fotografy: Kolleksje Tresoar

Diet Huber: bepaald gjin Tutte!

JANT VAN DER WEG – 

 

‘Kom, peentje!’ gilt de groene sla.

‘Nog eventjes de tsjatsjatsja!’

‘Ja,’ roept het lof, ‘nog even steppen,

voordat we allemaal verleppen!’

 

Dit sitaat út har Nederlânsktalige bondel Een groentebal jout de selsspot en eigensinnichheid fan Diet Huber goed oan. It sitaat stiet op de roubrief by har ferstjerren op 7 oktober 2008. Mei har is in wichtige auteur fan bernepoëzij en -proaza, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk, ferstoarn.

De op 9 april 1924 yn Ljouwert berne Diet Huber waard twatalich opbrocht en hat dy twataligens, Frysk-Nederlânsk, har hiele libben yn har wurk sjen litten. Al jong wie Diet, of Berendina sa’t har namme offisjeel wie, gek op tekenjen en it betinken fan ferhaaltsjes. Se wie noch mar seis jier doe’t se har earste ûnsinferske betocht. Har mem skreau it foar har op en sels makke se der in tekening by. Nei’t se fan skoalle kaam, wurke se in pear jier yn in win­kel. Mar ûnderwilens gie se wol troch mei har byldzjend wurk. Se waard dêrby ynspirearre troch twa Fryske skilders, har omke Andries van der Sloot en dy syn soan Bouke. Troch sa dwaande te wêzen koe se yn 1946 in ferkeap-eksposysje fan har wurk hâlde op It Hearrenfean.

Pas doe’t de Twadde Wrâldoarloch oer wie, koe se ek oan har oplieding op de ambachtskeunstskoalle yn Amster­dam begjinne. Fan 1946-1950 folge se dêr yllustrearjen, typografy, natuertekenjen en boetse­ar­en. Even preau se al oan it libben yn it bûtenlân, doe’t se fan 1950-1951 yn Stockholm wurke as free-lance yllustratrise. Dat waard letter fuortset doe’t se mei har man, de geolooch Bert Barkey mei wa’t se yn 1955 troude, tsien jier yn Sweden wenne, fan 1961-1971. Dêrnei setten se har nei wenjen yn Amsterdam dêr’t se oant har dea ta ek bleaun is.

 

Dûbeltalint
By har yllustraasjewurk út de begjintiid mocht Diet Huber graach motiven út de folkskeunst brûke; letter fûn se mear har eigen styl en ferdwûn dat elemint út har tekenwurk. Se wie in dûbeltalint én twatalich. Al rillegau kaam nammentlik neist it tekenwurk ek de literatuer yn byld, sawol de Nederlânske as de Fryske berneliteratuer. Dat hat te krijen mei it feit dat se beide talen ôfwikseljend brûkte foar har wurk.Gjin wûnder as men betinkt dat se twatalich opgroeide mei in Nederlânsktalige pappa en in Frysktalige mem.

Sels sei Diet wolris dat se nei in Nederlânsk boek earst wer mei it Frysk oan de slach woe. Utsoarte hat in kreatyf auteur as sij har net stringent oan dy ôfwiksel holden, mar as men de list fan har wurk besjocht, dan komt dy dochs wol aardich ticht by har stribjen yn dizzen. Fuort by it begjin fan har skriuwerskarriêre kaam dat al út yn de bernerubryk foar de Heerenveense, letter Friese Koerier. Dat begûn mei de fraach fan Fedde Schurer om dy rubryk te fersoargjen. Se joech dy de (Nederlânske) namme ‘De kleine koerier’, mar sette him wol twatalich op ûnder har eigen namme of mei it pseudonym ‘Marja’. Dêr debutearre se as dichteres, earst yn it Nederlânsk mei it gedicht: ‘Kaa-boebelebom’ (24-12-1951), wylst har Frysk debút ‘It winkeltsje’ (15-3-1952) is. Yn beide gedichten komt dúdlik har nocht oan it boartsjen mei taal, mei klanken nei foaren.

