• 29 mei 2016

    Achte kolonel De Smit, In moaie sêne wie it, dy oankomst fannewike op de fleanbasis. De kommintator dy't de Loftmacht ynhierd hie om op de eigen live-stream ferslach te dwaan kraaide deroer, der wie goed neitocht oer de formaasje wêryn't de fleantugen oer de spotters en kameraminsken hinne fleagen, de brânwacht spuite it wijwetter as in hillich ritueel oer de debutanten hinne, minister en medailleboarsten [...]

  • 12 april 2016

    KAREN BIES -  Mei in kuorfol droege woarsten rin ik lâns de doarren. Trije soarten: Grinzer, dy hat de measte krûdnagel. Drintske, dat is de hurdste. En Fryske, dy wurdt it measte ferkocht. Fryske droege woarst is de sêftste fan de trije. Like sêft as de doarpsbewenners sels. Want op in inkeling nei, dy’t seit dat er ‘fegetarysk’ is, keapje de measten wol in woarst fan [...]

  • 3 april 2016

    BART KINGMA -  Op de dei dat bommen barsten op Zaventem wurke ik mei in kollega dy't yn Amsterdam wennet. Se fertelde oer de eangst dy't se net talitte wol, mar lykwols alle dagen sterker fielt as se troch de stêd rint. Op drokke plakken yn it sintrum komt se noait mear hielendal los fan de gedachte oer dat iene momint dêr't se mei syn [...]

  • 6 maart 2016

    Bêste Grunnegers, Dus. Jim wolle fan it Grunnegs in offisjele taal meitsje. Da's wol stoer. It Nedersaksysk is yn al syn foarmen de muoite wurdich, soms sels prachtich. Ik ha ris meidien oan it Grunnegs diktee en mei oergeunst sjoen nei de moaiste wurden dy't jim hawwe. 'Stoer' bygelyks, dat betsjut by jim 'lestich, dreech'. En jim ha fansels foar ivich Ede Staal, dy lit [...]

  • 4 maart 2016

    KAREN BIES - Wêr soe se no wer úthingje, ús Amalia. Ik klik op de webside fan Kening fan 'e Greide. Noch hyltyd yn Spanje! En it is hjoed al 4 maart. Myn foarsizzing wie dat Amalia op 4 maart, kertier oer achten moarns, yn Fryslân oankomme soe. Ik sjoch nei bûten. Se hat grut gelyk. Op www.waarisamalia.nu stiet dat Amalia mei har stjoerderke noch omfljocht [...]

  • 7 februari 2016

    Achte riedsleden fan Harns, Hoefolle rek sit der yn jim ynskattingsfermogen? In soad, liket my. Dat moat ek wol, want fan helderheid en oersjoch moatte jim it net ha, as it om de ôffaloven giet. Foar in bûtensteander is it net te folgjen wat der no krekt oan de hân is, en as ik provinsje- en gemeentebestjoerders praten hear krij ik net de yndruk dat [...]

  • 3 februari 2016

    HENK WOLF -  Meastal skriuw ik foar de Moanne oer dingen dy't my yn 'e deistige taalpraktyk opfallen binne. No wol it ris oars dwaan: ik wol wat spekulearje oer it Frysk fan de takomst. Hoe soe dat klinke? De oanlieding is in kolleezje taalskiednis dat ik jou foar studinten Nederlânsk. Dêrby beprate wy trends yn taalferoaring. Yn dat ramt ha wy sjoen nei de [...]

  • 18 januari 2016

    Bêste Jitse, Goed 50.000, dêr stie de teller sneintejûn op. Digitale hantekeningen om dy in hert ûnder de riem te stekken. Da's in yndrukwekkend oantal, in Feijenoard-stadion fol minsken dat dy tajuicht. Je soenen der suver ferlegen fan wurde, as ienfâldige jonge út Ljouwert. Ik sneup eefkes troch de kommintaren dy't de minsken achterlitte op de site. Dy lige der net om. Wurdearring foar dyn [...]

  • 5 januari 2016

    Achte hear Algra, De earste wike fan jannewaris, dat is fansels de wike fan it weromsjen. Weromsjen op de krystfakânsje. Hoe hawwe we 't yn godsnamme oerlibbe: al dat iten en drinken, al dy besites, al dy listjes fan moaiste, minste, leukste of lestichste boeken, films, programma's en politisi; of al dy mankelike ferhaaltsjes fan Top 2000-harkers oer hoe gesellich se it froeger hienen, doe't [...]