Praatpeal

Publisearre op 6 oktober 2014

KAREN BIES –  

De griene telefoansel is al fuort, de read-oranje brievebus hast. En no ferdwynt de giele praatpeal, uterlik yn 2017. Minister Schultz sjocht it nut der net mear fan yn, omdat elkenien in mobile telefoan by him hat en auto’s in ynboud alarmsysteem.

’t Is wier, it is lang lyn dat ik in pechfûgel lâns de sneldyk by sa’n praatpeal stean seach. It is noch folle langer lyn dat ik der sels stie, wol fyftjin jier tink ik. Myn earste auto wie in Opel Kadett mei in choke. Hy sloech faak ôf. Ek in kear foar in stopljocht yn Ljouwert. Ik yn panyk achter it stjoer, de choke iepen én mar gas jaan. De sjauffeur achter my hie al gau syn nocht en en kaam mei grutte stappen op my ôf: ‘Weet u wel dat uw auto stinkt as een murd!’

Yn elke buorren sette wy in praatpeal del en mei glêsfezelkabel lizze wy in netwurk oan. Ik sjoch ferbinings, ik hear ‘mienskip’, ik rûk subsydzje fan Kulturele Haadstêd 2018…

Uteinlik haw ik dy kloate-Kadett fersûpt mei al dat choken. Mar yn dy tiid hie ik dus geregeld kontakt mei de Wegenwacht. Fia de praatpeal, ûnder de motorkap en yn de garaazje. Fantastyske keardels trouwens, allegear. Ik ha faak kofje mei se dronken. Logysk dat it ôfskaffen fan dy praatpeallen my wat mankelyk makket. Ik freegje my ôf: wat gebeurt dêrmei?

En no haw ik in idee. Der binne 3.323 praatpeallen yn Nederlân. En 419 doarpen en stêden yn Fryslân. Kinne wy net 419 fan dy peallen konfiskearje?

Yn elke buorren sette wy in praatpeal del en mei glêsfezelkabel lizze wy in netwurk oan. De sintrale komt yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Sadat elkenien dy’t in fraach hat, of in idee, of ferlet fan in gesprek, kontakt lizze kin mei de sintrale en foaral, mei elkoar! Ik sjoch ferbinings, ik hear ‘mienskip’, ik rûk subsydzje fan Kulturele Haadstêd 2018… Nee hear, dit hoecht gjin jild te kostjen, dy praatpeallen pleatse wy sels wol. En de provinsje is ommers al lang dwaande mei it oanlizzen fan glêsfezel op it Fryske plattelân, de ieren en sinen fan ús ekonomy.

It liket my sa moai. Elk doarp in praatpeal, op it doarpsplein, of by de Spar, of gewoan oan de kant fan de dyk. Knalgiel, as in titelroas yn in sleatswal. En ast deryn begjinst te praten, krijst altyd antwurd. In ferrassing wa’t it is, mar noait ferkeard ferbûn.

Ien ding: hoe krije we 419 fan dy dingen te pakken? De ANWB belje? Miskien wurkje se der noch, de Wegenwachters dy’t myn Opel Kadett withoefaak fan de dyk treaun hawwe.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]