Yn dyselde rubryk ferskynde ek har klassike fers ‘Tutte mei de linten’ (17-10-1953), dat it titelfers waard fan har earste bondel út 1955. Dat fers wie neffens eigen sizzen ‘sûnder Fedde (Schurer; JW) nea berne’ (brief 31-5-1992). It lei wol foar de hân, sjoen har eardere aktiviteiten, dat se har wurk sels yllustrearre, net allinne dat yn de krante, mar ek wat yn bondels útjûn waard.

Har krantewurk sette se lanlik fuort mei de bernerubryk fan Het Parool. It yntrigearjende is dat se dêr de opfolchster wie fan Annie M.G. Schmidt, in auteur dy’t yn de Nederlânske berneliteratuer as dé fernijer fan de dy literatuer sjoen wurdt. Miskien wolris wat tefolle. Want Diet Huber hat oan dy fernijing, net allinne yn de Fryske mar ek yn de Nederlânske literatuer, wis in tige wichtige bydrage levere.

Yn dat ferbân giet it benammen oer de poëzij fan beide auteurs. By it wurk fan de frijwat bejubele Annie M.G. Schmidt falt fral ynhâldlike fernijing te konstatearjen, en wol yn ferbân mei it moralisme dat sa lang foar master opsloech. Annie Schmidt mocht graach rekalsitrant tsjin autoriteiten oanskoppe en dat gegeven is ek by Diet Huber werom te finen. Dochs falt by Diet in oar skaaimerk mear op, en wol it boartsjen mei taal, dat foar in tige wichtige fernijing yn de berneliteratuer soarge. De Flaamske ûndersiker Jan van Coillie skriuwt oer dat taalboartsjen: ‘Sterker dan Schmidt en Hoekstra (ntl. Han G. Hoekstra, JW) heeft Diet Huber een voorkeur voor nonsens en woordspel. Schmidt schiep de Orrekiedor en Hoekstra de Knispadenzen, maar de bundels fan Diet Huber worden overspoeld door wezens als de theepotaurus, de Koekedorus, de flikflooi, Uultje Molekuultje, de Veter-eter, de O-vogels, de Kwori Wori.’[i]

Net allinne yn de Nederlânske bondels is dat te finen, de Fryske leverje likegoed dat soarte fantasyfigueren op. Tink mar oan de Snie-iters, Rapke Rûgel, Abe Sjipkop, Sytse Slokker (in fariant fan Holle Bolle Gijs), de keningin fan Sipelspruten en de kening fan Blakikkerblikje, allegear nammen út har debútbondel Tutte mei de linten. Dy titelfiguer is op harsels fansels ek al in bysûndere figuer. It gedicht oer De Snie-iters is neffens Diet Huber sels ynspirearre troch it wurk fan de Ingelske nonsens-dichter út de 19de ieu, Edward Lear.[ii] Dy ynfloed wurdt ek neamd yn Het ABC van de jeugdliteratuur, krekt lykas har ‘speels, sterk associatief taalgebruik (wat tot allerlei nieuwe woorden leidt: mama-ver) en een grote nadruk op de fantasie’.[iii]

Yn guon Nederlânsktalige blomlêzings fan bernepoëzij dy’t de lêste desennia ferskynd binne, is ek wurk fan Huber opnommen, lykas bg. yn de bondel Kom maar dichter fan earderneamde Van Coillie (1990). Yn lettere bondels fan dy kenner fan bernepoëzij is har namme lykwols net mear te finen. Wol stiet wurk fan har yn de bondel Van Alphen tot Zonderland fan dy oare Nederlânske kenner, Anne de Vries, al binne it yn dat gefal mar twa gedichtsjes. De gearstallers fan de bondel Als je goed om je heen kijkt zie je dat alles gekleurd is (1990)[iv] neame har ‘een met zin voor het nonsensicale begiftigde dichteres voor kinderen’ en nimme sa’n seis gedichten fan har op. De oare bondel fan deselde gearstallers foar jongere bern, Ik geef je niet voor een kaperschip Met tweehonderd witte zeilen (1993) hat sels njoggen fersen, logysk as men betinkt dat har wurk benammen foar dy jongere bern bedoeld is. Ien fan de toppers is ‘Klaas Krintsje’, dat yn it Nederlânsk ek te finen is yn de bondels De uil met de zeven zuurtjes (1959) en De veter-eter (1979), en benammen yn de Fryske ferzje tige bekend is. Dy Fryske is de oarspronklike en Huber naam dy al yn 1955 op yn har debútbondel Tutte mei de linten (hjir sitearre neffens de edysje 199310):

