Leafdefol?

Lestendeis wie ik by de iepening fan de tentoanstelling fan fotografe Trynsje Nauta yn it Fries Museum. Yn ‘De zee roept’ hat se leafdefolle portretten makke fan learlingen op de Seefeartskoalle, mar fassinearjender is miskien noch wol dat se portretten makke hat fan de see, troch it keamersrút fan elk fan dy learlingen. Elke learling hat op dy wize in dûbelportret krigen. Tryntsje Nauta hie der oer ferteld op de jongste Moannejûn en ik wie eins wol fassinearre rekke troch har bysûndere, poëtyske eye. Oars soe ik ek net sa gau op in sneintemiddei nei Ljouwert ride. Tryntsje is yn myn eagen in geweldich grut talint. Wol spitich dat yn it rom in oere duorjende presintaasje op hast gjin inkelde wize omtinken jûn waard oan de ynterpretaasje fan de foto’s en de flier fral frijmakke waard foar singer-songwriter Meindert Talma, de Seefeartskoalle op Skylge en wat âlde freonen fan in konservator. En Nauta moat in folgjende kear – at it Fries Museum har dan noch betelje kin – mear romte opeaskje foar de foto’s. Der hinget nei myn smaak te folle, te ticht op elkoar. Dat is spitigernôch ek in manko yn it boek dat by de útstalling ferskynd is, foarmjûn troch Jelle Post. It is werklik in hiel moai boekje, mei cd fan Talma, mar de foto’s komme hielendal net ta harren rjocht. Gean, foardat Tryntsje Nauta nei Berlyn fertrekt en yn de earmen fan Anne Feddema falt, fluch dy foto’s besjen oan de Twibaksmerke want Nauta set de finsters werklik iepen nei de wrâld.

*

Yn in koarte ynlieding by de earste printinge fan Leafdedea fan Homme Eernstma, skriuwt de auteur: ‘Ta de lêzer: yn wêzen is dizze roman wiswier net nij. It is suver neat oars as in fannijs biarbeide en forbettere útjefte fan de roman “Homo Ludens” fan Johan Huizinga, syn uxor carissima taeigene’. Gjin plagiaat dus, mar aemulatio, om yn termen fan de renêssânse te sprekken. Yn de Nije Biblioteek is in nije edysje fan dit boek opnaam. Derfoar is de earste druk as útgongspunt brûkt en net de twadde, troch de auteur autorisearre edysje (ultima manus). Foar in wittenskiplik tekstediteur lykas ik binne dit projekten om jin de fingers by ôf te slikjen want neist de earste twa edysjes (1963, 1994) is no yn feite in tredde edysje (2011) op tafel kaam, mei in tekst dy’t de auteur noait sjoen hat. Gelokkich binne de tekstyngrepen wol ferantwurde troch de editeurs. Fan it hearlike boekje bestean ek noch Frânske en Nederlânske oersettingen, troch de auteur fersoarge. In oare Frânske oersetting (in bewurking?) is makke troch Agnes Caers en ferskynd by Actes Sud. De Nederlânske oersetting is bewurke troch Jan Mysjkin mar wachtet noch op publikaasje. Yn dy edysjes is dus sprake fan noch wer in oare tekst. De skriuwer sels hat boppedat by it oersetten stikken tekst fuortlitten en ek in alternatyf slot oan it boek breide. As oanheakke is dat slot no oan dizze nije Frysktalige edysje opnaam. Freaks lykas ik, moatte dus de trije edysjes neist elkoar brûken bliuwe en soenen eins witte wolle wat krekt mei de oersettingen fan Eernstma bard is. Bliuwt oerein dat Leafdedea ien fan de boartlikste, wichtichste surrealistyske hichtepunten út de Fryske literatuer wie, is en bliuwt.

*
Yn syn boek De Plaag (Het stille knagen van schrijvers, termieten en Zuid-Afrika) út 2001 skriuwt de Flaamske histoarikus en skriuwer David van Reybrouck oer in fassinearjend gefal fan plagiaat. De Belgyske Nobelpriiswinner Maurice Maeterlinck soe syn boek oer termiten foar in grut part ûntliend hawwe oan it wurk fan de Súdafrikaanske skriuwer Eugene Marais. Yn dizze fassinearjende syktocht nei de wierheid achter dit ferhaal – in ferrassende kombinaasje fan sjoernalistyk en wittenskip – seit de skriuwer: ‘Plagiaat, dat is toch nog een stap verder dan wetenschappelijk geen gehoor vinden. Dat is zoveel waardering voor je werk krijgen dat men het je niet meer gunt’. En dat brocht my op de fraach: binne der yn de skiednis fan de Fryske literatuer ek nijsgjirrige gefallen fan plagiaat bekend? Dat soe ús literatuer pas echt nijsgjirrich meitsje.

Ernst Bruinsma

Comments
Ien reaksje oan “Leafdefol?”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.