Kalkar oan see

Achte riedsleden fan Harns,

Hoefolle rek sit der yn jim ynskattingsfermogen? In soad, liket my. Dat moat ek wol, want fan helderheid en oersjoch moatte jim it net ha, as it om de ôffaloven giet. Foar in bûtensteander is it net te folgjen wat der no krekt oan de hân is, en as ik provinsje- en gemeentebestjoerders praten hear krij ik net de yndruk dat dy der folle gerêster op binne as ik.

Dat is net allinnich soarchlik, dat is ek nuver. Want Omrin, dat is dochs in organisaasje dêr’t de gemeentes en provinsje oandielhâlders fan binne – ja, sels óprochter fan binne. Miskien wienen jim destiids noch gjin riedslid, mar yn 1984 ha jim sels de OLAF yn it libben roppen, it Openbaar Lichaam Afvalverwijdering Friesland, foargonger fan it hjoeddeistige Omrin.

 

It stjoer moat werom. It giet net allinnich om dy reekplom, it giet om it gefoel dat je in ûntwikkeling opkeare kinne as dy gefaar opsmyt foar de minsken.

 

Dat Lichaam, dat docht no dus net mear wat de holle him seit. Dat lichem gedraacht him as in selsstannich bedriuw: it ferskûlet him as in echte ûndernimmer achter prosedueres en noarmen en seit dat it neat te ferbergjen hat, mar hâldt krusjale ynformaasje op krusjale mominten stil, mei lullige smoezen dat gjinien om dy ynformaasje frege hie, of dat de mjitgegevens earst nochris besjoen wurde moatte, en datsoarte fan bernigens. It lichem besjocht de oerheid – en dus de maatskippij – as tsjinpartij.

Dan ha jim dus in meunster kreëard.

Krekt likemin as jim kin ik ynskatte hoe gefaarlik dat jiskefabryk no presys is. En jim kinne withoelang trocheamelje oer feiten en sifers. Mar fan alle oertredings dy’t de provinsje konstatearre hat en op basis wêrfan’t der in twangsom oplein is, springe der foar my twa út: de REC hat de oven net stilset neidat se de steuring yn de gaten hienen, en Omrin hat dit ynsidint net út eigen beweging melde by it miljeu-alarmnûmer. Foar in fabryk dy’t sa’n ferantwurdlikens draacht foar de folkssûnens liket my dat neat minder as in deasûnde en de ein fan it lêste bytsje fertrouwen dat wy yn de yntegriteit fan it semi-kommersjele Omrin ha kinne.

Konstruksjes wêrby’t oerheid en kommersje yn elkoar ferfrisselje reitsje binne altyd nuodlik en fleane geregeldwei út de bocht. Spoarwegen, wenningkorporaasjes, enerzjybedriuwen … de maatskippij hat der alle belang by mar it stjoer fan de oerheid is faak fier te sykjen.

By jim is dat net oars. It stjoer moat werom. It giet net allinnich om dy reekplom, it giet om it gefoel dat je in ûntwikkeling opkeare kinne as dy gefaar opsmyt foar de minsken. As bliken docht dat in enerzjysintrale (sa’t Omrin de REC sa graach neamt, omdat dat sa lekker duorsum klinkt) folle skealiker is as earst tocht, moat dy bystjoerd of sels sletten wurde kinne.

Dat is wolris earder bard. Wa herinnert him net Kalkar? It soe de modernste, bêste, feilichste kearnsintrale fan West-Europa wurde. Jierrenlang wie der oer neitocht, fergadere, tekene en boud. En doe’t it hiele spul draaiklear wie – de staven mei splytstof leinen al klear – hienen deskundigen safolle risiko’s bleatlein dat it regear tóch besleat dat it hiele feest oergie, ek al hie it miljarden koste.

Lit Kalkar in smet op ús núkleêre blazoen wêze, it is ek it bêste foarbyld fan in moedige oerheid dy’t it stjoer werom yn hannen naam, omdat it gjin risiko’s nimme woe mei de folkssûnens. Want yn in labyrint fan belangen, sinten, wetten, regels, prosedueres en advokaten komt it soms net op de keale feiten oan, mar op in sûne morele oerwaging.

En dy lit ik it leafste by in demokratysk keazen oerheid. By jim. Hoefolle rek sit der yn jim ynskattingsfermogen?

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.