 

Klaas Krintsje

 

Sjoch sjoch dêr komt Klaas Krintsje,

dat is sa’n nuver fintsje!

Op syn kop

hat er in hege dop

en dêrop in mûtse, en dêrop in pet,

en dêrop noch trije pear huodsjes,

en fregest him: “Klaas jong, betsjut dat soms wat?”

Dan seit er: “Ik haw kâlde fuotsjes!”

 

Yn dat gedicht is it fral de kolderike sitewaasje dy’t beskreaun wurdt, sa’t wy dy ek geregeld by Annie M.G. Schmidt tsjinkomme. In moai foarbyld fan it taalboartsjen is it ôftelferske ‘Rinkel tinkel’ (‘Rinkel tinkel / wilewallewinkel / rinkel tinkel / tjidelomtet …’) út Tutte mei de linten of it titelgedicht út De Mâlbroekmich (‘De Mâlbroekmich en de Toarnbeibij / dy ieten út ien pantsje brij. / Doe kaam der in Rûchrimpenreus foarby / dy sei: ‘Hea, brij! Dat liket my . . .’
Huber har earste Nederlânsktalige útjefte wie de earderneamde bondel De uil met de zeven zuurtjes (1959). Yn dy bondel, krekt as yn bygelyks De Veter-eter en Daar moet je nou een beest voor zijn (1989) kin men sjen, hoe’t Diet Huber mei taal boartet. Se makket ûnsin­ferzen fol fantasije lykas dat oer dy wûnderlike fûgel Magogel.

Hubers krantewurk by De Friese Koerier krige in fuortsetting doe’t Wim Hora Adema, dy’t har tige stimulearre by har dichtwurk, har frege de bernerubryk yn Het Parool fan Annie M.G. Schmidt oer te nimmen. Ek út Sweden wei hat se in tal jierren dy rubryk fersoarge. Dêrneist skreau se foar it ferneamde berneblêd KrisKras.

 


Wurdearring

Yn de sekundêre literatuer oer de Nederlânske berneliteratuer as bg. De hele Bibelebontse berg bliuwt har wurk wat mear op de eftergrûn. Wol wurdt se dêr mei Willem Wilmink in pear kear neamd krekt om har nocht oan taal en krijt se in spesjaal plakje fanwege ‘de innigheid van haar werk’ dy’t omtinken fertsjinnet[v]. By dy konstatearring bliuwt it dan fierder en it omtinken wurdt net fierder útwurke.

Yn it ramt fan de Fryske literatuer falt mear erkenning fan Diet har talinten te konstatearjen as yn de Nederlânske. Mei it wurk fan har kollega Tiny Mulder (1921) dy’t yn desele tiid as Diet Huber mei wurk foar bern debutearre, wurdt algemien erkend dat se foar fernijing yn de Fryske berneliteratuer soarge hat. Dat begûn al mei in wiidweidich besprek fan Anne Wadman yn de radiorubryk ‘Literair kwartier’[vi]. Hy wiist dêryn ek op de poëzij fan Annie M.G. Schmidt as de twadde wrâld dêr’t it wurk fan Diet Huber yn bewoartele is. De earste wrâld is neffens him dy fan ‘de aloude, primitieve volkspoëzie van het aftel- en wiegerijmpje. … Van dit sterk ritmisch beleven, waarbij wel de klank belangrijk is, de betekenis der woorden veel minder, vindt men in “Tutte mei de linten” overvloedige bewijzen. Deze poëzie heeft hier nog een zuiver magische funktie, zij staat nog in nauw verband met de oerkunst van de dans, die in het kinderleven ook vaak zo’n grote rol speelt.’ Yn dy literatuer hie, as yn it Nederlânske ekwivalint, lykas sein oant dan ta it moralisme en it anekdoatyske de boppetoan. De beide auteurs, Diet Huber foar in jong lêzerspublyk en Tiny Mulder foar de wat âldere jeugd, kamen mei in nije, ferfrissende toan, dy’t him op de doelgroep mar fral ek op it literêre elemint fan bernepoëzij rjochte. It wurk fan dy beide dichters is dan ek in knierpunt yn de oergong fan pedagogysk-didaktysk en taalpolityk doel nei de mear literêre kant fan de Fryske berneliteratuer.[vii]

