Myn nije libben yn Berlyn

Alles is hjir krekt in bytsje oars as thús, ik sis ‘krekt in bytsje’, dat hâldt dus yn dat oant in wisse hichte in soad saken ek it selde binne. Jimme binne al wiidweidich ynformearre oer de ALDI, LIDL en in bulte oare supermerken, oeral hast identyk, mar hjir mei bgl. folle mear sjemfariaasjes…Maracuja-Banaan ensfh., en mear ferskate soarten bôle. In soad is al standert Bio hjirre, soerdaai, lynsied . . .

Dat witte jimme sa stadich oan wolris in kear, nee, it is nijsgjirriger om de ferskillen yn it deistich libben fêst te lizzen. Wat sis ik no? It is gewoan nijsgjirrich om minsken fêst te lizzen, as bin ik, yn eigen persoan, de kamera. . . Gewoanwei in ein fuort registrearje. Allinne bin ik net in kamera. Men kin dan wol fine dat in ôfbylding gauris mear seit as tûzen wurde, mar dat is noch de fraach. Minsken dy’t my in bytsje folgje, bygelyks op Facebook, sille har ôffreegje . . .hoe sit dat dan? Dy Feddema dy goait ús tsientallen plaatsjes en filmkes foar de eagen, wêrom moat dat no sa nedich?

Yllustraasje, minsken. . . in sketsboek foar de geast en it ûnthâld. Guon saken kin ik nammers net op byld sette mar se binne wol bylden yn myn holle, dy bylden geane troch de grutte souwe en komme der dan, as it goed is en ik der wat mei kin, as taal wer út. Sa, no witte jimme ek wat fan myn wurkwize, faaks miskien wol goed foar in better begryp fan datjinge dêr’t ik mei oansetten kom, no en yn ’e takomst. Jo meitsje observaasjes en tinke dêr fuort poëtyske, fergeastlike spjeldepripkes by. Marina Tsvetaeva hat der in fraaie foarm foar fûn yn har deiboekproaza (ferskynd by de Bezige Bij yn 2000 ûnder de titel: Ik loop over sterren). It deistich libben oanfalle mei poëtysk proaza, dan krijt alles deselde yntinsivens.

Dit wie de ynlieding, minsken en as jimme noch net yn sliep fallen binne komt no de rest noch. Ik sjoch in ûnfoarstelber soad op in dei, en je sjogge it allinne mar as je der each foar en niget oan hawwe. Jo soenen sizze kinne dat ik by alle yndrukken dy’t ik opdoch wer op ’e nij út ’e ferpakking kom . . . út ’e taart fan’e geast spring, ynhierd troch in hegere macht, sa farsk as it mar kin. Hjir yn Berlin binne der in protte dakleazen dy’t û.o. lykas by ús, krantsjes ferkeapje. Wy hawwe de Ripe en hjir hjit it Strassenfeger.

De Obdachlosen lykas de minsken yn Dútslân neamd wurde, sutelje oeral om yn ’e stêd, sa ek yn ’e metro, de U-Bahn. Wol gauris komt der ien in metrostel yn dy’t ôfrint as in wekker, ik ha gjin jild en ik woe graach wat te iten keapje, ik wol graach earne in sliepplakje fine en ik winskje jimme noch in goeie reis, goed wykein ensfh. Ik bin dêr hiel gefoelich foar mar je kinne no ien kear net hieltyd in krantsje keapje, ik jou wol gauris in pear sinten, dy krije jo hjir by alle supermerken en winkels noch werom. Dat liket net in soad mar dan kin ik teminsten altyd wat jaan.

Okkerdeis siet ik yn’e metro op wei nei de Alexanderplatz, koartwei Allex neamd troch de echte Berliners, doe’t in âldere, lange man ynstapte. Hy hie in huodsje op, siet kreas yn’e klean en bleau efkes stean om him fêst te hâlden, om’t de metro nochal rûch oplûkt. Ik toch dat hy net sitte woe, wol mear minsken gean net sitten om’t se mar ien of twa stasjons meiride, dêrom sloech ik fierders gjin acht op him. Mar ynienen sette hy him yn beweging . . . faaks is beweging it wurd net.

Trêdzjen wie it, de man rûn steatlik en foarnaam, ek al hâlde hy him fêst om net om te fallen yn’e ridende wagon. Dy hear behâlde al syn weardichheid en sei neat, mar hâlde de Strassenfeger-krantsjes as attributen fan in hillige foar him op bûkhichte. Ik wie sa ferbjustere en betsjoend troch it tafriel dat ik fan ’e skrik net in krantsje kocht ha, hy wie no júst wol in man dêr’t je in krantsje fan keapje soenen, ik hoopje dat ik dat meikoarten goedmeitsje kin. Der sil grif wol in boek mei de man syn ferhalen te foljen wêze en fan’e oare Obdachlosen ek wol tinkt my, mar ik hoech dat allegearre net te witten, sa no en dan in krantsje keapje of in pear sinten jaan, de muzikanten binne der ek noch, is foarearst mear as genôch.

De heimsinnige flessesamlers,no en dan yn Gucci pakken, moatte ek net fergetten wurde. Se sammelje lege flessen om it staasjejild, dat sit hjir sels op blikjes en dêroer sil ik de oare kear in reportaazje, lês in wiidweidich ferslach meitsje, mei de foto’s der los by levere, op www.demoanne.nl.

Anne Feddema

Comments
Ien reaksje oan “Myn nije libben yn Berlyn”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.