Laudatio Gysbert Japicx-priis Koos Tiemersma

Bêste Koos Tiemersma, achte oanwêzigen,

Yn it foarste plak graach myn hertlike lokwinsk, út namme fan de Fryske Akademy, oan de bekroande skriuwer fan hjoed, Koos Tiemersma alias Froon Acker, mei de Gysbert Japixc-priis 2015, him takend foar syn lêste roman, ‘Einum’. ‘Einum’ is in besûnder boek, en dêr woe ik hjir graach trije dingen oer sizze.

It earste besûndere is, dat ‘Einum’ in e-book is – faaks sels it earste e-book op ‘e wrâld dat ea bekroand is mei in literêre priis. Dat makket dizze roman behoarlik unyk. Mar eins ek wer net. Want al fyftjin jier lyn, op 4 jannewaris 2001, notearre de skriuwer Joop Boomsma yn syn Skriuwersdeiboek (Boalsert: Koperative Utjowerij, 2002, p. 7):

“Fryske skriuwers moatte har oppenearje op it internet en net allinne mar wachtsje oant de redaksje fan in literêr tydskrift in ferske of in ferhaaltsje opnimt of in útjouwerij beslút oer in jier (of noch langer) in boek út te jaan. Dy tiid hat west! It eigen skriuwersbestean ek sels yn hannen nimme, dat moat der barre. Gebrûk meitsje fan de aktualiteit fan it nije medium: it hjoed skreaune fers kin moarn te lêzen wêze troch de hiele wrâld. Op de thússide fan de auteur. Donderje de boel sels de wrâld yn! Op in eigen internetside. Net mear ûnderhearrich wachtsje op in oardiel fan oaren. De auteur sels bepaalt wat publikabel is en kin publisearje. Elke dei, elke wike. Op it eigen foar elk tagonklik plakje op dat nije medium. Internet betsjut persoanlike frijheid – ek foar de Fryske skriuwer/skriuwster.”

Fan dat momint ôf hat Boomsma doe it hiele jier, fan jannewaris oant en mei desimber 2001, op it ynternet aktyf west en om him hinne sjoen nei it fjild fan de Fryske literatuer. En sa trúnt er de Fryske skriuwers oan: ‘Brûk dy nije media, en donderje dan sels mar de boel de wrâld yn’!

 

It earste besûndere is, dat ‘Einum’ in e-book is – faaks sels it earste e-book op ‘e wrâld dat ea bekroand is mei in literêre priis.

 

Eins die Boomsma sa itselde as noch in generaasje earder, doe’t de Fryske skriuwers yn 1968 ek al in nij medium tapasse foar de poësy: de tillefoan, as medium foar de twatalige Operaesje Fers. Yn 1969 waard oan Operaesje Fers de Gysbert Japicx-priis takend troch de sjuery. Krekt dus as no mei Tiemersma syn e-book. Mar hiel oars as no hat doedestiids it provinsjebestjûr dy priis net oanbieden wollen, en by eintsjebeslút hat it doe de redaksje fan it tydskrift Trotwaer west, dy´t sels, fanút it literêre fjild wei, net allinne dy priis mar ek it jildbedrach (doe noch 1.500 gûne) útrikt hât oan de bekroande skriuwers. Dat giet hjir hjoed dus wol hiel oars.

Yn myn eagen hat dat te krijen mei hoe fluch dat yn de ôfrûne 15 jier allegear gongen is mei dy nije ynformaasjetechnology. Sa fluch – dat sels Koos Tiemersma, dy’t hjoed hjir bekroand wurdt, doe yn 2000 as skriuwer noch amper mar bestie. Mar sûnt dat jier hat de hiele Fryske literêre wrâld – de skriuwers, de tydskriften, de ynstitúten en de útjowers – in grutte digitalisearringsslach trochmakke.

As earste inisjatyf wie der Kistwurk (2000-2003), dernei Farsk (2003-2009) en GO-GOL (2005-2011). Der is fierder de Digitale Histoaryske Bibleteek Fryslân fan Wumkes.nl; de Stichting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF); de Kanon fan ‘e Fryske Skiednis; en de Fryske Wikipedia. Deromhinne ha wy it Taalweb.frl, foar elkenien dy´t Frysk skriuwe wol; ferline moanne hiene wy de grutte oerset-aksje foar Google Translate yn it Frysk en dan rint no ek it programma Redbot.frl foar it digitale Fryske erfguod. Boppedat ha wy it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) yn Tresoar, mei harren side fan Sirkwy.nl. Ek de Fryske skriuwers binne tige warber, sjoch mar de blogspots fan Abe de Vries, Eeltsje Hettinga en sa folle oaren. En net te ferjitten: alle Fryske tydskriften, de Moanne, Ensafh, Nij Frisia (tydskrift foar striid en literatuer fan de Jongfryske Mienskip), Skanomodu.nl en Bernlef.frl ferskine tsjinwurdich online.

