• 27 januari 2023

    Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris –by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke- ambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange. Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, dy’t yn 2020 ta earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân beneamd waard. [...]

  • 20 december 2022

    HEARRENFEAN – Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema hawwe de 79e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy mei harren foardrachten de measte yndruk op de sjuery. Marrit Boetje yn aksje. (Foto Piet Douma) Jurre Kuipers fan Piter Jelles Stedsgymnasium wie de grutte winner by de Starters, [...]

  • 18 december 2013

    WIM DE BOER -  Op freed 25 oktober 2013 organisearre de Afûk de konferinsje ‘Wat moatte wy mei ‘dat’ Frysk yn 2020?’ oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Op de konferinsje wienen mear as 65 minsken út it ûnderwiisfjild oanwêzich: fan primêr oant heger ûnderwiis, fan dosinten oant bestjoerders, gemeenten, polityk en ûnderwiisfernijers. Mei de konferinsje woe de Afûk [...]

  • 5 augustus 2013

    TSJOMME DIJKSTRA - Op de Ryksuniversiteit yn Grins docht taalwittenskipper Kees de Bot mei kollega’s ûndersyk nei meartalich ûnderwiis. De Bot sjocht benammen nei it Ingelsk as twadde taal yn it fuortset ûnderwiis. Dúdlik is wol dat de útkomsten fan syn ûndersyk net sûnder mear jilde foar it Frysk as twadde ûnderwiistaal. Elke situaasje is wer oars. It makket in soad út wat bern bûten [...]

  • 2 augustus 2013

    PIER BERGSMA - Op papier sjocht it der goed út. Oan prinsipes, lykas rekken hâlde mei alle bern, beskikbere boeken en materialen, gjin brek. Mar it stiet der net goed foar mei it Frysk op ús basisskoallen. Der binne oare belangen. Ik haw in grut part fan myn bernejierren trochbrocht op it Fryske plattelân. Troch omstannichheden dy’t der net ta dogge, siet ik in pear [...]

  • 1 augustus 2013

    Meartalichheid is feitliks gjin keunst oan. Jo krije it mei en profitearje derfan. Dat hat net altyd sa west. Feitliks fiere talen altyd oarloch mei inoar, foaral as de iene dominearjen giet en de oare sichtber en hearber terrein ferliest. Krekt dan komme minsken – idealisten, perverselingen – yn aksje. En wittenskippers fansels. Wat hâldt it ûndersyk nei it talige fermogen fan minsken krekt yn? [...]

  • 31 juli 2013

    NIENKE JET DE VRIES - Oeral yn Nederlân, en ek yn it bûtenlân, wurde de universitêre taal- en letterkundestúdzjes hurd troffen troch besunigings en reorganisaasjes. De stúdzje Fryske taal en kultuer liket de dûns lykwols ûntsprongen te wêzen. Dat is net fansels gien, nee, dêr is hurd foar striden, troch dosinten, studinten en Fryske polityk en organisaasjes. Der is alles op alles setten om de [...]

  • 30 juli 2013

    COR VAN DER MEER - Wêr wurdt Frysk praat yn Europa? De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn Dútslân. Hoefolle minderheidstalen binne der yn Europa? Der binne ûngefear sechtich [...]

  • 29 juli 2013

    REITZE J. JONKMAN - Toetsen is it ûndersykjen fan hoe goed oft ien wat wit of kin. Dat hat fansels alles mei learen te krijen. As ien leart, dan wit of kin er neitiid mear. Mar hoe witte wy oft ien wat mear kin of wit? Yn it ûnderwiis betinke leararen allerhanne repetysjes, proefwurken, oerhearringen, testen ensafuorthinne foar harren eigen klassen of groepen. Nei sokke [...]