Trinus Riemersma

ERNST BRUINSMA –

Yn 1997, yn ien fan myn alderearste bydragen oan Trotwaer, bespruts ik de bondel In fearnhûndert ferhalen fan Trinus Riemersma. Neffens my moasten dy ferhalen fral lêzen wurde as in soarte fan eksperimintearromte foar wat hy yn syn romans fierder útwurkje soe. Troch dy ferhalen waard dúdlik, sa skreau ik, hoe’t alles úteinlik wol liede moast ta dy hiele bysûndere postmoderne roman De Reade Bwarre: ‘Noait koene mear as twa rigels oer Riemersma skreaun wurde of Fabryk (1964) moast neamd wurde. Dy tiid is foarby: Riemersma sil de folgjende ieu yngean as de auteur fan twa romans fan kwizekwânsje…’. Hy hat it my en fral myn eigenwize sizzen dêrnei noch knap dreech makke mei de treflike romans Nei de klap (1999) en Sinleas geweld (2000), skreau en bondele ek noch yn dizze ieu in stikmannich goeie boeken, mar stadichoan groeide lykwols – yn it foarste plak by himsels – it besef dat hy útskreaun wie. Foar it heechweardige literêre wurk kamen de prachtige kollums yn de Ljouwerter Krante yn it plak. In rige dy’t hy, op de fan him bekende dissiplinearre wize, oan de ein ta folholden hat. Ta in grutte roman soenen dy ferhaaltsjes net mear liede, al mei ik hoopje dat der noch in moaie blomlêzing fan makke wurde sil.

De begraffenis fan Trinus Riemersma wie in yndrukwekkend barren. Om net te sizzen in histoarysk momint. Ik sil noait ferjitte hoe’t syn sân bern him sakje lieten op it hôf fan it tsjerkje fan Wyns. De wyn gie heech troch de beammen, de kjeld wie krekt net noflik en trije manlju mei gitaar, akkordeon en fioele hienen niis in prachtich Jiddysk ferske songen oer de lêste reis dy’t in man gean moast, sûnder bern, sûnder frou, sûnder freonen. De omstanners lutsen de holle tusken de skouders, of seagen strak nei de fierte. By Wyns leit de kym gelokkich hiel fier fuort. Ik seach hoe’t de fioelspiler hoeden in snaar op de kiste lei. Stadichoan draaiden de minsken harren fan it grêf ôf en rûnen nei ûnderen foar in slokje. Tichtby lei in pontsje dat, at de beammen bloeie, minsken oerset en no doelleas foar de wâl dreau.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.