Slagtedyk

Publisearre op 28 juli 2015

SIMON OOSTING – 

 

 

jim folgje de dyk de ûnsichtbere spoaren

fan soartgelikense spilers mar yn oare klean

en sa ’t jim tinke mei oare kleuren sy wienen skier

of swart en drôvich ûnder lagen smoarch fernis

 

jim sluere as in leger tsjin it lânskip oan

as dat wat mar efkes is tsjin dat wat bliuwt oan

oer seedyk klaaidyk tarredyk en dat wat ferlitten en ferjitten is

jim binne soldaten boerkes en it tsjerkefolk

 

en geane sa as sy gienen efter weinen mei ikehoutene kisten

op ’e wei nei it hôf by tsjerketuorren op de terpen heech

ûnferbidlik stjoerd troch nea skreaune wetten

 

ik sis jim it gean en kommen fan streamen folk

is as fan it wetter fan de see de eb en floed fan it lân ik wit

jim sille ivich en erflik rinne omdat sa it altyd wêze sil

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels