Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate
Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan […]
Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga
De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten. Hettinga is al sûnt minskeheugnis leveransier fan moaie stikken for ‘de Moanne’. De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt […]
Wittenskip yn Fryslân
Op 29 maart wie der op de Fryske Akademy in sympoasium oer de takomst fan de frisistyk yn Nederlân. Ernst Bruinsma hold op it sympoasium in ferhaal oer de bestudearring fan de Fryske letterkunde. de Moanne publisearret hjir syn lêzing. It sympoasium waard organisearre troch de Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit […]
Dossier: ‘de Gysbert 2017’
Skriuwer en dichter Eppie Dam is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2017. Hy ûntfangt de priis foar de bondel ‘Fallend Ljocht’. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân wurdt sneon 14 oktober útrikt yn Boalsert. Yn it dossier ‘de Gysbert 2017’ alle bydragen dy’t earder oer de dichter en syn wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.
Likefolle rjochtingen as wrâlden
ELSKE KAMPEN & EPPIE DAM – Twa dichters yn petear ‘In útsprutsen ik’ njonken ‘in ferburgen ik’. Sa typearre Abe de Vries de poëzy fan Eppie Dam en Elske Kampen doe’t dy yn 2014 tagelyk in bondel yn it ljocht joegen. Trije jier letter wie it al wer safier. De ekstraverte dichter kaam mei De […]
Untbleating portret Koos Tiemersma
ARJAN HUT – Befeiliging wie net nedich, en net ien hie wat te melden oer deadsbedrigings. Dochs waard der tongersdeitemiddei yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar in tradysje ferbrutsen. De tradysje dat fan de Gysbertwinner in portret skildere wurdt. Koos Tiemersma, bekroane foar syn roman Einum, socht net in skilder út, mar in fotograaf: Tryntsje Nauta. […]
Rêst yn frede, ea en nea
ANNA MARIJE BLOEM – Sa’n 4 iuwen lyn, om 1700 hinne, barde der wat nuvers yn de Fryske taal. De wurden ea en nea ferdwûnen. Dêrfoar yn it plak kamen it Nederlânske oait en noait. In unyk fenomeen? Op himsels net, der waarden yn dy tiid ommers mear Nederlânske wurden liend. Mar wat wol hiel ferrassend wie is dat dizze wurden yn […]
Premios literarios kutxa Ciudad de Irun
JOSSE DE HAAN – It is healwei achten de jûns. We sitte mei in goeie twa hûndert minsken yn de teaterseal fan it kultureel sintrum fan Irun – Ficoba – op ‘e grins fan Spanje en Frankryk. Om de rotonde hinne foar it sintrum reest it ferkear oer de brêge dy’t de twa lannen ferbynt. […]
… oant se har geast meijoech …
ELSKE SCHOTANUS – Oer nije boekútjeften is, seker yn de Fryske sitewaasje, meastentiids mear te sizzen as allinne ‘wêr giet it oer’ en ‘is it al as net goed?’ Kinst it bygelyks oer de boekepriis ha: €18,50 foar goed 200 siden is eh… djoer… Of kinst it oer (literêre) prizen ha: yn it gefal fan […]