Dark side of De Moanne*
Gjin Mariah Carey. Gjin Bohemian Rhapsody. In progrock playlist foar desimber: DOMO ORIGATO – Yugh. Krystradio. Alle mooglike stjoerders skeakelje oer op nonstop krysthits, in einleaze werhelling fan Mariah Carey, Wham, Youp van ’t Hek — op it ritme fan slidebeltsjes, dat sels de meast fanatike smûkenspropagandisten de spui yn de wangen rint. Ut dy […]
Twa Mear As Gaiman en Pratchet!
Dyn boek sinjearje yn in boekhannel. Lange rigen foar in dis mei steapels fan dyn nije wurk, en do sitst dêr mei in lamme hân fan it krabbeljen. Sa kin it wol wer, seist nei in oere as wat, en dan nimt in assistint dy mei, in kliber folk bliuwt teloarsteld achter. De werklikheid is […]
Gedichten fan Mary Oliver (slot) : De Simmerdei
DE SIMMERDEI Wa hat de wrâld makke?Wa hat de swan makke, en de swarte bear?Wa hat de sprinkhoanne makke?Dizze sprinkhoanne, bedoel ik –dy’t út it gers tefoarskyn kaam is,dy’t sûker út myn hân yt,dy’t har kaken hinne en wer beweecht yn plak fan op en del –dy’t mei har grutte gearstalde eagen om har hinne […]
Gedichten fan Mary Oliver: Yn ‘e bosk sliepe
YN ‘E BOSK SLIEPE Ik tocht dat de ierdemy noch koe, senaam my sa leafdefol werom, hardonkere rokken skikkend, har bûsenfol koarstmossen en siedden. Ik sliepteas noait earder, in stienop it rivierbêd, neattusken my en it wite fjoer fan de stjerrenas myn tinzen, en se fladderenlicht as motten tusken de tûkenfan de perfekte beammen. De […]
Fan Minste nei Moaiste: Nazareth
Kennedy wie krekt presidint fan de USA doe’t fjouwer skoaljonges yn it Skotske Dunfermline in band oprjochten dy’t úteinlik Nazareth hjitte sil. Dit jier ferskynde it stevige Surviving the law, album nûmer 25. Nazareth komt op freed 16 desimber nei Ljouwert! Heech tiid om de diskografy te hifkjen. In ranglist fan de MINSTE nei de MOAISTE […]
Jiergong 21 // Nûmer 5 // Oktober 2022
haadredaksje Amarins Geveke einredaksje Tialda Hoogeveen redaksje Arjan Hut, Bert de Jong, Raymond Muller, Marleen Stoelwinder, Eelco Venema oan dizze edysje wurken mei Erik Betten, Sannemaj Betten, Jacco de Boer, Tsjerk Bottema, Joane Duarte, Onno Falkena, Dirk van Ginkel, Anne Graswinckel, Jacob Haagsma, Joël Hut, Martsje de Jong, Adwin de Kluyver, Jaap Krol, Johannes Lievens, […]
Gedichten fan Mary Oliver: In pear fragen dy’tst stelle kinne soest
IN PEAR FRAGEN DY’TST STELLE KINNE SOEST Is de siel taastber, as izer?Of is er tear en brekber, asde wjukken fan in mot yn de bek fan de ûle?Wa hat in siel en wa net?Ik bliuw mar om my hinne sjen.It gesicht fan de eland is like drôvichas it gesicht fan Jezus.De swan iepent har […]
Gedichten fan Mary Oliver: Wylde Guozzen
WYLDE GUOZZEN Hoechst net goed te wêzen.Hoechst gjin kilometers op dyn knibbelstroch de woestyn te rinnen út berou.Hoechst allinnich mar it sêfte wêzen fan dyn lichemhâlde te litten fan wat it leafhat.Fertel my oer dyn wanhoop, dan fertel ik dy oer dy fan my.Ûnderwilens draait de wrâld troch.Ûnderwilens lûke de sinne en de kristallen reindrippenoer […]
Jezus mei opskearde nekke
ARJAN HUT – De fraach gong oer jeugdsoarch. It antwurd fan it kandidaat-riedslid wie dat al dy psychyske problemen bern inkeld oanpraat binne. Der folge wat oer it grutte korona-komplot, dêrnei yn ien sike troch nei genderidentiteit. Hoefolle genders wiene der no al net, al dy letters, wol 74 ferskillende genders! Hy lake, achteryn klapten […]
Alle doarpen in tegelgedicht fan Tigchelaar
De ôfrûne dagen hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, fandêr de namme fan it projekt: Tegelpoëzy. It idee […]