Fallussimmernachten
Publisearre op 24 augustus 2015
SYTSE JANSMA –
lâns risseljend reid steapelet de sleat oktaven
as weagen werheljend de nacht draait himsels yn
in frisling fan roppende frosken it sliepkeamersrút
op in kier in simmer fan swit wachtet boppe de
knoop yn ‘e klamboe it pantomime beweegjen
fan sleatswetter noeget in skoalle reidjuffers om
as djoeiske kabûkidûnsers te sweevjen oerdei stienen
de efterliven as obelisken oerein dolkomyske
fallussimmernachten smell like teen spirit
dat it broeit as hite cheerleaderstimmen
Ut: ‘As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht’
Kategory
Tags
als nomanden in tenten terecht, as nomaden yn tinten teplak, fallussimmernachten, gedichten, poëzij, Sytse Jansma
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]