Dêrmei hat de Fryske literêre wrâld in dinamyske digitale ynfrastruktuer dy’t besjen lije kin. En sa’t wy ynoanrin ta de Gysbert Japicx-priis fan hjoed wol sjoen ha, hawwe wy yn dy tydskriften in prachtige digitale etalaasje – of better sein: in platform – mei goeje literêre ynformaasje en stevige krityk en debat. Foar it Fryske literêre libben en de Fryske literêre mienskip – tegearre sa in 270 aktive skriuwers – is it digitale domein tsjintwurdich wier in wichtich plak.

Yn dizze kontekst fernuveret it eins net dat Fryslân mei Tiemersma syn e-book no dizze digitale primeur hat. Oars sein: unyk is Tiemersma syn e-book wis, mar it komt hjir hjoed net samar efkes út de loft fallen. Of, at ‘Einum’ al út de loft komt – lykas dat ‘seldsum fûgeltsje’ út Kanada wei yn syn roman – dan bedarret dit e-book hjir yn alle gefallen yn de digitale literêre wrâld fan Fryslân op in fruchtbere boaijem.

Twads. Neffens de sjuery is ien fan de kwaliteiten fan Tiemersma syn ‘Einum’, dat hy dêrmei de plattelânsroman op in intelligente wize op ‘e nij wer útfun hat. Wa’t dat heart, tinkt fuortendaliks oan de dissertaasje út 1984, ‘Proza van het platteland’, van de betûfte Fryske literatuersosjolooch Trinus Riemersma – in yngeande stúdzje fan it sjenre fan de plattelânsroman sa’t dat yn de earste helte fan de tweintigste iuw bestie yn ‘e Fryske literatuer. Yn dat sjenre wie der doedestiids in skerpe tsjinstelling tusken stêd en plattelân, as twa aparte domeinen, folslein tsjinoer inoar: it doarp dêr’t alles rêstich en moai en natuerlik en djipfrysk is en dêrtsjinoer, fierwei, de stêd as in ûnnoflik, hiel min en drigend gefaar.

 

Gjin inkelde kear werhellet dizze skriuwer himsels, alle kearen komt er mei nij en oar wurk, byldzjend, fol fantasy en mei faasje skreaun, yn in libben, sprutsen, hjoeddeisk Frysk.

 

Mar anno 2015 jout Koos Tiemersma yn syn ‘Einum’ wol in totaal oar byld. Einum – in doarp ‘dêr’t sels de huzen fernikkelje, in gat dat troch de rotten mijd wurdt’, sis mar it Siberië fan Fryslân – is wol fierwei, ‘oan ’e ein fan ‘e bewenne wrâld’, mar sit fol mei frjemde fûgels. Dat yn syn roman besteane stêd en lân net mear apart – alles rint folslein troch inoar. Yn ‘e stêd – dêr moast hinne foar dokuminten en útkearingen, foar wurk en útgean, dêr kommen de boadskippen, de plysje en de mantelsoarchers wei. Oarsom hast ek op it plattelân te krijen mei alle ûnnoflikens fan it moderne libben yn ‘e stêd – Hell’s Angels, wietkwekerijen, pedofilen, flechtlingen en asylsykers, krimp en earmoed – en ek it libben en de dea as tema’s fan oeral en altiid.

Dit portret fan it Fryslân fan hjoed wurdt de lêzers fan ‘Einum’ presentearre yn in nije romanstruktuer, yn fragminten sûnder alwitende ferteller, troch in ferskaat fan inoar oanfoljende en tsjinsprekkende ik-fertellers. Mei dizze komplekse, hast multatuliaanske fertelstruktuer en syn iepen ein jout it boek ek gjin ienriedige en simpele boadskip mear. Sadwaande bringt ‘Einum’ ús tagelyk in fernijing fan de foarm en fan de ynhâld, fan it sjenre en fan de technyk.

Dat is in nij en nijsgjirrich lûd, en dat is by Tiemersma al sa sûnt it begjin fan it nije millenium. Doe’t ik syn eardere boeken lies, hie ik hieltyd tocht dat er pas tritich jier of sa wêze soe. Syn debútroman, ‘De Ljedder’, ferskynde pas yn 2002, dêrnei folge in grut ferskaat oan wurk, alle kearen mei in nij ûnderwerp en in oare foarm en struktuer. Gjin inkelde kear werhellet dizze skriuwer himsels, alle kearen komt er mei nij en oar wurk, byldzjend, fol fantasy en mei faasje skreaun, yn in libben, sprutsen, hjoeddeisk Frysk.

Dêrmei heart er folslein thús yn de ienentweintigste ieu en by de jongste Fryske skriuwersgeneraasje. At we dêrnei sjogge, dan soe ik tinke dat wy no, mear as tritich jier nei de dissertaasje fan Trinus Riemersma, grut ferlet ha fan in nije Fryske literatuersosjologyske stúdzje dy’t de fernijing analysearret fan de Fryske literatuer oan it begjin fan de ienentweintigste iuw – in fernijing dêr’t Koos Tiemersma sa in wichtige bydrage ta leveret.

Myn tredde punt giet oer Gysbert en syn taal. Efkes werom nei Boomsma yn 2001. Wylst Boomsma doe de IT omearme, is de meast neamde skriuwer yn syn Skriuwersdeiboek dochs noch altyd Gysbert Japicx. Dêrmei makke Boomsma noch in oar ding hiel dúdlik – ek yn it digitale tiidrek giet it om de trochgeande rillevansje en ynspiraasje dy’t Gysbert no hjoed noch altiid jout.

Dat komt sa: Gysbert skreau yn it Frysk, de sprutsen folkstaal fan syn eigen tiid. En dat wie net ‘lomp en benepen’. Doe net en no net. Gysbert brûkte de folkstaal as kultuertaal, en rûn dermei yn it spoar fan in grutte en ieuenlange Europeeske beweging, dy’t begûn mei Dante, mei Petrarca, mei Boccaccio, en mei in grut tal oare Renaissance dichters, skriuwers, skoallemasters, humanisten en útjouwers oeral yn Europa.

 

‘Einum’ is gewoan hearlik en spannend om te lêzen en te genietsjen fan syn Fryske taal en humor.

 

Dêrmei hat er in ieuwenlange tradysje yn gong setten, en yn dy tradysje ha de ûndersikers en literatuerwittenskippers fan de Fryske Akademy – Philippus Breuker wol it meast – altiid troch krewearre om dat sântiende ieuske Frysk fan Gysbert syn wurk tagonklik te meitsjen foar de Fryske lêzers en skriuwers fan no. No krekt in moanne lyn krigen we de nije bondel ‘Midsieusk Frysk’ dêr’t de literatuer fan de 17de iuw troch Eric Hoekstra oerset is yn hjoeddeisk Frysk, lêsber as wie it jústerjûn spesjaal foar ús skreaun.

Takom jier krije wy de 350ste betinking fan it ferstjerren fan Gysbert, hjir yn Boalsert by in pest-epidemy yn septimber 1666 – en dêrom wol de Fryske Akademy dan – yn ‘e mande mei oaren – in ‘Dei fan de Fryske Letterkunde’ organisearje, in inisjatyf dat ik hjirby graach oankundigje wol. Dy dei sil plakfine rûnom 8 oktober, want dat wie de dei yn 1666 dat Gysbert syn testamint foarlêzen waard. Om de twa jier is hjir dan altiid de priisútriking en ús plan is dat yn de oare jierren dertusken dan aanst in dei komt fan ûndersyk en debat – oer Gysbert Japicx fansels, mar net allinne, want wy wolle ek teset mei syn Fryske literêre neiteam.

Dat is it belang fan Gysbert. Sa’t Douwe Kalma seit – wylst yn 1666 de skriuwer weirekke, begûn syn wurk doe pas wier te libjen. En sa hat Gybert ynspiraasje jûn, altiid wer op ‘e nij, oan skriuwers lykas de Halbertsma’s, Waling Dykstra, Piter Jelles, Douwe Kalma en oant no ta. Yn 2003, fjouwerhûndert jier nei’t Gysbert op ‘e wrâld kaam, ferskynde de prachtbondel ‘Myn hert dat trillet my/ Gysbert Japiks 1603-2003′, mei mear as 100 rymlerijen oer leafde en langstme, as in libbend testamint fan Fryske skriuwers dy’t er ynspirearre hat en ynspirearje bliuwt.

Soksoarte taal-ynspiraasje, der giet it om. Sjuch mar nei Tiemersma syn wurk, en benammen it Frysk yn syn roman ‘Einum’ – skreaun yn in mânske styl, in stevich, kantich Frysk, spannend en mei grutte humor, en dêr’t elk wurd doel treft – in nij lûd yndie. En dan no ek nochris sa prachtich útjûn troch Jitske Kingma fan Elikser.

Ik ûnderskriuw dus folslein it sjuery-rapport. Tiemersma syn ‘Einum’ is besûnder – troch syn brûken fan nije ynformaasjetechnology – troch syn fernijing fan it skreaune en literêre Frysk – troch syn fernijing fan fertelstruktueren en it sjenre fan de plattelânsroman. Mar benammen: ‘Einum’ is gewoan hearlik en spannend om te lêzen en te genietsjen fan syn Fryske taal en humor.

Folslein terjochte hat de sjuery dan ek de Gysbert Japicxpriis 2015 takend oan Koos Tiemersma. En derom graach hjir nochris tige lokwinske mei dizze heechste earepriis fan de Fryske literatuer.

 

 

Reinier Salverda

Comments
Ien reaksje oan “Laudatio Gysbert Japicx-priis Koos Tiemersma”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.