Argyf Diet Huber
Publisearre op 7 mei 2015
DRIJPIKKEL –
As ik hiel inkeld ris mei minsken oer Diet Huber praat, dan wurdt faak as earste ‘de telefoan’ neamd. Dat se nammentlik sa faak belle. Dat se sa lang belje koe. Dy telefoan haw ik dêrom in bytsje mist yn de fierder tige nijsgjirrige middei dy’t ferline wike yn Tresoar organiseard waard oer Diet Huber har libben en wurk en benammen oer har neilittenskip. Sa’n Siets Ypenga, wat in hearlike ferhaleferteller!
‘Inventaris van het archief’ is de ûndertitel fan it boekje, mar sa saai is it werklik net.
It rike argyf, Huber wie fan it bewarderige type, is de ôfrûne jierren kategoriseard en katalogiseard troch Barteld de Vries en fansels troch Jant van der Weg dy’t as ien fan de grutste kenners fan it wurk fan Huber neamd wurde mei.
Dat allegear is al bysûnder, mar noch moaier is it dat Tresoar de ynventarisaasje, yn in troch foarmjouwer Marcel Westra prachtich fersoarge útjefte, no ek as boek presinteart. Dat betsjut dat 26 ferhúsdoazen fol papieren, omset binne yn 911 argyfnûmers yn in boek fan 128 siden.
Barteld de Vries en Jant van der Weg hawwe in saneamd ‘argyfskema’ opsteld en de rubriken safolle mogelik ûntliend oan de aktiviteiten fan de skriuwster. Dêrby moatte wy tinke oan kontakten mei útjouwers, it skriuwen fan teksten en it meitsjen fan yllustraasjes, pr-aktiviteiten, de meiwurking oan ferskate media en it hâlden fan foardrachten. En fansels binne de stikken oangeande de aparte útjeften fan Huber sammele. It boek is kompleet makke mei twa ynleidingen fan de gearstallers oer libben en wurk fan Huber, fierder in tal prachtige yllustraasjes en in pear hearlik-oansteklike ferskes fan de dichteres sels.
‘Inventaris van het archief’ is de ûndertitel fan it boekje, mar sa saai is it werklik net. In lust foar it each en hearlik om yn te sykjen en te blêdzjen. Ien hiel lyts puntsje fan krityk dan? In register op namme en titel hie wol noflik west. Mar dyjinge moat hjir mar eefkes sjen.
Jant van der Weg en Barteld de Vries, Diet Huber auteur en illustrator. Inventaris van het archief. Tresoar, Ljouwert 2015. 128 siden; €17,50.
Sjoch hjir foar in bydrage oer Diet Huber, troch Jant van der Weg yn de Moanne fan 2009.
Kategory
Tags
Barteld de Vries, Diet Huber, Diet Huber auteur en illustrator, Jant van der Weg, Marcel Westra, tresoar
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]