Vind ik leuk

Publisearre op 24 juni 2011

Henky Bongel. Sa neamden wy him froeger yn it doarp. It ferhaal gie dat er wolris op strjitte syn broek sakje liet, samar yn ’t foarbygean. Nimmen fan ús hie dat mei eigen eagen sjoen fansels, mar wy hienen as bern in goed byld fan wat der dan yn de iepenbiere oarder bongele, dus de bynamme wie samar fûn. Fûn ik leuk. En myn freonen ek.  It skeat my yn ‘t sin, doe’t ik myn profyl oanmakke op it romrofte Facebook. Namme ynfolje, bertedatum ensa, oft jo mantsje of wyfke binne. En doe moast ik kieze oft ik in finkje sette woe by de opsje ‘toon uw geslacht’. Ja duh, ik bin Henky Bongel net!

Filosofen, sosjologen, psychologen en publisisten hawwe it der smoardrok mei, mei dat Facebook. Wiidweidich wurdt der omeamele oer de útwurking dy’t de social media op minsken hawwe, wat de nije konvinsjes binne yn dizze firtuele mienskippen. As wie it in gloednij fenomeen. Fok of. Der is neat revolúsjonêrs oan dat hiele Facebook. It is niks oars as in doarp. Jo rinne it plein op en treffe dêr in pear aardige minsken dêr’t jo sa no en dan in koart praatsje mei hâlde. In inkelde kear komme jo yn de kunde mei nijsgjirrich folk. Ut en troch wurde jo ferrast mei aardige feitsjes of ferhaaltsjes, dy’t beslist in oanfolling binne op jo deistige dei. Fyn ik leuk, seit men dan mei in mûsklik.

Mar der binne fansels ek de ferfelende lju, dy’t it smoardrok hawwe mei snoad en snedich wêzen, en sûnder skamte tweintich berjochten deis achterlitte. Of dy’t ôfgryslik har bêst dogge om sjen te litten hoe yntelligent, belêzen en begaafd as se wol net binne: ‘Bin krekt opnij begûn yn Proust, yn it Frânsk fansels, en fyn it wer prachtich.’ It docht my tinken oan myn kennissen dêr’t ik yn de gong altyd in sjikane meitsje moat om it pronte plankje mei it Verzameld Werk fan Kafka te ûntwiken.

Dan binne der de ûndernimmers dy’t allinnich mar boadskippen oer har bedriuw ferkundigje: ‘Nije wike start myn kursus, der is noch plak.’ Da’s net oars as dy aardige man dy’t op strjitte altyd in smout praatsje makket, ear’t er achteleas falle lit dat er noch in moai hanneltsje foar my hat.

En dan hawwe jo noch de katogory ‘deistich libben’, minsken dy’t om it hoartsje witte litte dat se no op de bank sitte mei partnerlief, dat se hoopje jûn einlings werris CSI sjen te kinnen. Mei in lekker wyt wyntsje. Want se hawwe it hjoed wer och sa drok hân. Ja leave, sokke lju ha wy hjir yn’t echt ek – dy’t it altyd drok hawwe mei drok wêzen.

Der binne fan ’t soart dy’t omraak pronkje mei harren bern. ‘Juster hat ús Jesse de earste priis wûn op de foarlêskriich yn de klas!’ En ‘ús Ilse wol in sprekbeurt hâlde oer de Trojaanske Oarloch.’ By de bakker kom ik se ek wolris tsjin, de memmen dy’t har lûdop ôffreegje oft harren Max miskien heechbegaafd is. Ik wit it antwurd wol, want ik ken de mem.

En it sneue folk is fansels ek aktyf op Facebook, minsken dy’t út alle macht besykje freonen te finen en ‘vind ik leuk’jes garje as wienen it segeltsjes fan de kofje. En jûns pineholle, fansels. Dy ha wy thús ek, doarpsgenoaten dy’t fan gekkichheid net witte wat se betinke moatte om der tusken te kommen. Dêr helpe gjin seis rûntsjes bier op de merke tsjin.

En ja, dan hawwe wy noch de grutte silent majority. Swijers, dy’t wol in account hawwe, mar der net folle mei dogge. Minsken oan wa’t it Facebook-libben stil foarbygiet. Je hawwe der neat oan, kwa Facebookfreon, mar lêst ha jo der ek net fan. Fansels, it stie koartlyn ek wer yn de notulen fan ús Doarpsbelang: dat it hieltyd dreger wurdt om minsken te finen foar it ferieningslibben. Der waard trouwens ek warskôge foar in nije Henky Bongel.

Us doarp is the real Facebook. Rinne wy ek ris foarop. Vind ik leuk.

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]