Tentoanstelling Hamstra, Hooghiemstra en Van der Donk

Snein 17 maart iepenet galery Hoogenbosch op de Gerdyk trije tentoanstellingen mei wurk fan Jochem Hamstra: ‘Dagen zonder Uren’, skilderijen. Tjibbe Hooghiemstra: ‘Berichten van Zee’, skilderijen en wurk op papier. En Jacomijn van der Donk: sieraden. De tentoanstelling rint fan 17 maart o/m 21 april. Iepeningstiden fan tongersdei o/m snein fan 13:30 – 17:30 oere […]

Klanklânskippen IX

No snein 17 maart om 15.00 oere in nije edysje fan Klanklânskippen yn De Lawei yn Drachten. Seis Fryske dichters stean tagelyk op it poadium mei seis gitaristen. Sy foarmje tegearre seis koppels. Nei it skoft sil der ymprovisearre wurde wêrby’t alle tolve dielnimmers tagelyk in klanklânskip foarmje. Dichters: Grytsje Schaaf, Arjan Hut, Elmar Kuiper, […]

Taalryk Fryslân

‘Taalryk Europa – belied en praktyk yn Fryslân, Nederlân en Europa’, in sympoasium by de Fryske Akademy yn Ljouwert, op 13 maart. It Language Rich Europe projekt hat taal en taalbelied ûndersocht yn mear as tweintich lannen en regio’s. Ut it ûndersyk docht bliken dat meartaligens yn Nederlân noch fierder ûntwikkele wurde kin: de oerheid leit […]

de Moanne Live, 12 maart

De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 12 maart. En ditkear stean op it poadium fan de Moanne: Sjoerd Bottema en Bouke van der Hem. Oer streekliteratuer, it neisyngronisaasje-effekt, wrâldboargers, stêd en plattelân, Nederlanners, Belgen, Friezen en Turken, Nij Beets en New York, Frysksinnigens, de Fryske Beweger, de Tokkys, hurdfytsers en bûtersmokkelers, Marktplaats.nl, oarloch, […]

Wrâld yn wurden, lêzing troch Frits van Oostrom

Lêzing fan Prof. Dr. Frits van Oostrom oer syn krekt ferskynde boek Wereld in Woorden. Wereld in woorden iepent in kompleet nij finster op de romrofte fjirtjinde ieu: de ieu fan de pest – doe’t Europa hast de helte fan syn ynwenners ferlear – en fan noch folle mear ûnheil. Mar it wie tagelyk ek in ieu […]

Eksposysje Fotofabryk

Yn it wykein fan 9 en 10 maart fan 13.00 – 17.00 oere eksposearje de kursisten fan it Fotofabryk oan de Zuidergrachtswal 18 yn Ljouwert. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fotofabryk.nl.

De lytse kannibaal

Op 8 maart fynt yn Húns de premiêre plak fan it toanielstik ‘de lytse Kannibaal’ dat Elmar Kuiper skreaun hat.

Nyk de Vries mei gasten yn Melkwegtheater Amsterdam

Tiisdei 26 febrewaris organisearret it Melkwegtheater yn Amsterdam yn gearwurking mei SLAA it earste 5KWARTS fan dit jier. In programma fan fiif kertier mei diskear skriuwer en nominearre foar de J.C. Bloem-poëzijpriis Nyk de Vries. De jûn hat de titel ‘Go to sleep little baby’. Tegearre mei syn gasten weaget De Vries in stap oer […]

Paula Modersohn-Becker

Fan’t maitiid is yn Museum Belvédère it wurk te sjen fan ien fan de meast belangrike keunstners fan de tweintichste ieu. De eksposysje rint fan 23 febrewaris o/m 9 juny 2013. Sjoch ek: De lânskippen fan Paula Modersohn-Becker.          

Iepen dei Tresoar

Tresoar bestiet yn 2012 tsien jier. Troch it  jier hinne hawwe der ferskate grutte en lytse aktiviteiten west om it jubileum te fieren. Ofsluter fan it jier is in iepen dei. Tresoar wol dan graach oan elk sjen litte wat Tresoar is, wat Tresoar docht en wat Tresoar hat. Meiwurkers fan Tresoar fertelle yn koarte lêzings oer in […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.