‘Wat zal daar nog verder uit die Dreyfusgeschiedenis voortkomen?’

SYTSKE VELTMAN & ALBERT VAN DER MEER –  Op 2 oktober 1899 skriuwt Frits Holleman in lange brief oan syn dochter Alida yn Ljouwert. De heit komt krekt werom fan in reiske nei Frankryk. Fuortendaliks nei it refyzjeproses fan Alfred Dreyfus hie er in hoartsje yn Rennes west. Hy moat goed op de hichte west ha […]

De beurs bliuwt baas yn Snakkerbuorren

RYNK BOSMA –   As de romantyk it gefjocht oangean moat mei de sinten dan witte je de útslach op foarhân al. Dochs kin it dêrom noch wol in nijsgjirrige twastriid wêze mei allegeare sydpaden. Dat is it gefal by it iepenloftspul In see fan lân yn Snakkerbuorren. It ferhaal giet oer in frou fan […]

Romte

WILLEM WINTERS – It skaaimerk fan Fryslân is de romte, binne de fiere kimen. Teminsten at men poëten en oar romantysk folk – guon keunstners, fotografen en politisy – leauwe wol. Ik doch net mei. Dat trompetterjen oer de Fryske romte is teater. Wêr fynst noch in ûnbehindere útsicht fan in kilometer. Nim allinnich mar […]

Krol yn Riga (7)

JAAP KROL –  De presintaasje fan ús oersettings wie fansels net samar in presintaasje. It Latvian Literature Centre hie foar ús in boppeseal reservearre yn it alternative jongereinsintrum. Gelokkich wie der mear publyk (12) as skriuwers (5), sadat ik gewoan beweare kin dat elkenien der wie – elkenien dy’t yn Riga e.o. hot is, dêr’t […]

Krol yn Riga (6)

JAAP KROL –  It proazafestival dêr’t wy foar útnoege binne, komt hurd tichterby. De Letske televyzje hat west, de radio ek. Bin ik yn Nederlân in (sofi)nûmer, hjir kin ik net mear allinnich oer strjitte. Dat kin trouwens sawiesa net, oars soe ik ferdwale. De Slowaakse skriuwer Jaroslav Rumpli fynt alles bêst, salang wy mar […]

Krol yn Riga (5)

JAAP KROL –   Ik wie nei it plattelân set, want al dat fijnstof yn de noas is net altyd noflik. Ik naam dus op de gok in moarnstrein en kaam yn Lielvārde, in Letske ‘stêd’ op in oere fan Riga. Lielvārde hat noch gjin 5.000 ynwenners, mar alle plakken mei in sikehûs en gemeentehûs […]

Krol yn Riga (4)

JAAP KROL –  De dagen yn Riga fleane foarby. Ik moat bekenne dat ik sa stadichoan op it punt kom dat ik net nei hûs wol. Ik bin eins noch noait yngeand mei oare skriuwers omgien. Earst wiene wy wat ûnwennich foar inoar oer, mar yntusken besprekke wy fan alles en ha wy keet by […]

Krol yn Riga (3)

JAAP KROL –  Neffens Nederlânske mjitten wurdt it al aardich winter yn Riga. De temperatuer sakket nachts nei tusken de fiif en tsien graden ûnder nul en oerdeis komt er net heger as fiif (miskien seis). As it winter is, lykje de auto’s hurder te gean en rinne de minsken hurder oer de stoepe, as […]

Krol yn Riga (2)

JAAP KROL –  Eltse moarn stek ik de drokke strjitte oer om in moarnsbrochje te iten by in bakkerij. Dêrnei wurde wy ophelle en sitte wy om in grutte tafel yn it gebou fan de Latvian Writers Union. De sesje fan sneon bestiet foaral út it yn de kunde komme mei. As jo jo belestingjild […]

Krol yn Riga (1)

JAAP KROL –  Ik waard útnoege om nei Riga te gean, om dêr in workshop korte-ferhalen-oersette te folgjen. Dizze workshop giet út fan de organisaasje Literature Across Borders (LAF), dy’t oeral yn Europa literêre eveneminten as dizze organisearret. De dielnimmende skriuwers komme út gastlân Letlân en fierders út Tsjechië, Slowakije en Katalonië (ik soe fansels […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.