Diet Huber hat dúdlik ynfloed hân op (Fryske) kollega-skriuwers. Foaral yn it wurk fan in auteur as Berber fan der Geest komt dy infloed út yn itselde nocht oan it boartsjen mei taal. Dat komt goed nei foaren yn dy har debút It âld kammenet (1983), mar fral ek yn har bekroande en yn it Nederlânsk oersette Bartele Bûse (1988) / Bartele Broekzak (1993).

Lykas sein yllustrearre Huber as dûbeltalint har wurk sels. Dat barde al yn de kranterubriken en sette him fuort yn har debútbondel Tutte mei de lin­ten (1955). In tutte is neffens it wurdboek in ‘onnozel, slordig, onhandig vrouwspersoon’. Mar Diet makket der in hearlik sloarderich frommeske fan mei strikjes en lintsjes, in oanklaaiing dy’t bern oansprekt, ek âldere bern. Noch altyd wurde de gedichten graach lêzen en foardroegen en de generaasje dy’t mei it gedicht oer Tutte opbrocht is, reprodusearret it sûnder muoite.

Nei de beide Frysktalige bondels út har begjintiid ferskynde yn 1979 Fryske poesyalbumferskes, wylst Huber in jier letter mei It Abee fan Boukje it sjenre fan de ABC-boeken útprebearre. By it earstneamde boekje koe se har yllustraasjetalint ek goed brûke en sjen litte dat poesyalbumplaatsjes net perfoarst klisjeemjittich en kitscherich hoege te wêzen. Deselde Boukje wie ek haadpersoan yn noch wer in oar sjenre, dat fan de telboekjes. Op in alderaardichste wize bringt It telboekje fan Boukje (1996) bern yn ’e kunde mei it fenomeen fan dat tellen.

 


Proaza

Neist poëzij, dêr’t Diet Huber foaral bekend mei wurden is, hat se ek proaza skreaun. Foar jongere bern is it ramtferhaal De Teltsjebeam (1976), dêr’t se neist it proazaferhaal fan in pratende en fertellende beam it dochs net litte kin ek wer gedichten yn op te nimmen, ûnder oaren har kostlike ‘Widzesankje fan in flie’. Sels fertelt se hoe’t dat boek groeid is út in trolleferhaal dat se yn Sweden makke hie. Dat Sweedske ferhaal like har foar Nederlânske bern dochs net sa gaadlik, mar wat jierren letter kaam se dy heimsinnige beam fol ferhalen en ferskes wer tsjin. Dy ferpleatste se doe nei Fryslân en sa waard it de Teltsjebeam. Yn 1993 krige se fierder de opdracht foar it skriuwen fan it Aksjeboek foar de jierlikse Berneboeketiid. Dat waard Blinder de boekeflie, dat folle minder omtinken krige as har Teltsjebeam.

Wiene dy beide ferheljende boeken fiksje, dêrneist hat Diet in tal autobiografyske ferhalen oer har jeugd skreaun, mei as earste Nûmer alve (1988) oer har beukerjierren, bedoeld foar folwoeksenen. It nûmer tsjut op it húsnûmer fan har bertehûs yn de Ljouwerter Koestraat. Yn koarte sketsen jout se in moai byld fan in foaroarlochske folksbuert. Aardich dêrby is de rol fan de earderneamde skilders, omke Andries en neef Bauke van der Sloot.

