Saved by the Bill

Noch eefkes, dan klinkt it heechheaze lûd fan Bill Clinton fier yn it Frysk yn ’t rûn. Yn Achlum sil de man sprekke oer de steat en de takomst fan ús lân. Ja, dan moatte jo krekt by ús wêze. As hy wat oanavesearret mei syn praatsje, kin er miskien noch wat om him hinne sjen, de rest fan de dei. Wa wit sit der noch in besite yn oan in moaie merke yn de omkriten – it is ommers de tiid fan de doarpsfeesten. Yn Hopsum is it kampioenskip skûtsjesjouwen, yn Gatswert binne se oan it bierljeppen. Ach, rûnom yn de provinsje tilt it op fan de aktiviteiten dy’t de steat en takomst fan ús lân treflik temperatuerje. En de omrop makket dêr dan prachtige reportaazjes oer, want it is wer ‘Slimmer yn Fryslân’.

En dochs kinne wy it: foaroprinne yn it bepalen fan de takomst fan ús lân. As wy de organisator fan it grutte barren leauwe meie, begûn it fenomeen ‘fersekerjen’ yn 1811 yn Achlum. Da’s dan dochs in moai markearpunt yn de skiednis. En wy hawwe fansels ‘Broedertrouw’, yn 1889 it earste fakbûn fan lânarbeiders op It Bilt, yn in tiid dat Fryslân oan set wie by sosjale ûntwikkelings. Domela waard ommers in fenomeen fanwege syn wurk yn ús provinsje, syn nije beweging krige pas goed de gong deryn doe’t er hjir yn de feanterijen oan de slach gie. En Piter Jelles, en yn syn kylwetter mannen as Stienstra, Nawijn en Van Zinderen Bakker, hawwe in grut stimpel set op de steat en de takomst fan ús lân, dik hûndert jier ferlyn. Fryslân foarop!

It bart fansels faker dat de grutte revolúsjes begjinne yn de perifery fan in lân. Ferjit de haadstêd. Tink oan Benghazi, oan Saraa yn Syrië. 1989: net Warschau, Berlyn en Boekarest wienen de stêden dêr’t it feest begûn, mar Gdansk, Leipzig en Timisoara. Fidel en Che starten net yn Havana, mar oan de kust. En ea begûn dat wat wy yn ús Vaderlandsche Geschiedenis ‘De Opstand’ neame, mei de Slach by Heiligerlee.

It kin dus wol, grutte omkearen dy’t oan de râne fan in lân begjinne. Miskien is it sels alwer oan de gong, yn ferskate Europeeske regio’s. Yn Baden-Württemberg hat links de slach wûn; by Frânske regionale ferkiezings itselde ferhaal.

En wy, wy hawwe it kabinet-Konst! Nei jierren ha wy wer in man oan it bewâld mei beskieden-reade nêsthierren. It konstsinnich briltsje-burdsje draacht in wiis boadskip út: idealisme mei wer!
Mar foar in echte revolúsje is mear nedich. In goed ferhaal. Moaie wurden. Prachtige taspraken. I have a dream! Hasta la victoria siempre! Wir sind das Volk! Liberté, egalité, fraternité!  En dêr binne wy net goed yn. ‘Bêst genôch’ is de kreet dy’t wy it leafst hearre, of sinnen mei ‘boppe’ en ‘groppe’ deryn. Mar dat sjit net op fansels. Ha wy nei Piter Jelles noch wol in goeie demagooch yn hûs hân? Sprekkers moatte wy ha!

Bill Clinton. De man hie dat luzige lietsje fan Fleetwood Mac útkeazen as kampanjeliet, mar wûn dochs mei oermacht de ferkiezings fan 1993. Omdat er sa ynnimmend en meislepend prate koe. Yn de bêste Amerikaanske tradysje fan Kennedy, Reagan en no Obama. Minsken dy’t it sá witte te sizzen dat elk der entûsjast, hoopfol en optimistysk fan wurdt. Yes, we can!  It is te flau om Bill ‘I am a Stânfrisian’ útsprekke te litten, mar kinne wy net wat foar de man betinke? In slogan dy’t ús as in toverstokje oanrekket en wekker tutet? Dy’t ús manmachtich yn ekstaze bringt, dy’t ús massaal yn beweging set en it fjoer fan de feroaring yn ús oanstekt en oanboazje lit? Sadat Konst de wyn sa moai yn it seil kriget dat er him net iens mear ynpakke litte doart troch de neocons?

No, we can’t. Want wy binne Friezen. Net te mâl, graach. Clinton sil it sels betinke moatte. Hy moat syn eigen wurden kieze, syn eigen toan sette. Net tinke oan ringstekken en eameljen, oan it kampioenskip foktearen of krinkjespuien. The Frisian Dream. Net te bot om dy hinne sjen, Bill! Doch it yn dyn eigen styl, harkje nei dyn eigen siel en sprek mei dyn eigen stim. En nim ús mei nei dy oare wrâld, dy’t wy net kenne: de takomst. Mei perspektyf, mei optimisme, mei idealen. Go for it, Bill!

Bart Kingma

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.