Stoer

Publisearre op 6 maart 2016

Bêste Grunnegers,

Dus. Jim wolle fan it Grunnegs in offisjele taal meitsje. Da’s wol stoer. It Nedersaksysk is yn al syn foarmen de muoite wurdich, soms sels prachtich. Ik ha ris meidien oan it Grunnegs diktee en mei oergeunst sjoen nei de moaiste wurden dy’t jim hawwe. ‘Stoer’ bygelyks, dat betsjut by jim ‘lestich, dreech’. En jim ha fansels foar ivich Ede Staal, dy lit it Grunnegs hearre op in wize dêr’t wy mei al ús Fryske sjongers en muzikanten allinnich mar fan dreame kinne.

Alle reden dus om troch te setten, blinder. Jim sjogge sels Fryslân as foarbyld, en wêrom ek net? Grunneger plaknammen, Grunneger les, Grunniger omrop … ik sjoch op de webside dêrfan fuortdaliks al in poll stean mei de fraach oft it Grunnegs tenei de offisjele fiertaal wurde moat fan RTV Noord. En de útslach? Hoe soe’t ek oars, dy is likernôch presys 50/50.

 

Hingje se op, al dy minsken dy’t har eigen taal superieur meitsje wolle.

 

Ja, dan is it Frysk in moai foarbyld. De helte hjir fynt it prachtich, de helte is folslein anti. We sizze altyd graach dat taal de minsken ferbynt, mar faker komt it my oer as de grutste boarne fan twaspjalt yn de mienskip. Diskusjes oer Frysk binne altyd ferfelend – sawol de Frysktalige as de Hollansktalige fielt him konsekwint troch de oar yn de hoeke set. As it no giet tusken in klant en in winkelmeiwurker, tusken in rjochtbank en in advokaat, tusken in ûndernimmer en in FNP-er, tusken in doarpsbelang-foarsitter en in nije ynwenner fan it doarp … altyd ferrint de taalkwestje yn in sfear fan ûngemak. En dat is ús eigen skuld.

Ik soe jim dan ek de tip meijaan om goed te sjen nei Fryslân, as foarbyld hoe’t it nét moat.

Wat nét moat is dat jim gemeentes de frije hân jouwe om sels te betinken oft se Grunneger plaknammen ynfiere wolle of net. Dêr binne we by ús no 35 jier mei dwaande en we ha der in potsje fan makke. Noch altyd bringt de trein my fan Feanwâlden fia De Westereen nei Buitenpost, dus fan in Fryske plaknamme fia in fonetisearre dialektnamme nei in Nederlânske plaknamme. Om je in sek oer de holle te skamjen. Meitsje der as-je-blyft ien provinsjaal beslút fan, oars komt dit noait goed.

Oer provinsje sprutsen. As jim de namme fan de provinsje ek fergrinzje, set dan oan de râne fan jim regio twatalige buordsjes del: ‘Previnzie Grunnen, Provincie Groningen’. Wy binne sa stom om dêr ‘Provinsje Fryslân, Provincie Fryslân’ del te setten, de earste konfrontaasje foar net-Friezen mei ús provinsje is dus fuortdaliks al in ergernis.

En, o ja: tink net dat der yn jim provinsje allinnich mar Grunnegs of Nederlânsk praat wurdt. Nee, ik haw it even net oer Turken en Antillianen, mar oer alle stêden, doarpen en waaigatten dêr’t se har eigen spraak hawwe, dy’t altyd wer oars is. Yn Harns skite se op it Frysk, yn Hylpen besykje se út alle macht in skytlyts taaltsje oerein te hâlden, oan ús súdrâne klinkt it Stellingwerfs sa prachtich dat dat alle oandacht fertsjinnet. Dat sil by jim net oars wêze.  Jou dy minsken de kâns om har eigen taal op deselde foet stean te litten as dy oare twa. Jim moatte dus net twa-, mar trijetalich wurde: Grunnegs, Nederlânsk en de lokale fariant. Ek dat dogge wy net goed, hjir. Mei ús geëamel oer it Frysk jeie we al dy streekdialekten tsjin ús yn it harnas.

Dêr is trouwens in oplossing foar: de deastraf opnij ynfiere. Hingje se op, al dy minsken dy’t har eigen taal superieur meitsje wolle. Oan de heechste beam, de hurdsturten dy’t wegerje har oan te passen oan de omjouwing, dy’t steech fêsthâlde oan har mantra dat elkenien hjir gewoan sus of sa prate moat, omdat we no ienkear hjír binne.

Oft it no Frysk, Ingels, Grunnegs of Nederlânsk is, in taal krijt allinnich syn skjintme en krêft as er him yn alle frijheid en gelykweardigens ferhâlde kin ta syn omjouwing.

En da’s bêst wol stoer. Súkses dermei!


Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]