Publisearre op maandag, 28 april 2014
Achte hear Vernooij, Fol yn it gesicht rekke se my, mei de flakke hân. De earen sûzen my deroer. As in tuorre stie se foar my oer – de mem fan in freontsje. Hy hie de earste wammes al te pakken hân, doe’t er tajoech dat wy yndied in famke pesten hienen. Echte pestkoppen wienen wy alhiel […]
Publisearre op zaterdag, 26 april 2014
KAREN BIES – Op keningsdei, de dei dat elk syn bern mei âlde rotsoai en in kleedsje oan de dyk set yn de hoop der in tsientsje oan te fertsjinjen, ferkocht ik myn boekekast. Net op strjitte, mar op ynternet. Ik woe ‘m kwyt want hy wie sa grut en naam tefolle ljocht wei, tocht ik. […]
Publisearre op dinsdag, 22 april 2014
Bêste Marco, De stim fan Tsjêbbe Hettinga weaget troch de seal as in tsjerkeklok troch in rûzige nacht, mar fierder kin de foarstelling Faderpaard dy’t ik jûn op tv sjoch, my net altefolle boeie. It sjocht der moai út, dêr net fan, mar wat dizze gearstalling fan lietsjes, acts en optochten my no krekt fertelle […]
Publisearre op maandag, 31 maart 2014
Bêste Volkert, Kensto Willem noch, fan de earste tv-searje Big Brother? Witst wol, dy keardel dy’t it ta de ein skopte yn dat hûs, mar doe mei ien domme aksje – ik leau dat er syn kompanen Ruud en Bart in pear sinten tasei as hy winne soe – alle sympaty ferlear en as in […]
Publisearre op maandag, 17 maart 2014
Achte hear Hogenhout, Op de foto is it net hiel dúdlik te sjen, mar it sil grif in aardich fleske wyn wêze dat de CdK jo oanbiedt, tegearre mei de lokwinsken mei jo nije baan as Sjef Ferkeap fan ús provinsje. Jo sille net allinnich de rekreaasje, mar ek it wen- en wurkklimaat en Kulturele […]
Publisearre op zaterdag, 15 maart 2014
KAREN BIES – De kachel baarnt en der hinget in swiere lucht fan opdroegjende klean. Ik hear it tikjen op in toetseboerd, it flústerjen fan bern, de hege stim fan de frou fan de ynformaasjebaly. Fierders is it rêstich. Ik sjoch om my hinne. Dit is ien fan de bibleteken dy’t skielk sluten wurde fanwege […]
Publisearre op maandag, 3 maart 2014
Achte leden fan It Fryske Gea, Net de triennen fan reedriders en har folgers, net de triennen fan de dochter fan de mem dy’t wol fan de flat sprong, net de triennen fan dy earme sielen yn Oekraïne, op De Krim, of dy stumpers yn Syrië. Nee, it wienen de triennen fan boer Thom de […]
Publisearre op maandag, 24 februari 2014
KAREN BIES – Wat soe ik graach goed hantwurkje kinne. Sels klean meitsje en mysels rêde yn tiden fan krisis. De naaimasine betsjinje as wie ’t in auto, gewoan de foet op it pedaal en gasjaan mar. Sokken breidzje, dat ik fan myn beppe leard ha en myn eigen dochter foardwaan soe, sadat dat ambacht, […]
Publisearre op maandag, 10 februari 2014
Achte frou Kramers, In dosint, in horekaman, in boer, in ûndernimmer, in akkountant en ik. Mei syn seizen stean we alle wiken tusken de linen. En it giet echt net allinnich om it bier en bitterballen nei ôfrin. Wy binne bloedfanatyk; flokke, switte, laitsje omraak. Njonken technyk en spulynsjoch is it geheim fan volleybal om […]
Publisearre op maandag, 3 februari 2014
Achte hear Van der Snoek, Rioelsjoernalistyk! Wat sille jim raar guod spuid ha doe’t jim dit ferhaal liezen op de site fan Liwwadders.nl, oer jim útfanhuzerij op Lauswolt. Wylst it bedriuw dat jo liede moatte der alderberoerdst foar stiet. Aldergelokst waard jim ferwar der noch wol by set: dat dit foar jim it bêste plak […]