Tegeltsjewiisheid

HENK WOLF – 

Koartlyn skreaunen de tige wurdearre kollega-taalkollumnisten fan Taalbaas in stikje mei de titel Tegeltsjeswiisheid. Ik seach dêr efkes wat nuver tsjin oan. Ik soe tegeltsjewiisheid sizze, sûnder dy tusken-s deryn.

Ik ha de Grammatica Fries fan Jan Popkema der efkes by pakt. Dy seit yndied dat yn it Frysk yn sokke gearstalde wurden, de útgong fan in ferlytsingswurd de tuskenklank foarmet, wylst it Nederlânsk dêr noch in ekstra -s- by set. Dus Frysk: poffertsjepanne en boatsjeminsken neist Nederlânsk poffertjespan en bootjesmensen.

Miskien is der helendal gjin systematyk. Ik bin benijd oft ien der ek mear oer sizze kin.

Is dat ferskil tusken Frysk en Nederlânsk no absolút? Dat leau ik net. Famkesfyts en streekjesbroek lykje my heel gewoan Frysk ta, al soe streekjebroek om my ek wol kinne. Google jout my gelyk; streekjesbroek komt 141 kear op it net foar en streekjebroek mar 36 kear.

Popkema neamt fierder rychjewente yn it Frysk as iennichste mooglikheid, mar rychjeswente komt 5 kear foar en rychjeshûs 311 kear. Miskien dat it Nederlânsk it Frysk dy kant op stjoert, dat soe goed kinne, mar de farianten mei in tusken-s hearre my hjir net raar oan.

Wat de systematyk achter it wol of net foarkommen fan dy tusken-s nei de útgong fan it ferlytsingswurd krekt is, is my net helder. Miskien is der ek helendal gjin systematyk. Ik bin benijd oft ien der ek mear oer sizze kin.

 

 

 

Comments
6 reaksjes oan “Tegeltsjewiisheid”
  1. josse de haan schreef:

    Even foar de fûst wei:

    rychjehûs – hûs dat yn ien rychje stiet;
    rychjeshûs – hûs dat yn heel wat rychjes stiet.(selde soart hûs)
    rychjeshûzen – hûzen dy’t allegearre yn in rychje steane (net identyk);

    tegeltsjewiisheid – wiisheid dy’t op ien tegel stiet;
    tegeltsjeswiisheid – wiisheid dy’t op heel wat tegels stiet (selde wiisheid);
    tegeltsjeswiisheden – wiisheden dy’t op heel wat tegels steane (net deselde wiisheden).

    Foar myn gefoel seine wy thus pankoekspanne en net pankoekpanne – (ien pankoek, gjin mearfâlds-s),
    en oersetten nei poffertsjes: poffertsjespanne en net poffertsjepanne (s is hjir mearfâlds-s).

    It systeem fan us mem wie simpel – inkelfâld of mearfâld, tink ik. Se seach ien pankoek en in soad poffertsjes, mar it kin ek fan har ’twadde’ mem komme dy’t it Frysk fan Makkum prate.
    De rychjes en de tegeltsjes haw ik krekt betocht, want ik sjoch gjin systeem

  2. Ed Knotter schreef:

    Neffens my hat it neat mei inkeldtal of meartal te krijen. It giet om in tusken-s en dy wurdt om foflogyske reden ynfoege. Ik sis ‘koekjebakker’ en it hânwurdboek ek, wylst der in mannichte oan koekjes wêze sil. Likemin as by de tusken-n (mar dêr hat it Frysk net sa folle problemen mei as it Hollânsk) is it by de tusken-s ek net om in meartal te rêden. In kachelspiip hat in s, ek al is der mar ien kachel. In rychjehûs hat, grif ûnder ynfloed fan it Hollânsk, in tusken-s krige, mar dat is (ek yn it Hollânsk) net om’t der mear rychjes oan te wizen wêze soenen.

    Foar it Hollânsk is de tusken-s bûten de staveringsregels holden. Soms is in wurd mei s gongberder, en soms dersûnder en dan kin men kieze. Standardisaasje is dan allinnich mooglik op grûn fan in tige arbitrêre kar.

    In konsekwinte kar is fansels it bêste: yn it iene gefal wol/net in tuskenletter, dan yn it oare gefal ek wol of net.
    Spitigernôch slagget dat net altyd; foarbyld:
    Rjochtbank hat gjin s yn ‘e midden, dan kinne rjochtseal en en rjochtsaak mei ien s ta.
    Mar om’t der in hiele protte wurden de ferbinings-s ál hawwe (rjochtsbesef, rjochtsgong, rjochtsgefoel) soenen rjochtsseal en rjochtssaak dus mei dûbeld-s moatte.

