Oprop Lytse Gysbert

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de priis: Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 De ‘Lytse Gysbert Japicxpriis’ is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern út de groepen 7 en 8 fan […]

Syds Wiersma lêst Estelles op Boeke- en Roazedei

Dichter Syds Wiersma draacht sneon 22 april by de fontein by it Ljouwerter Stasjon gedichten fan Vicent Andrés Estellés foar, ta gelegenheid fan Boeke- en Roazedei Boeke- en RoazedeiSneon 22 april sil yn de Afûk-winkel de Boeke- en Roazedei wer fierd wurde. De moarns om 11:30 oere is der in lyts programma mei ûntfangst yn […]

Presintaasje blomlêzing Eeltsje Hettinga

Op 14 en 19 april presentearret dichter Eeltsje Hettinga syn dichtbondel ‘Te pearde–Tepeerde’ dy’t gearstald is nei oanlieding fan de Gysbert Japicxpriis dy’t hy wûn yn 2021. Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurkas Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheidom in seleksje […]

Tialda Hoogeveen ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris –by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke- ambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange. Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, […]

Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema winne FeRstival

HEARRENFEAN – Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema hawwe de 79e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy mei harren foardrachten de measte yndruk op de sjuery. Jurre Kuipers fan Piter Jelles Stedsgymnasium wie de grutte winner by de […]

Under it spikerskrift fan de stjerren

Let’s get lost (Chet Baker) ARJAN HUT – It is betiid yn de moarn, de nacht noch yn de loft, as ik hieltyd fierder yn de jas krûp ûnder it ôfdak by de bussen op it stasjon fan Ljouwert. De lêste dei fan jannewaris, 2019, wachtsjend op lijn 62 rjochting Kollum, skoot der in swiere […]

Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten. Hettinga is al sûnt minskeheugnis leveransier fan moaie stikken for ‘de Moanne’.   De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt […]

Klaas Bruinsma (1931-2018)

Moandei 29 oktober ferstoar Klaas Bruinsma is op 87-jierrige leeftyd. Hy wie dichter en foaral bekend as oersetter fan grutte klassikers yn it Frysk. Bruinsma hat yn syn karriêre meardere prizen wûn foar syn wurk. Yn dit dossier alle stikken oer it wurk en libben fan Bruinsma dy’t earder publiseard binne yn ‘de Moanne’.  

Koos van der Sloot (1953 – 2018)

Op moandei 19 febrewaris ferstoar keunstner Koos van der Sloot (1953 – 2018). Yn it dossier ‘Koos van der Sloot’ alle stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer it libben en wurk fan Koos van der Sloot. Koos van der Sloot yn in ynterview mei Marita de Jong begjin ferline jier: “De eieren horen […]

Kulturele Haadstêd: in ultramaraton

MONIQUE FLINKER – Noch minder as twa jier foar de start fan Kulturele Haadstêd en de grutte linen wurde lang om let sichtber. Ein maart krigen de oarspronklike bidbookprojekten definityf in grien of read ljocht. “We zijn de bidbookfase nu echt voorbij. We moeten nu gaan bouwen aan het programma.” It nije ûnderkommen fan Kulturele […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.