• 24 juni 2011

    Henky Bongel. Sa neamden wy him froeger yn it doarp. It ferhaal gie dat er wolris op strjitte syn broek sakje liet, samar yn ’t foarbygean. Nimmen fan ús hie dat mei eigen eagen sjoen fansels, mar wy hienen as bern in goed byld fan wat der dan yn de iepenbiere oarder bongele, dus de bynamme wie samar fûn. Fûn ik leuk. En myn freonen [...]

  • 21 juni 2011

    Lestendeis wie ik by de iepening fan de tentoanstelling fan fotografe Trynsje Nauta yn it Fries Museum. Yn ‘De zee roept’ hat se leafdefolle portretten makke fan learlingen op de Seefeartskoalle, mar fassinearjender is miskien noch wol dat se portretten makke hat fan de see, troch it keamersrút fan elk fan dy learlingen. Elke learling hat op dy wize in dûbelportret krigen. Tryntsje Nauta hie [...]

  • 17 mei 2011

    Noch eefkes, dan klinkt it heechheaze lûd fan Bill Clinton fier yn it Frysk yn ’t rûn. Yn Achlum sil de man sprekke oer de steat en de takomst fan ús lân. Ja, dan moatte jo krekt by ús wêze. As hy wat oanavesearret mei syn praatsje, kin er miskien noch wat om him hinne sjen, de rest fan de dei. Wa wit sit der [...]

  • 14 mei 2011

    Alles is hjir krekt in bytsje oars as thús, ik sis ‘krekt in bytsje’, dat hâldt dus yn dat oant in wisse hichte in soad saken ek it selde binne. Jimme binne al wiidweidich ynformearre oer de ALDI, LIDL en in bulte oare supermerken, oeral hast identyk, mar hjir mei bgl. folle mear sjemfariaasjes…Maracuja-Banaan ensfh., en mear ferskate soarten bôle. In soad is al standert [...]

  • 14 mei 2011

    De diskusje oer it belang en de wearde fan kultuer wurdt hieltyd skraler, alteast binnen de rûnten fan it iepenbier bestjoer. In wat ûnbetocht ferlangen nei direkte aksje hat it ek hjir – krekt as yn de polityk – wûn fan tsjinspraak en refleksje. De provinsje Fryslân hat op dit stuit – troch it grutste part fan de jildlike middels foar kultuer oer te heveljen [...]

  • 7 april 2011

    JAN FOLKERTS - Yn it jannewarisnûmer fan de Moanne skreau ik in artikel oer sosjale media yn ús provinsje en hoe’t it brûken fan Twitter, Facebook en oare sosjale media in ferriking en net in bedriging foar Fryslan foarmet.  Der is lykwols ien aspekt dat oant no ta net in protte omtinken hân hat: de ynfloed fan de sosjale media op ús taal. De sojale [...]

  • 7 april 2011

    Noch mar sân jier en dan is it safier. Nei Istanboel, Pécs en Essen yn 2010, Turku en Tallinn yn 2011 en stêden as Marseille en Riga sil Fryslân yn 2018 de kulturele haadstêd fan Europa wêze. Yn dat jier sil bliken dwaan dat de Nederlânske konkurrinten De Haach, Utert en Maastricht net tsjin de stêd Fryslân op koenen. Sis net dat Friezen net dreame [...]

  • 7 april 2011

    ERNST BRUINSMA - Yn 1997, yn ien fan myn alderearste bydragen oan Trotwaer, bespruts ik de bondel In fearnhûndert ferhalen fan Trinus Riemersma. Neffens my moasten dy ferhalen fral lêzen wurde as in soarte fan eksperimintearromte foar wat hy yn syn romans fierder útwurkje soe. Troch dy ferhalen waard dúdlik, sa skreau ik, hoe't alles úteinlik wol liede moast ta dy hiele bysûndere postmoderne roman [...]

  • 1 maart 2011

    MEINDERT TALMA -  By it lêzen fan it petear mei oersetter Klaas Bruinsma yn it foarige Moanne-nûmer gongen myn gedachten nei in saterdeimiddei yn it jier 1999. Ik siet achter in taffeltsje yn boekhandel Douma te Surhústerfean om myn debútroman te sinjearjen. Flak foar fiven, doe’t ik tocht, it hat wol moai west, stapte der in nuver mannelik duo op my ôf. De iene wie tige [...]