fotografy: Andrys Stienstra

Us Jeen

BOUKE VAN DER HEM – 

Grins, 8 oktober 2014

 

Us Jeen is hjoed ferstoarn, by libben al in leginde en dat sil er mei rjocht bliuwe, mar no dan de deade leginde Jeen van den Berg.

Hy brocht it ta twa Olympic Games en ferskate lange baan-kampioenskippen. Mar mei syn kondysje – keppele oan in foaral foar natueriis uterst effektive prikslach – en fierders mei syn driuw en imago koe er fierhinne it byld bepale fan net allinnich dy iene alvestêdetocht dy’t er wûn, mar ek fan de twa dy’t dêrnei kamen.

Persoanlik ûnthâld ik noch it leafst de master Van den Berg dy’t op einleaze sneinske busreizen nei de iennige keunstiisbaan yn ‘e omkriten, dy fan Deventer, oprjocht belangstellend ynformearre nei it boek dat ik foar skoalle lêze moast.

En toch altyd en oeral sa’n aimabel minske bleaun, ik hear it mastodont Mart Smeets fannejûn ponearen by De Wereld Draait Door: “Een prachtmens, alles aan die man was recht door zee, eerlijk, want z’n dogma was ‘doch mar gewoan’, ik ben zó blij dat ik die man heb mogen kennen!”

Sju, dêr giet it te fier. En it is koartsichtich, allinnich al omdat gewoane en alderaardichste minsken gjin kampioen wurde. Jo moatte by de gelegenheid in dwerstroch-alles-hinne-batsende smjunt wêze om op it heechste trepke fan it earepoadium te kommen. Mar it publyk en benammen de televyzje sjocht leaver dat de winner tagelyks in mister nice guy is; sa rint it lykwols yn de hjitte fan ‘e striid net, dus is dat falske romantyk.

As út de sturt fan it maratonpeloton wei, soe ik noch ferslach dwaan kinne fan de streken dy’t ûnderweis nei it poadiumplak úthelle waarden, seker ek troch him. Mar ik doch soks hjir no net. (Earder, de Moanne 2005-nr. 4, yn ‘Sport bûten byld’ besocht ik soks wat breder te besjen, mei foarbylden.)

Mei in oare ynstelling as dy fan de ultime driuw om te winnen, komt de grutte gloarje der ommers noait; en dat jildt likegoed foar de mannen op de legere trepkes.

Persoanlik ûnthâld ik noch it leafst de master Van den Berg dy’t op einleaze sneinske busreizen nei de iennige keunstiisbaan yn ‘e omkriten, dy fan Deventer, oprjocht belangstellend ynformearre nei it boek dat ik foar skoalle lêze moast.

Syn rêst no, dat hat er rju fertsjinne.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.