It Frysk fan it jier 2200

Publisearre op 3 februari 2016

HENK WOLF – 

Meastal skriuw ik foar de Moanne oer dingen dy’t my yn ‘e deistige taalpraktyk opfallen binne. No wol it ris oars dwaan: ik wol wat spekulearje oer it Frysk fan de takomst. Hoe soe dat klinke?

De oanlieding is in kolleezje taalskiednis dat ik jou foar studinten Nederlânsk. Dêrby beprate wy trends yn taalferoaring. Yn dat ramt ha wy sjoen nei de televyzjesearje Man over woord oer feroaringen yn it Nederlânsk. Wa’t de searje net kin, moat him eins ris besjen, de tige nijsgjirrige ôfleveringen binne op YouTube wol te finen.

 

Ik wol wat spekulearje oer it Frysk fan de takomst. Hoe soe dat klinke?

 

Yn de programma’s wurdt itselde dialoochje tusken in appelferkeapster en in klant spile yn it Nederlânsk fan it jier 1000 en fan it jier 1500. Fansels wurdt de taal ferlike mei it moderne Nederlânsk. Fierders wurdt sjoen nei it Nederlânsk fan de takomst. Taalkundige Marc van Oostendorp hat in kroechsêne betocht yn it Nederlânsk fan 2500. Dêrby hat er foaral besteande trends yn de taalskiednis trochlutsen nei de takomst. Hy foarseit dat it Nederlânsk fan Flaanderen en dat fan Nederlân útinoar groeie sille.

Wy witte dat in heel soad feroaringen yn it Nederlânsk har ek foardien ha yn it Frysk. Fierder sjogge wy yn it Frysk ek allegear wat nijere spesifike trends. Dy kennis kinne wy brûke om in soarte fan foarsizzing te dwaan oer it Frysk fan de takomst. Lit ús as foarbyld it dialoochje út Man over woord ris pakke. Dat giet sa:

Klant: “Ik heb hier donderdag vijf pond zoete appels gekocht. Die waren rot!”
Ferkeapster: “Dat kan gebeuren. In plaats daarvan krijgt u een potje met verse honing.”

 

Myn ferzje fan de dialooch yn, lit ús sizze, it Frysk fan it jier 2200:

Klant: “Ik heb ji tongst fief pound soet aps kocht. Dy wie rot!”
Ferkeapster: “Dat ken beu. Yn plaats krij jo in pots mei fes hone.”

 

Wat sjogge wy allegear oan feroaringen?

– Guon wurden ferdwine en wurde ynruile foar wurden út oare talen. ‘Plak’, ‘farsk’ en ‘hunich’ wurde yn ‘e sprektaal al wolris ferfongen troch Nederlânske lienwurden, dat dy tendins sil wol trochsette. Ik doch in gokje dat ‘swiet’ it ek net oprêdt en dat de kommende generaasjes it ha sille oer ‘soet’. ‘Pûn’ en ‘pond’ binne no al ûnbekend by jonge minsken, dat op syn heechst kin it Ingelske ‘pound’ noch rêding jaan.

– Wurdlidden (‘lettergrepen’) achter oan in wurd wurde minder dúdlik útsprutsen. Folle lûden (‘klinkers’) feroarje yn in stomme -e. Dêrtroch wurdt ‘honing’ ‘hone’.

– Wurdlidden (‘lettergrepen’) mei in stomme -e- (sjwa) deryn ferdwine út de taal. Dat is in algemiene tendins yn talen en yn it Nederlânsk en Frysk sjogge. ‘Tongersdei’ (útspraak faak ’tongzje’) feroaret dêrtroch yn ’tongst’, ‘appel’ yn ‘ap’, ‘gebeure’ yn ‘beur’ en ‘potsje’ yn ‘pots’.

– Yn de konkurrinsje tusken dialektfoarmen sille de foarmen winne dy’t it meast lykje op ‘e Nederlânske foarmen. Dus ‘heb’ ynstee fan ‘ha’ en ‘ken’ ynstee fan ‘kin’.

– Bûgingsútgongen ferdwine út de taal. Dat is yn it Nederlânsk fan Súd-Afrika, dat no Afrikaansk neamd wurdt, ek al gebeurd. Dêrom ferskine ‘soet’, ‘wie’, ‘beur’, ‘krij’ en ‘fers’ allegear sûnder útgong.

– De lange ii-klank feroaret yn in twaklank. Dat is yn it Frysk no al oan ‘e gong en it wreidet hurd, dat ‘fiif’ is yn 2200 grif ‘fief’.

– De tongpunt-r ferdwynt stadichoan út Europa. It Frysk sil him ek kwytreitsje. Hoe’t dat krekt gean sil, is min te sizzen, mar ik ferwachtsje dat er nei in lûd (‘klinker’) konsekwint fuortlitten wurdt, sa’t no yn sommige konteksten (‘bern’, ‘koarste’) al dien wurdt. Dêrom wurde ‘hjir’, ‘fers’ en ‘beur’ (fan ‘gebeure’) aanst ‘ji’, ‘fes’ en ‘beu’.

Moatte jo sa’n foarsizzing o sa serieus nimme? Ik soe it net dwaan. It is in spekulatyf aardichheidsje, foaral bedoeld om de Friezen fan ‘e 23e ieu oan it laitsjen te meitsjen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels