Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Instagram en Stêdsdichters

Publisearre op 21 maart 2024

Ronald Wijnia te gast, hy wie hast stedsdichter, hoe is it dat er it net wurden is? Ek is Ronald in bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld.

Foto troch de freondinne fan R. Wijnia

Ronald Wijnia is te gast, hy wie hast stedsdichter en is bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld.

Ronald sit ek yn de organisaasje fan de AMAI awards, dê ’t ûnder oaren Mees van Rijswijk en Jaimy HiHaHo (Hindriks) foar nominearre binne.

Wy krigen post fan dichter Lubbert Jan de Vries en Gabrielle besiket it krigen gedicht foar te dragen, mar dat giet mis, mar dat is de realiteit fan it foardragen.

Arjan gie nei de platebeurs en fûn kristlike metal opdroegen oan abortearre poppen.

De film Witte Wieven út de searje Koolhoven presenteerd waard sjoen en Gabrielle fûn it net leuk, mar Arjan wol, hy seach ek The Kingdom út.

Eartiids seagen Ronald, Gabrielle en Arjan rare dingen offline yn tydskriften, hoe gie dat krekt? Gabrielle lêst foar út de Fryske ferzje fan it boekewikegeskink fan de Chabotten: Gesinsferpakking. Gûle wy faak om boeken? Fierder: Europapa, Joost Klein, hoe goed kenne wy him? Ha wy wat mei it sjongfestival? Arjan hat in Dúts gedicht makke. Mei poëzy fan Arjan Hut. Lubbert-Jan de Vries en Ronald Wijnia

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels