fotografy: Gabrielle Terpstra

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard – Kulinêr en Kultureel

Hoe priuwt in sûkerpoes? Wy teste oft de hype terjochte is! Gesellich! 

Ek besykje wy in lekker gerjocht út it itensiedersboek fan Yvette van Boven en priuwe wy koeke mei moal fan de mûne yn Surhústerfean.

Dit allegearre wylst wy foarlêze út moaie boeken en spannende ferhalen. Under oaren Sido Martens oer bloedkoarsten en De Jonge, De Mol, De Foks en It Hynder, dat yn it Frysk oerset is troch Baukje Wytsma. Even neigenietsje ek fan Janneke Warringa har smûke konsert yn it kulinêre teäter Lewinski te Snits.

Ek steane wy stil by de poëzij foar de lytse Gysbert yn ‘e Bernemoanne en prate wy oer boeken, muzyk, films en âlderwetsk oer tillevyzjeprogramma’s. Hearlik hjerstich, harkje by it hurdfjoer of by de kachel …. Arjan pesjantele nei it Frysk boekefeest en is op alle foto’s dúdlik te sjen yn syn hjerstoranje trui. Dit, dat en folle mear!

© Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
foto dd 03-11-2023 Programma presentatie Kadoboek / Frysk Boekefeest. Met oa Bart Kingma en Anita Terpstra.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.