Sjochtip – FryslânDOK: ‘Underhûds’

Publisearre op 27 juni 2023

Yn de FryslânDOK ‘Underhûds’ sprekt programmamakker Karen Bies trije minsken by wa’t it slavernijferline diel útmakket fan har famyljeskiednis. Hoe wurket dat troch yn har libben no, en watfoar ûnderfining hawwe se mei rasisme? ‘Underhûds’ is te sjen op 1 en 2 july by NPO2 en Omrop Fryslân.

De Nederlânske koloniale skiednis ken, neist tal fan oerseeske rykdommen, in wrede kant fan ûnderdrukking en slavernij. Ek Fryslân die dêr folop oan mei. Yn 1863 waard de slavernij ôfskaft. Mar de ta slaaf makken moasten earst noch tsien jier ferplicht foar har ‘eigener’ wurkjen bliuwe, foardat se echt frij wienen. Dêrom fiert Marlon Wijngaarde aksje om it jier 1873 offisjeel alle jierren te betinken. Marlon is berne yn Suriname en ferhuze as bern mei syn mem nei Ljouwert. Hy is no dwaande mei it ûndersyk nei syn roots. De Kurasaoske Anoushka Faneyt, mem fan fiif bern, wenne earst yn Rotterdam en ferhuze twe intich jier lyn nei Fryslân. In wrâld fan ferskil: ‘Alsof ik van een andere planeet kwam.’ Se fynt dat minsken fan kleur mear stipe krije moatte soenen om foarút te kommen. Sels bringt se, as frijwilliger yn it buerthûs, ferskillende kultueren by elkoar. Evelyn Andoh kaam as njoggenjierrich famke út Gana nei Frjentsjer. Yn it foar it grutste part wite Fryslân waard se faak konfrontearre mei rasisme. It sit djip yn ús maatskippij. Evelyn: ‘Het begint met dat iemand ooit uit zijn mond heeft gekregen dat mensen zoals ik geen volwaardige mensen zijn. Dat is gezegd, dat is opgeschreven. Het is als excuus gebruikt om mensen als machines, op een beestachtige manier te behandelen. Als je dat honderden jaren doet, dan gaat dat niet zomaar uit je systeem.’

Omrop Fryslân

FryslânDOK ‘Underhûds’ Sneon 1 july NPO2 16.00 oere (werhelling 2 july 13.25 oere) Snein 2 july Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren) FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele. De FryslânDOK ‘De keapman en de dûmny’ (24 en 25 juny útstjoerd) ûndersiket de ekonomyske effekten fan slavernij yn Fryslân.

No te sjen fia de Omrop Fryslân side.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels