Unbehaachlik

Publisearre op 14 mei 2011

De diskusje oer it belang en de wearde fan kultuer wurdt hieltyd skraler, alteast binnen de rûnten fan it iepenbier bestjoer. In wat ûnbetocht ferlangen nei direkte aksje hat it ek hjir – krekt as yn de polityk – wûn fan tsjinspraak en refleksje. De provinsje Fryslân hat op dit stuit – troch it grutste part fan de jildlike middels foar kultuer oer te heveljen nei Henk Keizer – mar kwealik (demokratyske) kontrôle oer it kultuerbelied. Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert skriuwt in nota oer kultuerbelied dy’t bol stiet fan begripen lykas gearwurking, effisjinsje en kultuerpartisipaasje (‘meer met minder’). En Halbe Zijlstra, ta einbeslút, de steatssiktaris foar kultuer dy’t it leafst oan de hân fan ministeriële besluten regeart, goaide begjin dit jier in kneppel ûnder de hinnen: ‘Kunst is voor de maatschappij. Als de maatschappij niet bereid is ernaartoe te gaan, is er iets fundamenteel verkeerd.’

Kulturele ynstellingen moatte yn heech tempo omboud wurde ta organisaasjes dy’t as primêr doel hawwe om kwantitatyf mjitbere produkten ôf te leverjen. Noch wolris immen kleien heard oer besunigingen? Ik hear en sjoch eins allinnich mar begripende en meilydsume blikken. Noch wolris immen in fjoerich pleit hâlden sjoen oer goed en kwea, oer wierheid en skientme, oer de condition humaine? Noch wolris in politikus of in bestjoerder sprekken heard oer it skeppen fan in geunstich klimaat wêryn’t keunstners ta folle bloei komme kinne?

Beliedsmakkers lykje wol murf slein te wêzen troch de gisel fan partisipaasje. De diskusje giet altyd en ivich oer jild en effisjinsje, noait oer wat kultuer berikke kin, wat kultuer te bieden hat oan in maatskippij dy’t stiet te skodzjen fan it Unbehagen, dy’t op syk is nei in Grut Ferhaal, dy’t raast om in nije hoarizon. Kultuer en by útwreiding kultuerbelied giet net oer in syktocht nei identiteit, lit him net fange yn begripen lykas partisipaasje, mar moat besykje it ûnbehaachlik-wêzen yn de maatskippij te analysearjen en oan keunstners de gelegenheid jaan – opbouwend of ôfbrekkend- harren dearnis en ferskuord-wêzen te ferbyldzjen.

Ernst Bruinsma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]