Sport bûten byld

BOUKE VAN DER HEM 

Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch tusken de rigels troch, yn besprekken mei funksjonarissen kom ik it amper ferhoalen en tagelyk omdraaid tsjin: lit it wat kostje, mar dan hast ek wat! De topadvokaten dy’t we altyd op televyzje sjogge, lifte dêr moai op mei, wylst se op de keeper beskôge mear handige miter binne as grut jurist, dat wik ik jim. It leit der mei bedoarne soapstjerren fersus op in houtsje bitende toanielspilers krektsa hinne.

Yn topsport en dan benammen it fuotbaljen ha se dêr har eigen fariant fan makke. Yn ús lân it meast opfallend by Ajax: jonkjes rinne al as grutfertsjinners oer it fjild en krityk op har spul of hiele hâlden en dragen parearje se nei it foarbyld fan trendsetter Kluivert mei in hâlding fan: ’k wurd djoer betelle dus kin ’t net min wêze. Eksit selskrityk. En sjedêr argewaasje.

Nei in kertierke, doe’t wy ôfdwaande ûnderkuolle wienen, liet Jeen him mei in maat út de waarme auto rûgelje, stapte it iis op, ried as twadde oer de startstreek – dêrmei wie it dus begûn – en hy soe fierder fan neat en nimmen mear lêst ha. Moai net?

In flugge tuskenkonklúzje mei wêze dat net alles yn ’e sport is wat it liket, dat moaiskyn foar master opslacht, wat op himsels ta de tragyk begjint te hearren en dêrmei in opwinend, ferdivedearjend elemint wurdt. De sport fersoapt, echt falt gear mei sabeare, Rafaël van der Vaart trout Sylvie Meis. Sjipsopbelleblazerij.

Moaiskyn dy’t yn tragyk ferkeart, aardich lykje mar net leuk wêze, echt = sabeare: je witte hoe’t de hazzen rinne en dochs bliuwt it in yntrigearjend spultsje om se acht te slaan.

It stramyn is oersichtlik: in echte soap hat altyd in min persoan en in goeien. Dy lêste hat allinnich mar sympatike trekken en oerwint úteinlik altiten; mister nice guy is by eintsjebeslút kreatueren as JR út Dallas of Ludo Sanders út Goede Tijden Slechte Tijden de baas. Foar him de moaiste frou of alteast de leafste. Alles hiel ien-diminsjenaal. The winner takes it all.

Mar hoe sit dat yn de sport? Wint altyd de bêste en fral: is de bêste altyd de aardichste? Wel nee! It gekke is dat it publyk op in soapy wize nei it einklassemint sjocht: se wolle ha dat de winner in goed, moai en aardich persoan is. Mar dy dream wurdt troch de werklikheid wreed fersteurd (nim alfêst ús Abe even yn gedachten). Dat de bêste net altiten wint, dêr falt mei te libjen, Eddy Merxck koe net oeral earste wêze, dat waard sels ferfelend. As it dan mar wol Joop Zoetemelk wie dy’t ris earste waard, no?

It binne in bulte misferstannen dy’t we hjirmei yn ien kear te pakken ha. En dan wol ik it fierder net oer ‘moai’ hawwe, dat is flau en telt tusken manlju net, is ’t n’t sa. Nee, it grutte misferstân sit ’m deryn dat je om winner te wurden krekt nèt aardich wêze moatte, oars komt der krekt neat fan telâne! Lance Amstrong is in ûnbeskoftere kannibaal as Merxck. Hie er net sa selfish west dan soe er no net foar de sânde kear de Tour winne. Al wat mear skokkend: ús Joop wie yn werklikheid in aakliksma, teminsten op ’e fyts. Dat is my persoanlik fersekere troch immen dy’t mei him fytste. Mar ja, oars wie er ivich op it trèdde plak kommen, moatte je mar tinke.

It is dus echt wier: dy soaps slaan nergens op, gean der mar fanút dat alles omdraaid is, yn werklikheid naait beast Sylvie mei de bal út en hat beauty Rafaël foargoed ferlern. Hy rekket amper mear in bal. Mar wat ferrekt dat eins noch. Altyd dat aardige is ommers ek mar ferfeelsum. Boppedat: om’t it goed betellet sil it ergens wol goed wêze.

En dochs komt it jin as in ôfknapper oan neigeraden de foarbylden tichterby komme. Nim no Gerard Nijboer, yn Moskou olympysk sulveren medaille-winner op ’e maraton, mar fierstente aardich foar goud, dat gong nei de East-Dútser dy’t it drinken fan syn konkurrinten mei sin omreage. Wat soe ik skrikke as ik te hearren krige dat dizze lykwichtige man (terapeut fan berop) foar elke loop earst syn frou sloech, mar nochris: ik moat leauwe dat er dan faaks wol wûn hie…

De absolute top ferget ûnmeilydsume duvels, gjin fatsoenlike hearen.

Dan moatte we it hjir noch even ha oer Jeen van den Berg, alvestêdewinner en sportyf ikoan fan Fryslân. Wat krije we no: dat bliuwt dochs wol De útsûndering op ’e regel dy’t de kollumnist sa noadich sels betinke en útwurkje woe? Is dan neat Fryskeigens langer hillich?

Ik kin jim út ’e sturt fan it peloton wei ferklappe dat ús Jeen op redens in smjunt wie. Oars hie er him mei syn relatyf beheinde oanlis ommers ek noait yn ’e prizen ride kinnen. Mar dochs, in linkert wie it oant de lêste streken dy’t er yn it glêde pak sette. Foarbyld: we hienen om 1970 hinne ris in maraton op ’e Langwarder Wiellen. It waaide dat it rikke en ’t wie dêr op ’e flakte stienkâld. We stienen te fernikkeljen by de start, mar der waard wachte op in prominint. Sûnder the top of the bill begûn de organisaasje fansels net! Nei in kertierke, doe’t wy ôfdwaande ûnderkuolle wienen, liet Jeen him mei in maat út de waarme auto rûgelje, stapte it iis op, ried as twadde oer de startstreek – dêrmei wie it dus begûn – en hy soe fierder fan neat en nimmen mear lêst ha. Moai net?

Sok demaskee wol gjin sensaasjesucht befredigje, it moat sjoen wurde as it grou fertsjinne útklaaien oant allinnich mar falske tragyk oerbliuwt. De wiere sporttragyk sit ’m mear yn it stille spul. Lykas fan Pieter Breuker dy’t him yn de foarige Moanne ôfdreamde: ‘Ik ha it keatsen dus mei de rjochterhân leard, wylst ik links bin. It hat him rêden, mar de fraach bliuwt, wat hie it oait mei de linker wurden’.

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 4 (205), 4 (maaie), s. 2

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.