    Lykas ’tegelstjemuorre’ en ‘geveltsjefrysk’ hâld ik it mar op ’tegeltsjewiisheid”; ik sjoch gjin (fonologyske) oanlieding om in s yn te foegjen.

  3. Henk Wolf schreef:

    Tank foar de wiidweidige reaksje, Josse en Ed!

    Ik wit net oft dy [s] om fonologyske reden ynfoege wurdt. De romme fariaasje dy’t der is, makket dat eins wat ûnwierskynlik. Wat foar fonologyske regel soe ús derta ferliede om yn rjocht+ferkear in [s] yn te foegjen? Wy ha ommers ek gjin muoite mei it útsprekken fan ‘rjochtfeardich’.

    De tusken-s is fan oarsprong in genityf-s, ferlykber mei de -s dy’t wy no noch ha yn wurdgroepen lykas ‘Fryslâns ferline’ en ‘Afkes tiental’. Sokke wurdgroepen moatte op in stuit as ien wurd ynterpretearre wêze. It suffiks -s waard dêrtroch in tuskenklank -s-. Der binne lykwols oare manieren om gearstallingen te foarmjen en it gewoan mar oaninoar plakken fan wurden, sûnder tuskenklank, is dêr ien fan. Ik fermoedzje dat it in kwestje is fan in tafallige erfenis hokker gearstalling oft tiids tosk oerlibbe hat. Dat it Frysk, Nederlânsk en Dútsk it lang net altyd op deselde manier dogge, ek net yn ferlykbere wurden, wiist in bytsje dy kant út. Mar mocht ien mear thús wêze yn de histoaryske morfology en der mear fan sizze kinne, dan hear ik it graach.

    Efkes foar de helderheid, Ed. Ik tink datst bedoelst dat de tusken-s bûten de staveringsregels holden is yn gearstallingen dêr’t it twadde lid fan begjint mei in [s]. Dat blykt wol út dyn foarbylden, mar minsken soenen licht begripe kinne dat de staveringsfraach -e- of -en- en de fonologyske fraach ‘wol of net in tusken-s’ fan deselde oarder binne.

    Ik diel Josse syn oardielen net, mar dat jout net, der soe bêst ris in soad fariaasje yn ynterpretaasje wêze kinne. It soe bêst kinne dat de tusken-s no troch him oanfield wurdt as ‘wat meartallichs’. Wat soartgelikens gebeurt soms mei it skriflike tuskenstikje -en-, ek al hat dat in oare oarsprong. Ik set hjirûnder in linkje nei in parseberjocht dêroer.
    http://www.ru.nl/facilitairbedrijf/@836843/pagina/

  4. josse de haan schreef:

    Henk, it wie foar my ek wat boartsjen mei de mooglikheden dêr’t je as skriuwer hjoed de dei konfrontearre wurde mei radikale standerdisearring, bygelyks. In bytsje nocht oan ûnnocht, mei in serieuze ûnderlaach.
    Tank foar it stikje oer ‘pannenkoeken of pannekoeken’. Dit allegearre jout tagelyk oan dat je net samar yn taal snije kinne, oantaaste en opskjinje Foar in skriuwer binne nuânses wichtich.

  5. Ed Knotter schreef:

    Nee, ik bedoelde net allinnich de gearstallings dêr’t it twadde part mei in s (of s-lûd) begjint. It Nederlânsk hat op dat mêd in tal dûbelfoarmen. By de ien is yn syn útspraak in s te hearren en by in oar net. Foarbylden binne : voorbehoed(s)middel, voeding(s)patroon, onderzoek(s) instituut, geluid(s)overlast, ensfh.

    Wêrom’t dy ferskillen tusken taalbrûkers der binne? Dat moat in persoanlike gefoelskwestje wêze…
    Nijsgjirrich om fêst te stellen dat ûnderskate talen it ferskillend dogge. Dêr blykt in soarte fan taalkarakter út. Talen binne ferskillend faan aard en dat soarget foar nuânses. Dat fyn ik nijsgjirrich.

    Sa sil de fraach nei “tegeltsjefrysk of tegeltsjesfryk’ faaks ûnstien wêze.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.