Wie dat boek yn it Frysk skreaun, dêrnei hat Diet Huber noch twa Nederlânsktalige boeken oer har jonge jierren publisearre, en wol Rin­ske en de stoom­tram (1986) en Meis­jes trouwen toch (zei tante Dirk­je) (1993). Yn dy jongereinboeken binne in soad saken út har jeugd ferwurke. Se beskriuwt dêryn de tiid, foar’t se nei Amsterdam ôfsette. Sa fertelt de haadpersoan fan Rinske en de stoomtram, hoe’t it libben wie yn de jierren foar en ûnder de oarloch mei de krisistiid en de fatsoen­like ear­moed. Heiten waarden ûntslein en soms wer oannommen, mar dan wol foar in folle leger lean.

Yn Meisjes trouwen toch is haadpersoan Afke troch it wurk fan har heit nei ‘Het Woud’ (= Oranjewâld) ferhuze. Nei in jier op de Mulo wol se net nei de HBS, mar leaver skriuwt en teke­net se. Har heit is it dêr net mei iens en sadwaande siket se wurk yn in winkel. Wilens giet Afke troch mei har teken- en skriuwwurk. Dat hat as risseltaat dat se op ’t lêst har winkelbaan opsizze kin en foar in museum oan it wurk giet. Yn dy tiid, op 10 maaie 1940, falle de Dútsers Nederlân yn.

Beide boeken fertelle oer in tiid dy’t noch net iens sa hiel lang lyn is. Se binne benammen sa boeiend om’t se it deistige libben fan gewoane minsken yn drege tiden sjen litte.

 


Bekroaningen

It is opfallend dat Diet Huber net in soad offisjele prizen foar har wurk hân hat. Dat hat foar in part te krijen mei it feit dat guon mooglikheden ta bekroaning yn har produktive tiid noch net bestiene. It sirkwy fan Griffels en Penselen stie noch mar yn de berneskuon, bernesjuerys wiene noch net sa bot yn de moade en de Fryske Simke Kloostermanpriis waard yn 1983 foar it earst útrikt, doe’t har wichtichste bondels al jierren lyn ferskynd wiene.

De twadde (Fryske) bondel fan Diet Huber, De Mâl­broekmich (1957) krige wol in ûnderskieding as ien fan de fyftich bêst fersoarge boeken fan dat jier. Yn 1959 stie har Hollânsktalige bondel De uil met de zeven zuurtjes op de nominaasje foar in Gouden Griffel, wylst it boek De veter-eter yn 1980 in Vlag en Wimpelbekroa­ning krige. Dy­selde eare foel Rinske en de stoom­tram ek ta. Har iennichste ynter­na­sjo­nale priis krige Diet Huber foar har ABC-boek, It abee fan Boukje, en wol in earfolle fermelding by de Italiaanske priis ‘Premio Euro­peo di Letteratura Giofanile’ (Europeeske priis foar bernelitera­tuur; 1982).

Nettsjinsteande it lytse tal offisjele bekroaningen krige it wurk fan Diet Huber in prominint plak by it lêzerspublyk, benammen it Fryske lêzerspublyk. By it jierlikse FeRstival binne se noch geregeld te hearren en by de feestlike optochten op de doarpen komt men fral Tutte noch faak tsjin. Gjin wûnder dat yn 1993 de tsien­de printinge fan it boek op in kostlik Tuttefeest yn it Ljouwerter Theater Romein presintearre wurde koe. Op ’t heden wurdt wer tocht oan noch in nije printinge fan dit sa stadichoan klassike berneboek. Soks komt in Fryske auteur net sa faak oer!

