That nigger is a fucking retard

Publisearre op 14 juni 2013

HENK WOLF – 

Wa’t de Fryske ferzje fan Facebook brûkt, kin it wurdsje leuk oanklikke as in berjocht him wol oanstiet. Op de websites fan de Afûk is it wurd ‘leuk’ heel wat kearen te finen. Foar guon Friezen is dat in griis.

It ferset tsjin nije wurden kin heel lang duorje. Skriuwadviseur Jan Renkema karde yn syn Schrijwijzer fan 2005 it wurd ‘middels’ noch ôf, wylst dat doe al likernôch in ieu yn it Nederlânsk yn gebrûk wie. En de wurden ‘oait’ en ‘noait’ binne al hûnderten jierren gewoan Praatfrysk, mar yn de skriuwtaal wurde se noch altyd mijd.

Folle minder ferset is der tsjin it ferdwinen fan wurden. Ik pak myn Kroniek van de 20e eeuw der efkes by. Dêr stiet yn: ‘de Amerikaanse negerleider Martin Luther King wordt te Memphis (Tennessee) vermoord’. It boek is fan 1989. Dat is noch net echt âld. Dochs soe it yn de eagen fan in protte jongelju datearre lykje. Benammen jonge froulju beskôgje ‘neger’ tsjintwurdich as in skelwurd en yn skiednisboeken sil it net sa gau mear opdûke. Ik fyn soks wol nuver, want foar my hat it altyd in neutraal wurd west.

Wat soartgelikens sjogge wy by wurden lykas ‘mongoaltsje’, ‘ûngelokkich berntsje’, ‘geastlik handicapt’, ‘swier’ (yn ferwachting) en sels ‘grou’ en ‘dom’. Tsjin al dy termen haw ik wol beswierren heard. Dy binne nij, nagelnij, net nijer as in pear desenniums. Dochs mije minsken dy wurden manmachtich en hast net ien pleitet foar it behâld derfan.

Yn de taalkunde neame wy dat ferskynsel de trêdmûne fan de eufemismen. Eufemismen binne wurden dy’t wy brûke om te ferwizen nei dingen dy’t wy eins net by namme neame wolle. ‘Kanker’ is wer werom yn it taalgebrûk, mar wy ha jierrenlang ‘ka’ sein. De ‘baas’ wurdt de ‘leidinggevende’. De ‘idioot’ wordt de ‘geestelijk gehandicapte’, ‘grou’ wurdt ‘obees’. En nei in skoftsje is de nije term wer like taboe as de foarige en sykje wy wer in nije, noch net beladen omskriuwing. En it is nuver dat de ‘leuk’-haters net stride tsjin it ferbaljen fan ‘negers’, ‘idioaten’ en ‘mongoaltsjes’.

Wy prate net graach oer wurden dy’t sykten, machtsferhâldingen, lichemsgewicht, hûdskleur of ûnnoazelens útdrukke. Om mar in pear saken te neamen. Mar echt swiere taaltaboes ha wy yn Nederlân net. Yn de Feriene Steaten is dat oars. Der is in taboekultuer dy’t ûnwestersk oandocht. Folwoeksen manlju ha it dêr yn alle earnst oer ’the n-word’ (nigger), ’the f-word’ (fucking) en ’the r-word’ (retarded, ‘achterlik’) en dy’t dêr net oan meidocht kin in soad lijen ferwachtsje.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels