De lûden fan 2023 – 10 platen om fan te hâlden

Publisearre op 30 december 2023

 

Foar de Moanne set redakteur Arjan Hut tsien fan syn favoriete platen út it ôfrûne jier 2023 op in rychje.

Al binne platesaken stadichoan museumwinkels, partsje guon artysten har albums fergees om as visitekaartsje en ferdwine opbringsten yn de bûsen fan streamingstsjinscowboys, kreativiteit lit him net keare! Sa waard ek yn 2023 wer in hearlike pot muzyk betocht, opnommen en útbrocht. Hjir tsien harktips, op samar in folchoarde, fan artysten dy’t in link ha mei Fryslân.

Murk Aukema

In rêstige man mei in gitaar, hy komt fan Jobbegea en It all starts now is syn twadde album. In soartemint coming-of-age plaat, mei teksten dy’t nei binnen ta keare fan in muzikant dy’t syn eigen paad folget. Beskieden yn alles, nei in healoere is it alwer foarby … en sette we him gewoan nochris op play.

Split lp Ter Ziele – Dodenbezweerder

Dodenbezweerder bestiet út libbene leginde Maurice “Mories” de Jong en drummer Jouke Grit. Se spylje ien kant fan dizze split-lp (Friese Vinyl Club) fol mei in muzikale horrorkoartsdream op titels as Het vervellende licht en Hemelbrand. Grit drumt ek op de oare kant, mei Ter Ziele. Grit, Mories en Ter Ziele-gitarist Patrick Monsma diene boppedat dizze hjerst mei oan Skaaf Sessies 2: Fryske dichters & Metal. Mei gromsang en slepende tempo’s klinkt Ter Ziele sa heavy dat de platespilet derfan kreaket. Twa fette monsters, Wheel of motion en Losing the will to drown, metal bloeit yn Fryslân!

Tigers fan Greonterp – Myn geast

De Tigers kamen fan’t jier werom mei in nije plaat en namen net hiel lang dêrnei ek ôfskie fan it hiele muzikale barren. It lêste optreden wie op Explore the North. Hawar, de formaasje mei ûnder oaren Hedser Tijtsma (Ljoubjr), Master Gurbe Gerbrandy (Xigatze) en dichter/sjonger Elmar Kuiper leveret mei Myn Geast in tiidleaze plaat ôf. Literatuer, spacerock, wave, indy, Greonterper tigers litte har net yn in hok stopje. In stap fierder as it ek al net ferkearde debút fan seis jier earder, alle yngrediïnten falle op harren plak. Harkje mar is nei Ien stap, dat sweeft as Hawkwind en rint as Sifan Hassan. 

Split lp Incursion Dementa & Atmoran – Old dogs …. new tricks

Old School vs More Recent School op dizze ymposante split-lp útbrocht fia Bigbadwolfrecords. Incursion Dementa hat de woartels yn it St-Anne fan de jierren 80. De feteraren jouwe de leafhawwer in snoeihurde pot punky thrash mei âlde favoriten as Cut this life en Nightmare. Atmoran tapet út in progressivere death metal-boarne, mei heavy riffs fol sfearfolle passaazjes en hieltyd krekt wat oars ast ferwachtsje soest. Dizze hollebatsers wurde net om ‘e nocht ferlike mei grutheden as Opeth en Sepultura. In topband yn de metalscene, en it fiiftal wurket oan in nij album!

Esther de Jong – Even over leven

De leafhawwer moast der even op wachtsje, mar yn ’23 ferskynde Esther de Jong har Even over leven by it romrofte label Excelsior. In hearlike dreamplaat, om hielendal yn te ferdwinen. De mankelike klanken fan De Jong wurde hjir oanklaaid mei in folsleine band. It is somtiden krekt in harkspul, ja, we geane sels ûnder de douche (of is it dochs rein?). Opfallend is it healsprutsen, uptempo Hier en nu, mei in fideoklip dy’t al op ferskate filmfestivals draaide en no ek nominearre is foar in Fryske popaward. Even over leven ferskynde op lp yn in klaphoes, it artwork fan Jelle van Gosliga is ek al in boppeslach.

It Dockumer Lokaeltsje – Trump yn Makkum

Faillisemintskeunstner Donald Trump ynspirearre earder al de Fryske grindcoreformaasje Trumpets of the Apocalypse ta in hiel album. No hat ek it fjouwerkante trio It Dockumer Lokaeltsje him bûge oer de aventoeren fan de Amerikaan, en wol oer dy kear dat er in arkje fan mear as 100 meter lang bouwe liet yn Makkum. Dat gong op kop en earen ferkeard. Net de hiele cd Trump yn Makkum giet dêroer, der binne ek fernimstige ferskes dy’t stuiterje en ragge ûnder titels as Mieke Het Un Droan Kocht en Georginho Wijnaldum. Tekstkeunstner Peter Sijbenga is net te hâlden.

Sido Martens – M4

Mei tank oan it stipefûns M4 hat de legindaryske Ljouwerter muzikant Martens ek dit jier in pracht fan in nije plaat presintearre. Yn in lytse oplage fan 75, yn in boekje mei rebussen, de leafhawwer moast gau taslaan. Neushoorn kafee siet groatfol by de presintaasje, der moasten ekstra stuollen oanslepe wurde. Pearels as Kleine haven, Voor later of Hoogste tijd, it hâldt net op mei Martens – en syn kompanen Lielian Tan, Hubert Heeringa en Jan de Vries. Poëtyske teksten op hûskeamersmûke muzyk, mei sels wat passaazjes yn it Frysk (Himpenstearns)!

Nyk de Vries & Artvark – Tagelyk

Dit projekt fan auteur Nyk de Vries en Artvark hearde ik foar it earst op Poetry International. De Fryske skriuwer en it saksofoankwartet wurken dêrnei rêstich fierder oan it ferhaal fan in bussjauffeur, in Fryske boufakker en in ûnwennige mem. Yn it Nederlânsk (mei út en troch wat Frysk). Tagelyk is in foarbyld fan hoe’t foardroegen tekst en muzyk mei inoar tikkeboartsje kinne, it smyt in frisse, hypnotisearjende jazzplaat op, dêr’t De Vries syn stim en frasearring hielendal geargroeie mei de stjitterige blazers. It risseltaat is in literêre jazzplaat fan komsa, yn in lúkse, stylfolle ferpakking dy’t sokke kwaliteit fertsjinnet.

Newland – Trust, hope, love

In nije Newland, dat is altyd wer in kadootsje! De yn Harns wenjende Alex Nieuwland bringt syn achtste album út sûnt Love and War (2016). De grutte produktiviteit is yndrukwekkend, mar ek de muzyk sels wit alle kearen wer te oertsjûgjen. Diskear folslein skreaun en spile en songen troch de artyst sels. Tiidleaze, pakkende popferskes, mei it yntime karakter fan in singer-songwriter, en altyd wer sublime & subtile details. Lykas dy dreamerige gitaarsolo healweis No one, dat in stylfolle fideoklip krige.

Sarah Sötemann & CP Berbée – Luidkeels Samen!

Dizze lêste titel is der in bytsje tuskensmokkele, want ferskynde al yn ’22. Mar ik hearde him pas dit jier, en gelokkich mar. Konseptueel keunstner CP Berbée (tafallich foarop de nije edysje fan de Moanne!) en singer songwriter Sarah Sötemann namen ferskate ynterviews op mei minsken op jierren …. oer harren earste leafde. Fragminten fan de petearen wurde op de lp kombinearre mei ferskes fan Sötemann. Der is ek in cd-ferzje, mei de folsleine ynterviews op in aparte disk. It risseltaat is in sjarmant harkspul fol ôfwikseling dat foar gesellicheid, ferwûndering en fleur soarget. 

No, dit wie it foar 2023. Ha we wat mist yn dizze list, set dyn eigen favoryt yn de kommintaren! Rock on yn 2024.

Foto: Tryntsje Nauta. CP Berbée op de omslach fan de nije Moanne.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels