Hantekening

Publisearre op 18 januari 2016

Bêste Jitse,

Goed 50.000, dêr stie de teller sneintejûn op. Digitale hantekeningen om dy in hert ûnder de riem te stekken. Da’s in yndrukwekkend oantal, in Feijenoard-stadion fol minsken dat dy tajuicht. Je soenen der suver ferlegen fan wurde, as ienfâldige jonge út Ljouwert.

Ik sneup eefkes troch de kommintaren dy’t de minsken achterlitte op de site. Dy lige der net om. Wurdearring foar dyn moed om tsjin dizze diabolyske fyân op te treden gean hân yn hân mei de skellerij rjochting it regear. Datsto yn dyn ientsje dochst wat dy sukkels yn Den Haach net oandoare, datsto mear ballen hast as al dy politisi by elkoar; en sa foetert, flokt en fulminearret it wer omraak op it ynternet.

Dat begryp ik net.

 

Ik ferkies dit hiele systeem withoe fier boppe it idee dat minsken it rjocht yn hannen nimme en op eigen manneboet nei de wapens gripe.

 

We moatte werom nei de Midsiuwen om ús lân werom te finen yn in sitewaasje dy’t in lyts bytsje te ferlykjen is mei dyn hjoeddeistige combat area. Kriichsheren, lytse legerkes, tribale kwestjes, bibel en swurd – it is allegear oerwûn. Troch in steatsfoarm dy’t sintraal gesach wist te kombinearjen mei ynspraak fan elkenien: demokrasy.

En dat is, mei al syn lek en brek, in superieur systeem. Feitlik hat it folk alle foech. Iens yn de pear jier jout it mei dat foech in mandaat oan in elite om foar him te beslissen en te bestjoeren. Om te soargjen dat de bestjoerders dat goed dogge wurde se permanint op ‘e hûd sitten troch in flinke ploech folksfertsjintwurdigers, dy’t net foar neat dy namme drage. En mocht it foar dy lju te lestich wêze, dan is der altyd noch in juridysk apparaat om misdragingen te korrizjearjen. En om dy hiele masjinery wer begryplik oan it folk út te lizzen is der noch de sjoernalistyk, dy’t hielendal frij is om sels ek noch út te sykjen oft alles wol doocht.

In superieur systeem dus. Sa wurdt it folk permanint op de hichte holden fan de besluten fan it bestjoer, kin it meitinke en meiprate, en om de safolle tiid it bestjoer ôfrekkenje op syn wurk. En it bestjoer op syn beurt is yn steat om, as it goed rekken hâldt mei de miening fan it folk, dochs relatyf fluch en krêftich te reagearjen op nije ûntwikkelings. En sa slagget it sels om in leger ôf te stjoeren op gebieten dêr’t we fine dat yngrypt wurde moat. Aldergelokst dogge we dat yn oparbeidzjen mei oare lannen, sadat sa’n operaasje min ofte mear ferantwurde gebeurt, alteast net in egotrip is fan in generaal of presidint mei tefolle testosteron.

En dêrom fjochtsje wy tsjin I.S. As lân, yn in demokratysk oanstjoerde ynternasjonale alliânsje. Mei ynachtnimming fan safolle mooglik Geneefse konvinsjes, ynternasjonaal oarlochsrjocht en alle diplomatike ferkear dat besiket ta in freedsume oplossing te kommen yn in etnysk-religieuze jungle. En rjochterlike ferfolging fan soldaten dy’t har mooglik bûten dizze kaders misdroegen ha.

Je hoege gjin bestjoerskundige te wêzen om te sjen dat ús steatsfoarm syn swakke plakken hat, gjin dûmny om te finen dat ús elite moreel gesach ferliest, gjin Christ Klep om te foarsizzen dat dizze militêre oplossing noait hielendal befredigje sil. Mar ik ferkies dit hiele systeem withoe fier boppe it idee dat minsken it rjocht yn hannen nimme en op eigen manneboet nei de wapens gripe. Want nóch har motivaasje, nóch har gedrach, nóch har mores falle troch it folk te kontrolearjen.

As we dat tajuiche, soe alles fuortfalle wat we yn in heal millennium opboud ha. En dêr soe’k myn hantekening net graach ûnder sette wolle.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]