Wurgensklachten
Publisearre op 29 september 2014
HENK WOLF –
Der is wat nuvers mei it wurd sûnenssoarch. Dat wurd is in saneamde gearstalling, in ‘samenstelling’. Dat is in wurd dat bestiet út twa of mear oare wurden. Dat binne hjir fansels sûnens en soarch.
No is der yn it Frysk fanâlds wat nuvers mei wurden dy’t eingje op -ens. Jo kinne der gjin oare wurden mear achter plakke. Dat is net in regel dy’t yn boekjes stiet, nee, it taalgefoel fan de Friezen stie sokke wurden net ta. Oft dy regel noch bestiet, is in fraach dêr’t ik net fuort in antwurd op ha. Oan ‘e iene kant tink ik dat net in soad Friezen dy’t lêst hawwe fan wurgens, tsjin dokter sizze sille dat se wurgensklachten ha.
Soe it sa wêze dat formeel, skriftlik Frysk foar de oergrutte mearderheid fan de Friezen sa’n frjemde taal is, dêr’t it taalgefoel har yn ‘e steek lit?
Oan ‘e oare kant hoege jo mar efkes op it Internet te sykjen en de tsjinfoarbylden rûgelje jo temjitte. Omrop Fryslân hat it bygelyks oer feiligensplannen, in feiligensprojekt, feiligensynstruksjes, sûnensredenen, sûnenssintra, duorsumenskarmerk, duorsumensprojekt. By de Fryske Akademy kom ik meartaligensprojekt tsjin, op in site mei doarpsnijs leefberensprojekt en by It Nijs besibbensûndersyk.
Soe dat foar de skriuwers fan dy stikken no wier normaal klinke? Of soe it sa wêze dat formeel, skriftlik Frysk foar de oergrutte mearderheid fan de Friezen sa’n frjemde taal is, dêr’t it taalgefoel har yn ‘e steek lit? Dat lêste soe my net ferwûnderje. Yn dat gefal fertrouwe de skriuwers fan formele teksten net mear op har gefoel, mar begjinne se te redenearjen: it Nederlânske veiligheid is yn geef Frysk feiligens. En veiligheidsplannen binne dus feiligensplannen.
No kinne jo de útgong -ens meastal wol ferfange troch -heid en dan ha jo fuort materiaal foar folle natuerliker gearstallingen: feilichheidsplannen, duorsumheidsprojekt, leefberheidsprojekt. En as -heid ris net klinkt, bygelyks achter koarte wurdsjes lykas sûn en wurch, dan kinne jo faak wol útwike nei in omskriuwing sûnder gearstalling deryn en gewoan tsjin dokter sizze dat jo “faak wurch” binne en wiis binne mei de goede “medyske soarch” yn Nederlân.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Kollum
BOUKE VAN DER HEM - In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]
Kategory: Kollum
BOUKE VAN DER HEM Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]
Kategory: Dossier,Frysk yn it ûnderwiis,Taal,Ynterview
WYBRICH BAKKER - It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke [...]