Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Blowen en Leauwen

Publisearre op 25 april 2024

Op psychedelyske sokken is it noflik podcasten. (Foto: GT)

Gabrielle wie op poëzietour en Arjan belibbe gaos op ‘e Nacht fan ‘e Filosofy. Boppedat wie it op dy dei, 20 april, de dei fan de blower en Record Store Day, falt dat te kombinearjen?

Arjan seach Esther de Jong optreden yn KingKong en Gabrielle seach Wiebe Kaspers yn de Mollema Music world. Gabrielle fynt it te saai om oer Lettertreffen te praten, mar Arjan net, dy spruts dêr mei Nicole van der Berg, dêr’t Gabrielle al earder mei op paad wie as sjuery by Kunstbende.

Fierder: Sokken as sjuerylid, Lil Pier, Fryske Slam nijs, Drachten, Fenix Festival, Woke, Urgent, Intens, Spoken Word, it leauwen, Kopwolven, Liet fan Mysels en Jellum.

Arjan lêst foar út eigen wurk, Gabrielle út it wurk fan Bokke Buwalda. En as lêste noch in gedicht fan Corrie Joosten

Bert de Vries en Gabrielle yn Jellum, presintaasje Liet fan Mysels.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels