Untbleating portret Koos Tiemersma

Publisearre op 25 november 2016

ARJAN HUT – 

Befeiliging wie net nedich, en net ien hie wat te melden oer deadsbedrigings. Dochs waard der tongersdeitemiddei yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar in tradysje ferbrutsen. De tradysje dat fan de Gysbertwinner in portret skildere wurdt. Koos Tiemersma, bekroane foar syn roman Einum, socht net in skilder út, mar in fotograaf: Tryntsje Nauta. Der stie al in pear wiken in foto fan Tiemersma by de doar fan de seal, fan de skriuwer mei in brede glimk en in kleurige achtergrûn as sit er yn in ballebak. Dat wie dus net it offisjele portret!

 

“Prachtich! It liket suver wol in skilderij.”

 

“Hjoeddedei liket it wol oft binne tradysjes yn beton getten en statysk. Der mei neat oan feroarje!”, sei Tiemersma foar de offisjele ûntbleating. Sa’n fjirtich gasten en in hânfol reporters harken mei belangstelling nei de drûchkomyske yntroduksje. Oan de muorren skitteren de portretten fan eardere winners, hoewol’t der in soad replika’s hongen, want de wurken fan Sjoerd de Vries binne útliend oan Belvédère op it Hearrenfean.

Under oaren R.R.R. van der Leest, G. Willem Abma en Rink van der Velde binne ‘útfanhûs’. Han Steenbruggen, direkteur fan Museum Belvédère, kaam dêrtsjinoer spesjaal nei Ljouwert en hâlde in ynlieding mei as titel ‘Wanneer fotografie kunst wordt’. Want hoewol’t de fotografy fan elkenien in potinsjele keunstner makket, der is dochs ferskil tusken de keunst fan it tafal en it wurk dat profesjonele keunstners produsearje. Steenbruggen ferdútste dat er nei it besjen fan in Noarderlicht-eksposysje pas werklik de mooglikheden fan de fotografie yn de gaten krige. “Dat was zo anders dan de bewerkte foto’s waar ik naar keek. Heel indrukwekkend. Dit was het echte werk.”

De fotografe sels fertelde oer hoe ferrast as sy wie troch it telefoantsje fan Tresoar. “In hiele eare”, sei se, “om as earste fotograaf hjirfoar frege te wurden. En net allinne in fotograaf, mar ek noch in frou. As ik sa ris om my hinne sjoch, binne it dochs foaral manlju dy’t portrettearje en portrettearre wurde.” Wy seagen om ús hinne. Simke Kloosterman en Tiny Mulder hongen dêr tusken in legerke hearen.

“Wy hienen daliks in bân en dat is net ferwûnderlik”, knypeage Tiemersma, wylst er in kadootsje út syn stoffen Record Store Day-tas pakte, “Ik bin nammentlik troud mei in Tryntsje. En Nauta, dat is de famylje út De Ljedder.” De foto wie makke yn in metaalbewurkingsloads yn Drachten, dêr’t ek dichter en byldzjend keunster Jan Ketelaar aktyf is. Soe Tiemersma mei syn bleate bast yn in overal portrettearre wêze?

Wat Nauta oanluts ta de lokaasje wie it ljocht. Bert Looper hie it yn syn oankundiging oer seis moanne wurk, Nauta brocht dat werom nei trije dagen. De foto is makke mei in analoge kamera. Tiemersma hat trije dagen nei in itselde blokje hout sjoen om syn blik te konsintrearjen. Hy hie it by him, it siet ek yn de Record Store Day-tas. It kadootsje, dat wie in portretfoto dy’t er sels makke hie, ‘mei myn Nokia’, fan Tryntsje dy’t har ferstoppet achter de analoge kamera op in statyf. “Sjochris nei de moaie linen en hoe’t sy har skonken delset parallel oan it statyf.”

Bilker boogie-bard Hein Jaap Hilarides boude de spanning op en spile noch twa ferskes op it piano. Dêrnei wie it tiid en helje it doek foar it portret wei. Stadich kaam er dêr tefoarskyn, de tradysjebrekker, yn hjerstich metaalbewurkljocht, Froon Akker, de blik op in houtblokje bûten it sicht fan de sjogger. “Prachtich”, lústeren guon en slûpten tichterby om it yn alle detail te besjen. “Prachtich! It liket suver wol in skilderij.”

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels