Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard: Nije Tune & Dune

Publisearre op 8 maart 2024

Wiebe “Kaspar” Kaspers presintearret syn plaat This is why. Foto: GT

Ignatius J. Reilly, wat in personaazje!!!


We hawwe in nije tune, makke troch Wim Brons (of soe it AI wêze kinne?)

Arjan fynt it foaropwurd fan de Ensafh in bytsje Apokalyptysk en wol dêrtroch graach rolskaatsen keapje. Gabrielle seach Dune 2 en gie nei Centerparcs en hierde dêr in e-bike en fûn yn de ynbringwinkel fan Frjentsjer in moai gedicht.

Wy prate oer de gefaren fan de stêd Ljouwert, mar ek Frjentsjer blykt gefaarlik te wêzen. Fierder oer it nijste koarte ferhaleboek fan Sipke de Schiffart en oer teletekst, libjend kegeljen en in soad oer fytsen en fansels oer ús húsdieren, jim favorite ûnderwerp! 
Arjan lies ek noch de twa bêste boeken ea: We have always lived in the Castle & it ferflokte A confederacy of Dunces. Moai dat we dizze podcast krekt opnamen op de Dei fan it Boek.

De nije plaat fan de Friese Vinyl Club (nèt Fryske Finyl Klup) is fan Kaspar en it wurdt heech tiid foar in plaat fan Djoeke Boomsma!

Mei gedichten fan Elske Kampen (begjin) en Herman Finkers (oan de ein).

Merricat Blackwood! Wat in personaazje!!!

Djoeke we love you! Foto: GT

Lekker lêze …. salang as it libben duorret. Foto: GT

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels