Teäterstik fan Pier21 yn tún Princessehof foar it rauwe ferhaal

Publisearre op 29 juni 2023

BERT DE JONG –

Koloniale ferline fanút in swart perspektyf ferteld

Op wei nei in nije dei by betinking fan slavernij

It is it swart en wyt. It koloniaal ferline hat troch de iuwen hinne spoaren achterlitten. It is in plicht om net te swijen, mar ferhalen te fertellen en dêrnei te lústerjen. Sadree’t ien ree is om mear te dwaan as te hearren, komt der in ferbining. Dan is gefoel de wei en is taal de brêge. Slavernij is net om te ferjitten, mar om it in plak te jaan. Dan is der romte foar in nije dei.

Jaleesa Schiphorst, Linus HarmsTeäter kin in gefoel oerbringe, oertinkt Jaleesa Schiphorst. Yn ’t earstoan wie sy aktivistysk ynsteld en in frou fan protest. Har driuw hat in kulturele draai krigen. Earst mei de opset fan Free Heri Heri yn Ljouwert en no mei it teäterstik Un dia nobo – Wan nyun dey – In nije dei fan it selskip Pier21 bringt se op in oare wize it boadskip by de minsken. De betinking en de fiering fan de ôfskaffing fan de slavernij 150 jier lyn kriget sa yn Fryslân in bysûndere ynfolling. ‘Met protest van Black Lives Matter is een grote groep bereikt, maar hoe hou je daarna de aandacht vast? Ik zag een andere manier.’

‘Je moet het rauwe verhaal vertellen en ernaar durven luisteren’, seit Jaleesa. ‘Zo kom je door het ongemakkelijke heen. En erkenning, het is soms moeilijk, maar het is wel de weg.’ Har woartels binne Karibysk en Frysk. Har heit is berne op Curaçao, har mem is fan Nederlânsk komôf en wennet sûnt har bernejierren yn Ljouwert. ‘Ik weet waar mijn roots liggen en ik ben inwoner van Leeuwarden en van Fryslân, maar heb mij niet altijd verbonden gevoeld met de Friese cultuur.’  

Sykjende

Seis jier lang hat teätermakker David Lelieveld sykjende west. Al dy tiid siet him it tema fan it koloniale ferline yn ’e holle. Syn pake kaam út Yndië. En syn beppe ek, miende er. Yn de kast thús hat er relikwyen dy’t him yn syn tinzen fier fuort bringe, ek al hat er dêr nea west. De Wajang-poppen jouwe it gefoel fan thúskommen. De syktocht nei de roots bringt pas letter dúdlikheid: syn Yndyske ‘omaatje’ komt út Eastenryk.

Lange tiid spûket it him yn ’e holle om in foarm te finen om it ferhaal fan de koloniale skiednis te fertellen. Of leaver ferhalen. Hy wit it noch: it wie thús by him foar de doar dat dy gedachte him besprong. Wow, tocht er noch, dat is it, dêr wol ik wat mei. Op it wêrom hat er gjin dúdlik antwurd: ‘Eins omdat ik gewoanwei ynteresseard bin en dat ik soks net begryp. Ik wol it snappe. Wêrom is soks bard? Wat is de trochwurking nei it no? Hoe is it hjir dan? Hjir wenje allegear minsken mei oare roots en dy hawwe in ferhaal, mar wêrom kin ik dat net fine? Dat soarte fragen komme dan op.’ 

It is in wrakseling om ien en oar hannen en fuotten te jaan. Oant it momint dat er yn petear komt mei Jaleesa Schiphorst. Dy hat dan krekt drok dwaande west mei de protestdemonstraasje fan Black Lives Matter, mei twatûzen minsken op de Bult yn Ljouwert. ‘Wij hebben daarna veel inspirerende gesprekken gehad. Ook over waar ik mee bezig was om mijn stem te laten horen. Wij doen het beiden op een eigen manier. Verbindend is om de gemeenschap erin te betrekken. Slavernij is steeds gezien als van de zwarte gemeenschap en nu is het van ons allemaal. Hou jezelf een spiegel voor.’

‘Als ik iets wil veranderen, dan moet ik iets zeggen en iets doen’, is de opdracht dy’t Jaleesa oan harsels stelt. ‘Ik wil niet aan de zijlijn staan. Een protest is een soort noodoplossing om mensen wakker te schudden. Protest kan daar waar de dialoog stokt. Als er niet meer wordt geluisterd, is het een uiterste middel. Voor veel mensen was Black Lives Matter een grote ontlading van emoties, een gevoel van verbroedering en herkenning van verhalen over systematisch en genormaliseerd racisme.’

Wjerstân

‘Wow, dat moet jij vooral wel doen’, moedige Jaleesa oan. Hja makke op it goede momint it ferskil foar de wrakseljende David. ‘Dit is voor mensen van kleur altijd actueel. Het is belangrijk dat de stem van de zwarte gemeenschap wordt gehoord en dat het gesprek wordt gevoerd. Juist in Friesland, waar we de mond vol hebben van “mienskip”.’ 

Sawol út de wite as de swarte mienskip wie der wjerstân of yn elk gefal weromhâldendheid. ‘Dat hat my tebekset’, sjocht David werom. ‘Wite minsken seagen it net as in aktueel tema, it komt folle minder op ’e tafel, foar harren wie it net belangryk genôch. Swarte minsken seinen my dat ik it net dwaan moast, want “het is niet jouw verhaal”. Myn tinken gie wol troch. It is in trajekt fan jierren, mar tinkst ek fan: ferdoarje, dit moat ferteld wurde.’

Fanút har rol as bestjoerslid by it Comité 30 juni-1 juli Fryslân en har wurk by it NiNsee (Nationaal Instituut Nederlands Slavernijverleden en Erfenis) bringt Jaleesa Schiphorst dit ferhaal yn it deiljocht. Yn juny 2020 wie it foar it earst dat der yn Ljouwert rom omtinken foar wie, mei Free Heri Heri, in barren dat doe sa’n 500 minsken luts en in jier letter 1000. Heri Heri is fanâlds in kreoalsk miel mei cassave, napi en ierpel yn kombinaasje mei fisk. Foar de slaven in miel om it hurde wurkjen oan te kinnen. ‘Het gaat om bewustwording. Met herdenking en viering.’

It teäterstik hat in bysûnder plak yn it jier dat der in offisjele betinking is fan de ôfskaffing fan de slavernij. Op 30 juny giet it om it stilstean by wat der oant 150 jier ferlyn bard is. ‘Het is tegelijk helend voor de zwarte gemeenschap’, leit Jaleesa de klam. Op 1 july is it de offisjele feestdei Keti Koti, om de ein fan de slavernij te fieren. Yn de Surinaamske taal Sranantongo stiet dy namme foar: de kettingen brutsen. Dan is der feest yn stêden lykas Ljouwert foar al dyjingen dy’t dêr in gefoel by hawwe. Mei in breed programma mei ûnder oaren muzyk en dûns. ‘En eten. Het is een mix van wat de Surinaamse keuken en de Antilliaanse keuken te bieden hebben. Binnen deze culturen is samen eten belangrijk.’ 

Perspektyf

It koloniale ferline hat syn utersten. ‘Het wordt te vaak vanuit wit perspectief verteld en niet vanuit zwart perspectief’, wit Jaleesa. De teäterfoarstelling Un dia nobo hat har posityf stimd. It ferhaal, de muzyk en dûns en alle hearlikheden binne slagge. Sy hie skepsis, wie bang foar de stereotipen. Pas letter begriep sy wêrom’t it sa wichtich is om in wite tsjinspylster deryn te beheljen. ‘De witte gemeenschap wordt zo meegenomen in het verhaal van het slavernijverleden. De pijn is alsnog heel erg voelbaar. Dit wordt niet verzacht of weggespeeld, iets waar ik zo bang voor was.’

Foar it stik is gearwurke mei ûnder oaren it teäter- en dûnsselskip Untold, dat fanút de Amsterdamske Bijlmer nei Ljouwert ta komt. ‘Wij staan voor de onvertelde verhalen vanuit de Afrikaanse diaspora, het slavernijverleden van Fryslân is daar een belangrijk onderdeel van’, fertelt Otmar Watson, direkteur fan Untold. ‘Het is van belang ook hier dit verhaal te vertellen.’

Foar skriuwer Guus Pengel wie it fan it begjin ôf oan dúdlik dat er dit stik allinnich meitsje koe troch te praten mei de Karibyske mienskip yn Fryslân. Dik tritich minsken hawwe him op wei holpen en op koers hâlden. Sûnder de eigen omjouwing en de minsken hat it gjin doel om sa’n stik te skriuwen, fynt hy. ‘Het is natuurlijk niet de bedoeling dat Guus Pengel zich de koloniale geschiedenis van Leeuwarden toe-eigent.’

De keunst hat west om in ferbining te finen foar ferskillende kultueren, mar ek de trochwurking fan it ferline op it hjoeddeistich libben te toanen. Sjonger Yuli Minguel, dy’t tegearre mei Hiske Oosterwijk de haadrol hat – hja binne de befeiligers Es en Wietske −, omskriuwt it as ‘ongemakkelijk, maar toch licht de dialoog aan willen gaan, samen op weg naar een nieuwe dag’. Foar har is dit wichtich: ‘Hier ligt de wortel van bijvoorbeeld etnisch profileren.’

