Oanrekke troch Balkenende

BOUKE VAN DER HEM –  

In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts op wurkbesite yn Uden, by de ôfbaarnde, islamityske (‘swarte’) skoalle. De lusifers soenen út wraak oanstrutsen wêze troch white power. De kamera folgeBalkenende, alles live. Hyeage de ramp oer en distansjearre him der fan, hiel korrekt. Op in stuit stie er te praten tusken froulju dy’t holdoekjes droegen, memmen tink. Se hellen de skoalbern mar op, wêr moasten dy oars hinne? Jawis, ien fan de bern sei yn geef Brabânsk dat er graach frij woe, mar sá net.

En doe spile him foar my ôf: de grifformearde Balkenende dy’t út goederbêst – meilibjend, treastend? – in hân op in memmeskouder lei. Sil it twa tellen duorre ha, heechút trije?

 

Myn earste skrikreaksje wie: soks dogge je net, sûch! En: plakferfangende skamte.

 

Myn earste skrikreaksje wie: soks dogge je net, sûch! En: plakferfangende skamte. Hâld dan dochs yn ’e goedichheid rekken mei minsken dy’t oars binne, is dat net artikel 1? Just dy fint moat dochs better witte?!

Eartiids mochten wy as frijsinnige bern, wannear’t de finen sneintemoarns en -middeis nei tsjerke gongen, net besiden it bûthús yn it sicht fan it tsjerkfolk fuotbalje. We moasten salang even achterhús de skuordoar as goal brûke. Ommers: foar in hechte mienskip hâlde je de boel bymekoar, wurdt der net provosearre, net wier? 

Lykwols, we binne no desennia fierder en dus wie myn twadde reaksje by de tv-bylden: neffens de wetten fan de nije korrektens moat Jan Peter just wol syn gong gean, dwaan wat him no goedtinkt, fysyk kontakt meitsje lykas wenst wurden is yn Hollân. Dat sil dy moslima leare. Sy is it dy’t har oanpasse moat, blinders!

Dat slagge de frou-mei-it-holdoekje noch rillegoed. Even seach ik dat se skrok, faaks ferheard wat sizze woe, protestearje, mar doe sloech se de eagen del, die wat har foarskreaun is, deemoedich liet se him syn gong gean, ynkassearre.

Mar: hat ús Jan Peter oait ‘better witten’? Wist er dat je moslimfroulju net yn ferlegenheid bringe meie troch har oan te reitsjen? Seker foar in frjemde man jildt ommers: oanreitsje, sels al oansjén = oantaaste. Ferhâlde er him fóar Pim & Theo oars yn sokke sitewaasjes? Ja, ik doar der wat ûnder te ferwedzjen: foar dy tiid hoegde hy as Seelanner neat te witten oer de posysje fan de frou ûnder de koran om har op in suvere wize benei te kommen. Want op dat mêd stie de twadde natuer fan sokke ortodoksen stiif fan it remd-wêzen; yn syn Kapelle leinen de lju al noait iepen en bleat de hân op in frjemde Hollanner, lit stean op in frou. Foar syn slach folk hienen burka’s noait hoegd. Geiteneukers, it wie oan alle kanten in flok.

Dus: Balkenende hat him te lange lêsten foar dat tikje-op-it-skouder wat oanleard. Syn Haachske byles.

En de beholdoeke minsken dan dy’t er yn Uden trof, ha sy yntusken wat byleard?

Neffens de noarmen en wearden fan Hirsi Ali en Geert Wilders moatte se befrijd wurde út de boeien. Befrije: dat moatte se úteinlik sels dwaan en dêr moatte wy it foartou by nimme troch flink strang, dus neo-korrekt te wêzen. Boeien: dat binne harren achterlik oerhearskjende, jaloerske manlju en harren fûnemintalistysk leauwen.

Mar, dejingen dy’t dêr yn Uden by de smeulende púnfal stienen wíenen al foarlik, just omdat se der as frou doarden te stean. Troch alle kamera’s naam. En just omdat sy as moslima mar hiel eventsjes skrok, doe’t dy stive harke in hân nei har persoanlik útstuts. En ek noch syn brave gebrabbel ferstie. Foar sóks hie se eins wol in skouderklopke fan him fertsjinne.

It wie oan ien kant mar goed dat sy net nóch fierder emansipearre wie. Faaks hie se dan as ferljochte frou de hân fan Balkenende ôfward: wy binne net silich, rêde ússels wol, kieze sels ás en mei wá’t we fysyk kontakt wolle, al of net op kamera; jo dogge der better oan en besoargje ús fluch in iepenbiere-skoallegebou werom.

De minister-presidint hie de mazzel dat de moderniteit noch net folslein is.

Yntusken moat hy der besiele oan wurkje. En evensagoed ta it besef komme dat soks oan alle kanten tiid nimt.

Faaks kin er syn foardiel dwaan mei it besef dat tsientûzenen âld-mannebroeders nei in nije wrâld emigrearren. Om dêre in tsjerke te stiftsjen dy’t ortodokser wie as yn it âlde Seelân. En fierder: út wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat by in tredde generaasje de yntegraasje kompleet is, as gong it fansels. De twadde generaasje kin noch gebrekkich de taal fan it âlde faderlân sprekke of neistenby ferstean en inkele figueren sille oan in útwaaks fan it geloof fêsthâlde. Mar de tredde kin der mei muoite allinnich sokswat as pake en beppe út krije en sil him út respekt noch krekt de snút hâlde as dy âldsjes, our folks, de hannen op fêste mominten geardogge.

Dus in kristlik appèl is: effe dimme, JéPé!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.