oare oarloch.

 

Ploppers dus, it skeldwurd foar de Yndiërs dy’t nei 1945 net wer werom woene nei de koloniale tiid. Hja rôppen de selsstannige steat Indonesia út en wiene tenei Yndoneziërs. It Nederlânske regear akkesptearre dat net en griep mei twa grutte ‘politionele acties’ yn. Dat klonk frij ûnskuldich, mar it wiene grutte militêre operaasjes, wêrfoar’t sa’n 200.000 tsjinstplichtigen út Nederlân nei Ynje moasten. Dêrby sieten ek tûzenen Friezen en hast 160 soene it net oerlibje. It boek ‘Op klompen troch de dessa. Indiëgongers fertelle’ fan Hylke Speerstra giet oer de ferhalen fan minsken dy’t der west ha en wól weromkamen. De skriuwer kin it net litte en frisselje der yn de prolooch wat fiksje trochhinne. De lytse Hylke fan alve heart yn 1947 yn Tsjerkwert in man sizzen dat de Nederlanners yn Ynje mei ôfdankte gewearen fjochtsje moatte. ‘Sis mar dat wy dêr yn de tropen op klompen troch de dessa wâdzje.’ De titel is grif earst betocht en doe moast der noch in ferhaal by.

Yn werklikheid wie it Nederlânske leger folle better bewapene as it Yndonesyske Tentara Nasional. Dêrfoar folstean twa kâlde sifers: Nederlân ferlear 6.000 minsken, oan Yndonesyske kant foelen der nei skatting 200.000 deaden. Wa’t de ferhalen fan de troch Speerstra ynterviewde Friezen lêst, begrypt fuortendaliks wêrom’t dat ferskil sa grut is. Finzen nommen Yndoneziërs waarden martele en eksekutearre, doarpen platbaarnd. In protte feteranen hawwe dat net tajaan wollen. Dy seinen dat der út en troch ‘eksessen’ plak fûnen, mar wis gjin oalrochsmidieden. Yn ien fan de earste ferhalen wurdt lykwols daalk al steld dat der Japanske militêren – de âlde besetters fan Ynje – eksekuteard waarden en dat seit himsels genôch. De lêste jierren wurdt der hieltyd mear bekend oer dy krektneamde ‘eksessen’. It is in knappe fertsjinste fan Speerstra dat de feteranen dat oan him ek planút sizze. Allinne Fokke, dy’t by it drama van Ragawede wie, bliuwt ûntkennen. Hy leaut leaver syn âld-kollega’s dy’t it op in tweintich yn stee fan goed 150 deaden hold. It is knap fan Speerstra dat er dochs yn petear bliuwt.

It liket der op dat alle soldaten dy’t libben weromkamen thús de diploma’s Fryslân A, B en C helle hawwe. Hja prate sûnder útsûndering in soart geef Frysk dat yn it echt fansels noait sprutsen is. ‘Mâltergje’, ’teweech’, ‘útrûpelje’, ‘saksearre’, ‘ôfseame’, ‘halje-trawalje’, ’telider gean’. Dat binne gjin wurden dy’t gewoane minsken bruke. De achttjin Ynjegongers prate allegear sa. Oft se no fan de klaai, it fean, it wetter as ien fan de grutte stêden komme.

Ik naam krekt de útdrukking ’telider gean’ op. Dat betsjut ‘undergean’, stikken gean’. In tal fan de minsken yn dit boek is it sa fergien. Miskien wol it nijsgjirrigste ferhaal is dat fan Freark Beuckens fan Nijemardum. Dy hold yn it Frysk in deiboek by oer syn ûnderfinings yn Yndonesië. Dat liicht der net om en is in tsjûgenis út de earste hân oer de oarlochsmisdieden dy’t Nederlanners der pleegd hawwe. Mear noch oas de oantinkens achterôf, dy’t faak de feiten ferfoarmje, ferhellet it deiboek oer wat der doe werklik barde. Martelingen, eksekúsjes, geslachtsykten, rasisme, al dy byfangsten fan in totale kriich komme der yn foar. Beuckens hat soms syn twifels at der sa ‘housk’ mei de ynlanners omsprongen wurdt: ‘It binne ek minsken, al binne se brún.’ Dochs praat ek dizze gefoelige Gaasterlanner oer mantjses, brúntsjes en terroristen. Hy wie dan ek ien fan de withoefolle feteranen dy’t letter in foarm fan posttraumatyske stresssyndroom hie. Of sa’t syn frou seit: ‘Mar Ynje siet dertusken. Ek doe’t er út Ynje weromkommen wie, bleau Ynje dertusken sitten.’ feteraan Theunis de Boer wist dat der mar ien manier wie om it syndroom te liif te gean: werom gean nei Yndonesië, werom nei de âlde fijân. Mar no as lykwurdige tsjinstanners. De titel fan it boek is wat mei opset sin kolderyk, mar ‘Op klompen troch de dessa’ is in yndrukwekkend monumint fan dy oare oarloch.

 

Hylke Speerstra, Op klompen troch de dessa. Indiëgongers fertelle. Utjouwerij Bornmeer, 352 siden, €25,00.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.