In oare bekroaning is de wurdearring fan kollega-skriuwers. Krije wittenskippers by bepaalde gelegenheden as ôfskie of jubileum in bondel fol gelearde artikels, doe’t Diet Huber tachtich jier waard, wie dat krekt even oars. Wol kaam der in Earebondel dêr’t in tal Fryske auteurs it inisjatyf ta naam. Hjir gjin geleardens mar kollega’s dy’t yn gedichten har wize fan skriuwen útwurken. It waard in bondel, alhiel yn har styl en mei de sjenres sa’t sy dy beoefene.

 


Oersettings

Ofsjoen fan it twatalige karakter fan har wurk binne der amper oersettings nei oare talen foarhannen, yn alle gefallen net yn boekfoarm. Faaks hat dat ek te krijen mei it soarte literatuer dat sy skreau dêr’t it boartsjen mei in bepaalde taal noch net sa maklik oer te bringen is yn in oare taal. Sels sei se dêroer yn in ynterview dat ik mei har hie (Friesch Dagblad, 18-9-1993): ‘Yndertiid woe James Krüss Tutte mei de linten yn it Dútsk oersette, mar dêr seach ik doe de needsaak net sa fan yn. Yn Sweden haw ik it alris mei immen oer in Sweedske oersetting hân, mar dy konstatearre dat it fers oer Tutte net oer te setten is. Dat wie ik wol mei him iens. Foar de bondel mei yn it Hollânsk oersette Fryske poëzy dy’t meikoarten by Meulenhoff útkomme sil, haw ik dan ek oare fersen útsocht.’

Wol is it kostlike fers fan it âlde wyfke en de baarch earst yn it Ingelsk en it Dútsk, en letter yn it Russysk oerset. De earste beide oersettings waarden opnommen yn de blomlêzing Frisian Literature today/Friesische Literatur heute (1993), dy’t útjûn waard doe’t Nederlân sintraal stie op de Frankfurter Buchmesse. De Russyske oersetting fan Mindert Wynstra ferskynde troch kontakten fia IBBY, de ynternasjonale organisaasje foar berneliteratuer, yn in Russysk tydskrift.

Hoewol’t Diet Huber ek proaza skreaun hat, wie poëzij it sjenre dêr’t har krêft yn lei. Se hat ynfloed ûndergien fan de Hollânske Annie M.G. Schmidt en Ingelske nonsensdichters as Edward Lear en Lewis Carroll, mar hat ek wis in eigen lûd. Dêrmei hat se har oanpart levere oan de fernijing fan de berneliteratuer, al hat dy yn Fryslân mear erkenning krige as yn hiel Nederlân. Likegoed kin har wurk, benammen dat út de jierren fyftich, sa stadichoan by de klassiken rekkene wurde en sprekt dat bern fan hjoed de dei noch altyd oan.

 

 

 

[i] Jan van Coillie, Leesbeesten en boekenfeesten: Hoe werken (met) kinder- en jeugdboeken? Leuven, Davidsfonds/Infodok, 19992, s. 248.

[ii] Fraachpetear yn Friesch Dagblad, 18 sept. 1993.

[iii]Joke Linders, e.o., Het ABC van de jeugdliteratuur: In 250 schrijversportretten van Abkoude naar Zonderland. Groningen: Martinus Nijhoff, 1995, s. 237.

[iv] Buul, Tine van en Bianca Stigter, Als je goed om je heen kijkt zie je dat alles gekleurd is: Gedichten voor kinderen van alle leeftijden. Amsterdam: Querido, 1990, s. 211.

[v] Bekkering, Harry et al, De hele Bibelebontse berg: De geschiedenis van het kinderboek in Nederland & Vlaanderen van de Middeleeuwen tot heden. Amsterdam: Querido, 1989, s. 580.

[vi] Literair kwartier wie in rubryk fan de Rono, dêr’t Fryske literatuer foar in Nederlânsktalich publyk besprutsen waard. (17-2-1956)

[vii] Sjoch ek Laverman, Jant, Feroaring yn byld en bân: Fryske bernepoëzij yn de tweintichste ieu. Ljouwert: Fryske Akademy, 2000, û.o. s. 71 e.f.

 

Earder publiseard yn de Moanne nûmer 2, febrewaris 2009.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.