• 4 september 2013

    No freed ferskynt yn de Moanne in bydrage fan Klaas van der Hoek oer de nominaasjes fan de Gysbert Japicx-priis 2013. Wa’t sa lang net wachtsje kin, kin fan hjoed ôf oan alle dagen in diel fan dit spannende fúljeton online folgje. Hjir diel twa.   KLAAS VAN DER HOEK -  Ferlerne tiid dy’t ik fergetten wie As der fan de nominearre bondels ien by ferskinen goed [...]

  • 5 juli 2013

    JOB DEGENAAR -                                                      Intrigerende lyriek van Eeltsje Hettinga Je moet er maar zin in hebben: om een kloeke dichtbundel tot je te nemen, geschreven in het Frysk, waarin literaire taal gebezigd wordt en die veelvuldig verwijst naar zichzelf of [...]

  • 2 maart 2013

    ABE DE VRIES -    OP 'E TONGE FAN IT LÂN Op de tonge fan it lân lêst in man de krante, de siden iepenslein, as soe er op flerken. Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see, seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod. Under de spotslach fan weach en ivichheid seit healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’. Allyk brieven [...]

  • 4 februari 2013

    Fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga binne yn trije moanne tiid mear as de helte ferkocht. Ofrûne wike gong it 160-ste eksimplaar de doar út. Fan de bondel, útjûn troch de stichting Gerben Rypma, waarden 250 stiks printe. De grutste haal die de útjouwer by de presintaasje fan it IKADER-boek, ein oktober yn Blauhûs-Parregea doe’t yn ien klap in lytse santich bondels ferkocht waarden. [...]

  • 16 november 2012

    Sneon 24 novimber set galery en keunsthannel De Vries oan De Turfmerk yn Ljouwert de doarren iepen foar in grutte jubileumútstalling. De galery bestiet dizze moanne tweintich jier. By dizze nije eksposysje komt ûnder mear it wurk 'Hynder' fanSjoerd de Vries yn de ferkeap. De tekening (mingde technyk op papier) waard spesjaal makke foar de koartby ferskynde poëzijbondel IKADER fan Eeltsje Hettinga. Hettinga sels jout by [...]

  • 12 oktober 2012

    Sneon 27 oktober, middeis 16.00 oere krije de dichter-essayist Martin Reints  en de dichter-skriuwer Elmar Kuiper yn de Johannes de Dopertsjerke yn Parregea de twa earste eksimplaren oerhandige fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga, útjûn troch de Gerben Rypma-stifting. De manifestaasje fynt plak tidens in troch de stifting organisearre literêr-kulturele kuiertocht dy't fan Blauhûs út wei, oer Greonterp, Hieslum, Arkum nei Parregea rint en [...]