Ik bin in Amsterdammer

Publisearre op 3 april 2016

BART KINGMA – 

Op de dei dat bommen barsten op Zaventem wurke ik mei in kollega dy’t yn Amsterdam wennet. Se fertelde oer de eangst dy’t se net talitte wol, mar lykwols alle dagen sterker fielt as se troch de stêd rint. Op drokke plakken yn it sintrum komt se noait mear hielendal los fan de gedachte oer dat iene momint dêr’t se mei syn allen op sitte te wachtsjen yn de grachtegordel. As se sjocht nei har man dy’t in kwetsber berop hat, of nei har berntsje dat no noch in siel sûnder bedjer hat – dan hat se noed.

 

It is waansin om fan immen te freegjen syn achtergrûn ôf te swarren.

 

We dronken kofje yn in doarp dêr’t terroristen noch noat fan heard ha, dus it wie maklik om gerêststellende wurden te finen. Yntusken nestelen de klanken my yn ‘e holle fan ien fan de moaiste lietsjes fan sjonger Mariusz: ‘Ik bin in Amsterdammer‘.

 

Ik bin in Amsterdammer

ek al wurkje en wenje ik

yn in lân hjir tsjinoer

oan de oare kant fan de dyk

 

It nûmer ropt wat by my op. In gefoel fan leafde foar dy stêd dêr’t ik altyd faker wêze wol, om op te gean yn it brûzjen en sûzjen fan de drokte, de enerzjy, de histoarje, de aktiviteit, de kreativiteit, de mooglikheden dêr. De stêd dêr’t ik as nearne oars konfrontearre wurdt mei myn plattelânslibben, de seinigingen en de flok dêrfan. Ik wol derby hearre as ik yn Amsterdam bin, fiel my dêr goed, mar wit dat se my dêr altyd sjen bliuwe sille as in perifere boer. Wat ik ek bin.

En dat wringt. Want wol ik dêr foar fol oensjoen wurde, dan soe ik myn provinsjale kleed folslein ôflizze moatte. Utsoarte jildt oarsom krekt itselde: de Amsterdammer dy’t him by ús ta wenjen set moat him ek net altefolle foarstean litte op syn stêdske mores, wol er net útkoarre wurde troch it doarp.

Sjoch hjir ús yntegraasjeprobleem yn it lyts. Dêr ha je gjin bûtenlân of islam foar nedich, it spilet sels gewoan ûnder Stamboek-Nederlanners. It jout ek oan hoe breed en djip soks woartele is yn in maatskippij: sels in Fries begrypt wat in twaddegeneraasje Marokkaan fielt, ek al ha se niks mei elkoar. Elkenien wol ommers graach foar fol oansjoen wurde yn syn nije omjouwing, mar wol likegoed ek syn eigen identiteit meinimme. Dat lêste ha we domwei nedich om ús karakter te identifisearjen, sadat we witte hoe’t we yn it libben stean wolle. It is waansin om fan immen te freegjen syn achtergrûn ôf te swarren.

Foar dit probleem binne mar twa oplossings mooglik. De earste hat wat te krijen mei ariërferklearrings en getto’s. Stikeltried, hege stekken, wachttuorren en kreten oer eigen folk. Dat wurk. Kin.

De twadde oplossing leit by de autochtoan. Dý moat in ynboargeringskursus ha – om te leren hoe’t je nijkommers ynboargerje litte. Wat yntegrearjen betsjut. Dat dat gjin transplantaasje fan de siel is, mar it ferwikseljen fan in jas. De nijeling moat deselde persoan bliuwe kinne, mar him gedrage nei de moade fan syn wenplak. Sadat er wol syn identiteit hâldt, mar dochs goed funksjonearret yn syn nije omjouwing. As dat slagget, dan sil hy him wurdearre fiele en syn nije thús yn de earms slute.

De kaai leit dus net by de nijkommers, mar by ús. Dêrom wurdt ik kjel fan it gerop en geraas oer yntegraasje en oanpassen. Akspetearje en funksjonearje, lit dát asjeblyft it adagium wêze, mei behâld fan eigen identiteit. En lit ús der bewust fan wêze dat dy taak foaral ek by ús leit. It alternatyf is in hikke. Mar in hikke sil úteinlik altyd minsken oan beide siden tsjinhâlde. Oant der bommen barste.

En ik kin it witte, want ik bin in Amsterdammer.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]