Publisearre op maandag, 23 juni 2014
KLAAS KOOPMANS – Ik krige fan de redaksje in e-mail, en de titel wie ‘Kollum’. Ik tocht, wat moat ik dêr? Mar it die bliken dat se wol in stikje fan my ha woenen. Ik sei ta, se wolle it blêd de Moanne fansels fol ha, noch ien krantsje minder yn it jier en de […]
Publisearre op donderdag, 19 juni 2014
KAREN BIES – As jo ris ûnbehindere seks ha wolle yn in kelder, gean dan nei de nije parkeargaraazje Riedhúsplein yn Drachten. Dêr hat men alle romte en rêst dy’t men mar nedich hat, want it is dêr leech en fredich. It iennichste spannende wat dêr gebeurt is dat der alle oeren in klant fan […]
Publisearre op donderdag, 12 juni 2014
Achte frou Koster, Wat binne it wer hearlike dagen om troch de stêd te swalkjen, fine jo ek net? Al dy terraskes, al dy parken en pleinen. Fol mei jonge minsken dy’t laitsje, drinke, moai sitte te wêzen, diskussearje, fantasearje, testosteronnisearje. De stêd is mei dit waar fan de jongeren. Moai, want dêr wurdt in […]
Publisearre op zondag, 1 juni 2014
KAREN BIES – Syn eagen litte my net los. Troch de traaljes sjocht er my oan: ‘Wat haw ik ferkeard dien dat ik hjir sitte moat? Ik wurd gek hjir, fan dat lytse kefferke links en dy lulke rotsak rjochts. Doch de doar iepen en nim my mei.’ In smekende, mar tagelyk berêstende blik. Us […]
Publisearre op woensdag, 28 mei 2014
Achte hear Wieling, In groepke kollega’s hie him om de televyzje hinne sammele en stie yn folle konsintraasje te sjen, justermiddei in oere as fiif. Ik rûn der op ta. Sjoernalisten, dus der soe wol wat wichtichs oan de hân wêze. Dat wie ek sa. Quintana plege in coup. Uran waard út it rôze riden. […]
Publisearre op dinsdag, 20 mei 2014
JAAP KROL – Ik bin heechoplaat. Om mei te kletsen op buorrels en aktyf oan namedropping te dwaan, lês ik De Groene Amsterdammer, it fakblêd foar kultuerpessimisten, pro-Europeanen en banklizzers. Ferline wike krige ik nûmer 19 yn ’e bus. Dêr siet in toeristyske bylage by oer de stêd Grins en de Ommelannen. Titel fan de […]
Publisearre op maandag, 12 mei 2014
Achte hear Winsemius, In jier as fiif sil se west hawwe, ús dochter, dus it is al eefkes lyn. Mar it wie sa’n momint dat je as âlder noait wer ferjitte. Se siet by my achterop, in soel kuoltsje hienen wy yn de rêch. It fjild bloeide sa’t allinnich it boulân dat dwaan kin op […]
Publisearre op maandag, 28 april 2014
Achte hear Vernooij, Fol yn it gesicht rekke se my, mei de flakke hân. De earen sûzen my deroer. As in tuorre stie se foar my oer – de mem fan in freontsje. Hy hie de earste wammes al te pakken hân, doe’t er tajoech dat wy yndied in famke pesten hienen. Echte pestkoppen wienen wy alhiel […]
Publisearre op zaterdag, 26 april 2014
KAREN BIES – Op keningsdei, de dei dat elk syn bern mei âlde rotsoai en in kleedsje oan de dyk set yn de hoop der in tsientsje oan te fertsjinjen, ferkocht ik myn boekekast. Net op strjitte, mar op ynternet. Ik woe ‘m kwyt want hy wie sa grut en naam tefolle ljocht wei, tocht ik. […]
Publisearre op dinsdag, 22 april 2014
Bêste Marco, De stim fan Tsjêbbe Hettinga weaget troch de seal as in tsjerkeklok troch in rûzige nacht, mar fierder kin de foarstelling Faderpaard dy’t ik jûn op tv sjoch, my net altefolle boeie. It sjocht der moai út, dêr net fan, mar wat dizze gearstalling fan lietsjes, acts en optochten my no krekt fertelle […]