Gjin sin

Achte hear Samsom,

Miskien is it de leeftyd. Jo en ik binne suver like âld en ik ha der ek wolris lêst fan. Dat ik der eefkes gjin sin mear yn ha. Gjin nocht mear oan geseur, oan geëamel en gekanker. Soms is it better om it negativisme mar eefkes te mijen. Dus dat jo de lêste tiid drege gesprekken mei ûntefreden kiezers út de wei gienen, kin ‘k wol ynkomme. Moai dat jo derby fertelle dat dy persoanlike krisis trouwens alwer achter de rêch is en dat de motivaasje om der wer fol yn te kleunen wer hielendal werom is. Hielendal mei it each op de desintralisaasjes dy’t deroan sitte te kommen, sizze jo.

De provinsjale polityk hat lêst fan in Samsom-momintsje, al tsientallen jierren lang. We soenen wol wat fûler debat brûke kinne.

Sjoch, dat stimt in minske hoopfol. In lanlike politike partij dy’t der nocht oan hat om de legere oerheden op te skerpjen. Dat kinne we wol brûke hjir. Want der falt genôch te regearjen troch de provinsje. Underwerpen by ’t soad dêr’t we foar wichtige besluten stean: enerzjy, lânbou, soarch. Wat dogge we ûnder de grûn, hoe komt it mei taal, kultuer, media, natuer. Lytse doarpen, lytse skoallen, leechrin. Ynnovaasje, ynfrastruktuer. En dan is de list mei tema’s noch lang net kompleet.

Jawis, der wurdt mei ynmoed en niget oan wurke. Tenminste, dat meie we oannimme. Ik sei al: gjin nocht oan gekanker en negativisme, dus ik gean der fanút dat amtners, deputearren, steateleden, harren allegear omraak ynspanne om it it bêste foar it bêste lân fan d’ ierde foar elkoar te krijen.

En ja, we sjogge se wolris op de Omrop, of yn de krante: de Konsten, Jannewietskes, Poepjeses. Aardige minsken, dy’t it sa goed mooglik besykje út te lizzen allegear. Moai. En der binne noch fraksjefoarsitters dy’t ek wolris in poging dogge dertroch te kommen, mar wat se dan krekt sizze wit ik net. Meastal skat ik oan de hân fan de klean in bytsje yn fan hokker partij ’t se binne.

Sa giet soks yn de provinsje. Net te mâl. Eefkes gjin sin, sa liket it. Gjin sin yn it betinken fan echte vizy’s, yn it sykjen fan de grutte tsjinstellings, yn it formulearjen fan hege idealen. Gjin sin yn echte diskusje mei de minsken, yn konflikten tusken sosjaal en liberaal, tusken godfruchtigen en goddeleazen, tusken ryk en earm, boer en boarger, jong en âld. De provinsjale polityk hat lêst fan in Samsom-momintsje, al tsientallen jierren lang.

Noch mar in pear moannen, dan meie we ús demokratysk stimrjocht wer útoefenje op Twibaksmerk-nivo. It soe no brûzje en siede kinne tusken de partijen. Mar útsein in maklik frysknasjonaal njet tsjin wynmûnen spat it fjoer der noch net echt fanôf, sis mar. It ferskil tusken de partijen is krekt as de húskes fan Esonstêd: in oar omklaaisel, mar fan binnen allegear krekt itselde.

We soenen wol wat fûler debat brûke kinne, hjir. Lju dy’t de boel op skerp sette kinne, dy’t hâlde fan it politisearjen fan maatskiplike ûnderwerpen. Skerp fan geast en rap mei de mûle. Genôch te dwaan. Seker foar minsken as jo, dy’t mei jeugdige idealen it Ljouwerter gymnasium ferlieten. Us regio soe in moaie proeftún wêze kinne sok idealisme werom te bringen, mei nije ideeën, nije striid. Mooglikheden genôch om dit plattelân foarop rinne te litten yn it oplossen fan moderne maatskiplike fraachstikken. Mei syn lytsskaligens en belutsen ynwenners in gouden kâns om trendsettend te wêzen.

Dus as jo noch wat nije ynspiraasje sykje… alwer sin?

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.