Stairway to hell

Publisearre op 29 mei 2016

Achte kolonel De Smit,

In moaie sêne wie it, dy oankomst fannewike op de fleanbasis. De kommintator dy’t de Loftmacht ynhierd hie om op de eigen live-stream ferslach te dwaan kraaide deroer, der wie goed neitocht oer de formaasje wêryn’t de fleantugen oer de spotters en kameraminsken hinne fleagen, de brânwacht spuite it wijwetter as in hillich ritueel oer de debutanten hinne, minister en medailleboarsten stienen kreas op in rige. Jo bazen hienen de regy stevich yn hannen naam en de útfiering wie foutleas. Kompliminten.

 

It sil op jo moed drukke as jo foar sa’n deadlike missy dat fleantúch ynstappe. Dat blikken trepke nei de cockpit sil sa no en dan fiele as de stairway to hell.

 

En doe skode dat lûkje ûnder jo romtekapsule iepen en kaam der ta ferbjustering fan de folsleine naasje in ljedderke foar it ljocht dat der noch gammeler útseach as it aluminium húshâldtrepke dêr’t wy thús al tsien jier lang ús hiele fokabulêre oan flokwurden op loslitte as der werris in lampepitsje ferfongen wurde moat. Echt, ik tink dat de measte JSF-slachtoffers falle sille troch dat kutljedderke. Ik mei hoopje dat de helte fan jim trainingstiid bestean sil út it leren ôfdalen fan dat trepke. Oefenje, oefenje, oant it yn jim ûnthâld ramd sit: rjochterhân oan de greep, foet links, rjochts, links, rjochts… en touchdown mei links. Dat moat drilled wurde, jim moatte it nachts yn jim sliep opsizze kinne. Oars sille jim grif in kear misstappe en ien foar ien ferûngelokje.

Mar it gie jo goed ôf, en sa koenen jo woltemoed de lokwinsken yn ûntfangst nimme. Ik seach dernei en koe myn oergeunst net langer ferbergje. Ik bedoel, by in straaljagerpiloat binne alle oare mannen toch pussies, en yn sa’n unifoarm, mei de helm ûnder de earm en it soerstofmasker foar it boarst, de skouders rjocht en de kaakline skerp… dan fielt men as boargermantsje eefkes hierskerp oan dat beskate maskuline kwaliteiten net oer alle keardels lykweardich ferdield binne.

Ik koe my sa goed foarstelle dat sa’n finest hour foar jo geweldich fiele moat. Ik tocht werom oan Soldaat van Oranje, of datsoart bylden fan fleanders dy’t kâldgnizend foar har masjine stean. Se hawwe har libben riskearre foar folk en faderlân en no is it tiid om de komplimten yn ûntfangst te nimmen, fan tankbere regeringslieders, grutske famyljeleden en longerjende froulju.

Mar dat is al mear as santich jier lyn, en de kâns dat jim generaasje piloaten ea ús eigen lân befrije moat is lytser as de kâns dat jim fan dat ferflokte trepke ôfknoffelje. Dat ultime momint sille jim dus nei alle gedachten noait belibje.

Jawis, jim sille gefaarlike missy’s fleane yn it Midden-Easten en yn oare parten fan de wrâld dêr’t it min wenjen is. Jawis, jim sille in bydrage leverje oan it ferjeien fan terroristen en enge rezjimes. Jawis, jim sille foarkomme dat grizelige plannen fan idioaten útfierd wurde kinne.

Mar dat is allegear bûten ús gesichtsfjild, allegear foar oare folken, en allegear yn gruttere ynternasjonale ferbannen. As ûnderdiel fan in grut polityk spul, dus altyd diskutabel. Ynstee fan juichende minsken sille der by weromkomst krityske fragenstellers klearstean om te kontrolearjen oft jim jim wurk wol kreas neffens alle protokollen dien ha. Gelokkich mar, want de ferantwurlikens fan jim as bestjoerders fan dy machtige moardmasjines is enoarm.

It is jim oan te sjen dat jim dêr op traind binne, op it omgean mei dy kritsyke bejegening. Hoe breed ek jo laits, it swaaiende hantsje nei it publyk ta wie beskieden. Jo wurden foar de televyzjekamera’s wienen ôfwage en ynbannich.

Hoe langer ik dernei seach, hoe spitiger ik dat fûn. Want jo sille noch faak genôch de krityk fernearje moatte fan omwenjenden dy’t dea-ûngelokkich wurde fan de herry, jo sille noch faak genôch minsken treffe dy’t dy krengen weismiten jild fine, jo sille jo noch faak genôch ferantwurdzje moatte foar politike besluten dy’t jo net naam ha. En jo sille noch faak genôch yn ellindige sitewaasjes telâne komme, foar josels of foar de minsken op de grûn dêr’t jo de bommen op loslitte moatte. It sil op jo moed drukke as jo foar sa’n deadlike missy dat fleantúch ynstappe. Dat blikken trepke nei de cockpit sil sa no en dan fiele as de stairway to hell.

Al dy gedachten holden my ek tsjin om entûsjast te wurden, fannewike. Leuker fûn ik it om lekker ôf te jaan op dat domme ljedderke. Mar eins wie dat laf. Folle better hie west as wy jo en jo kompanen ien kear dat glorieuze heldenûntfangst jûn hienen dêr’t elke fleander fan dreamt. We hienen mei sjampanje, roazen en bernekoarkes klearstean moatten. Dan hienen jim dat yn elts gefal ien kear belibje kinnen. Om jim op te laden foar al dy ferantwurdlikens dy’t jim de kommende jierren drage moatte.

Want it is allegear slim genôch.

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]