Pleister

De rezjy is yn hannen fan Kees Scholten fan it Volksoperahuis yn Amsterdam. Hy plakt in pleister op de koloniale skiednis fan Fryslân en set de doar iepen foar de takomst. Soks is sawol In Nije Dei as Un dia nobo en Wan nyun dey. It Frysk, it Surinaamske Sranantongo en it Papiamintsk as de taal fan Curaçao litte harren ferbine. ‘We vertellen niet alleen over, maar we vertellen met. Het is met respect voor elkaars cultuur en met respect voor elkaars werkwijze.’

De ein fan de foarstelling is in ultime ferbining as Hiske Oosterhuis en Yuli Minguel yn twa talen it fan De Kast bekende nûmer In Nije Dei sjonge, it is de harmony fan it Frysk en it Papiamintsk, in gearranen fan twa kultueren. Der is gebrûk makke fan in bekend nûmer om it foar minsken makliker en tagonkliker te meitsjen, fertelt de regisseur. Dat idee komt fan de skriuwer. Ditkear alhiel gjin opleine Fryske franje. De draai yn de kultueren is der ek. Op oanstean fan sjonger Yuli Minguel is oan ’e ein in Karibysk nûmer liedend. Ta ferromming fan hiel wat belutsenen, wêrûnder Jaleesa Schiphorst. ‘Het gaat over een gedeelde geschiedenis. Over slachtofferschap, maar ook om moed, veerkracht én verzet.’

Bert de Jong is sjoernalist

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – 

Ald skilderij ta ynspiraasje

In âld skilderij mei minsken fan kwizekwânsje en in swarte jonge bringt in skeind ferline yn de tiid fan no. Tûzenen gasten fan it Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert hawwe it each gean litten oer in keninklik tafriel dat folle mear is as in gewoan groepsportret. De kopy fan it keunstwurk fan de skilder Adriaen Hanneman (1603-1671) lit de status sjen fan it Fryske hof fan de Nassaus. Dat yn ’e midden in swarte jonge stiet, is yn dy tiid in o sa wichtich symboal: it is om sjen te litten dat it mannen fan heech komôf binne. It is de ferwizing nei rykdom en grut oansjen.

De tsjinstelling kin hast net grutter. De Nassaus, de iere stamhâlders fan de hjoeddeistige keninklike famylje, dy’t op in skilderij ferivige binne mei in swarte jonge foar de betsjinning. Op it skilderij, dat heart ta de kolleksje fan it Fries Museum en te pronk hinget yn de ytseal fan it Stadhouderlijk Hof, sjocht de jonge op by George van Nassau en hâldt – tsjinstber at er wêze moat − dy syn helm yn ’e earm. It groepsportret lit de fjouwer bruorren Nassau sjen yn harren hiele hear en fear, mar pontifikaal yn ’e midden mei opfallende reade klean oan stiet de swarte jonge, in pearel yn it ear. It is as om sjen te litten hokker lúkse sy harren permittearje koenen.

Dit keunstwurk is ien fan de seldsume Fryske ferwizingen nei de slavernij. Safolle is der net, want ús skiednis fan de slavehannel is oars as dy fan Amsterdam of Seelân. No is it skilderij de ynspiraasje foar de teäterfoarstelling Un dia nobo, dy’t fan 6 juny oant en mei 9 july te sjen is yn de tún fan Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert. De paazje hat foar it teäter de namme Sideron krigen en is sabeare meinommen fan Curaçao. It doek komt ta libben mei dûns en muzyk fan it Amsterdamske selskip Untold. Sa komt de skiednis fan de slavernij fan Curaçao, Suriname en Afrika en de relaasje mei Fryslân yn it deiljocht fan it hjoeddeistige libben.

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – 

Om te witten

  • Ek yn Fryslân binne spoaren fan de slavernij. In bedriuw lykas Douwe Egberts is grut wurden mei hannel yn koloniale waren en sa binne der hûnderten oaren yn de provinsje. De historisy Pepijn Brandon en Ulbe Bosma hawwe besifere dat de opbringst fan troch slaven produsearre saken lykas kofje, tabak en sûker foar ús lân de koark wie dêr’t de ekonomy op dreau. Dy fertsjinsten wurde skat op goed 5 prosint fan de totale ekonomy yn dy tiid, yn ferhâlding likefolle as wat no it belang is fan de agraryske sektor.   
  • De ein fan de slavernij yn Fryslân liet lang op him wachtsje. In yllustraasje fan de moraal fan dy tiid is dat de Fryske politikus en bestjoerder Willem Engelhart Engelen – lang tsjinstanner fan it ôfskaffen fan de slavernij − yn 1863 in kompensaasje krige foar it feit dat er syn fiif slaven kwytrekke.
  • Yn de trije noardlike provinsjes wenje mear as 40.000 minsken mei in Surinaamsk, Antilliaansk of Afrikaansk komôf. De stêd Ljouwert rekkenet dêrfan in lytse 8000 ta de ynwenners.  
Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]