Amalia

Publisearre op 4 maart 2016

KAREN BIES –

Wêr soe se no wer úthingje, ús Amalia. Ik klik op de webside fan Kening fan ‘e Greide. Noch hyltyd yn Spanje! En it is hjoed al 4 maart. Myn foarsizzing wie dat Amalia op 4 maart, kertier oer achten moarns, yn Fryslân oankomme soe. Ik sjoch nei bûten. Se hat grut gelyk.

Op www.waarisamalia.nu stiet dat Amalia mei har stjoerderke noch omfljocht yn de Spaanske regio Extremadura. Dêr sit se yn ien fan dy lekkere rysfjilden. Sa’n bistje is ek net gek. Prima temperatuerke, genôch te fretten, wat soe se har útslove om no al de trek nei it noarden te ûndernimmen. Boppedat, it ‘Welkom Grutto Weekend’ mei feestjes en oare leuke aktiviteiten is pas 19 maart.

Jaloersk tink ik oan Amalia’s oerwintering yn in waarm lân. Foar âld en nij yn West-Afrika, de rest fan de winter yn Spanje. En de hiele dei mar rys ite. It is de fraach oft se it yn Fryslân sa goed ha sil. It is hjir dochs efkes sykjen om in postsegel fûgeltsjelân dêr’t it lekker brieden is. Dêr’t jo as skries de jongen fatsoenlik grutbringe kinne, mei alle dagen in farieard miel fan wjirmen en oare lytse bistjes. Sûnder hyltyd benaud te wêzen dat de bern foar har achttjinde yn in meanmasine bedarje.

Mar goed, stél dat Amalia earjuster it beslút nommen hie en gean op wjukken rjochting it noarden. Dán hie se no hast twatûzen kilometer flein en har wol graach deljûn yn in fris berypte greide yn Britswert of Wommels. En wylst se siet út te puffen fan de lange reis, hie ík dan de haadpriis wûn! Lokwinske Karen Bies, út namme fan Kening fan ‘e Greide en de Fryske Miljeufederaasje. Do meist op reis nei it plak dêr’t Amalia op it momint fan dyn foarsizzing wie: Badajoz, yn Extremadura! Dan kinst mei eigen eagen dy moaie natoergebieten besjen, dêr’t ús Fryske skriezen oerwinterje.

Hoe kom ik dêr? Mei it fleantúch, tink ik. Mar dat stiet fierder nergens neamd, op de webside fan de miljeufederaasje net, ek net by King of the Meadows. En yn it ynterview fan Vroege Vogels mei de skrieze-foaroanman Theunis Piersma is it ek net sein.

Mar dat fleantúch sit my al dwers. Wêrom soe ik, of in oare fûgelleafhawwer, mei in fleantúch nei Spanje gean om te fieren dat de skries Amalia op myn útkeazen datum yn Fryslân oankommen is? Ik sjoch my al yn Extramedura mei in fierrekiker sjen nei de kloften fûgels boppe in rysfjild. En dan in bytsje stean te gûlen, omdat de natoer sa moai is en ús nasjonale fûgel sa bedrige. Jakkes, wat dekadint. Gefaarlik ek. Aansens komt Amalia noch yn de motor fan sa’n fleantúch telâne. Fuort stjoerderke! En fan Amalia noait mear wat heard.

Maklik sein, want ik ha de priis tóch net, mar ik bliuw út prinsipe dus thús en hoopje dat ik ergens heal maart boppe de greide in fûleindich utto-utto hear. Yntusken jou ik jild oan de crowdfundingsaksje foar in nij stjoerderke foar Amalia. Salang as der net genôch is, bliuwt se gewoan yn Spanje. Hup Amalia! Kom mar gewoan wannear’t it dy útkomt, hear. We begjinne echt net sûnder dy.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]