• Tekening Johannes de Vries

    20 februari 2019

    JOSSE DE HAAN - ‘wurden dy’t ik klean jaan wol’ ‘yn elkoars earmen lizze te droegjen’   Doe’t ik ferline jier maart/april yn Fryslân wie, stoar Joop Boomsma. Syn soan skille my yn Lippenhuzen dêr’t ik in moanne yn in fakânsjewente siet. Hy frege my wat te sizzen op ’e kremaasje yn Goutum. Dat haw ik dien, sa’t ik oer oaren skreaun haw doe’t se weirekken [...]

  • 10 oktober 2018

    HIDDE BOERSMA - ‘Koartby noch sieten omkoal en de frou te praten oer in man út Frentsjer, krekt âlder as omkoal, dy wie in ein gien te fytsen en omfâlen en dea. In moaie dea, seine se doe, sa út it folle libben wei sûnder lijen en ellinde yn ien kear klapboem.’ Ungefear lyksa fûn dichter Piter Yedeman syn ein, al hat men noch besocht [...]

  • 14 juli 2016

    JOSSE DE HAAN -  Ynlieding Modernisme hat te krijen mei foarm en foarmferoaring. Dat wat bestiet hat al in foarm, en dy foarm feroaret – fan bûtenôf (troch wyn en wetter bgl.) of fan binnenút (troch bgl. in groeiproses). De mins kin bewust in foarm feroarje. Meidat foarmen dy’t troch minsken skepen binne maklik ferstjurje kinne, is it soms ûnmooglik soks te feroarjen. De lju [...]

  • 26 november 2015

    JOSSE DE HAAN - Oantekeningen by it boek 'Einum' FroonAkker – 1). pseudonym skriuwer K. Tiemersma; 2). krist.fuotbalclub Frjentsjer (1949). Einum – 1). fiktyf doarp yn Dongeradiel; 2). titel boek (2012). It sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 2015 jout oan dat foar de twadde kear yn de skiednis de sjuery út 5 persoanen bestiet. De skriuwer fan it rapport (A. Looijenga?) skriuwt dat der twa [...]

  • 11 november 2015

    ARJAN HUT -  Wylst de rop om de grinzen te sluten klinkt en suver alle dagen wol ien as oare besoarge boarger yn it sjoernaal útropt dat 'hja' hjir komme om ús froulju en bern te ferkrêftsjen – want dat is de aard fan de man, de Arabier en de moslim – en de sharia yn te fieren, kaam it berjocht dat Bauke de Jong [...]

  • 12 oktober 2015

    Bêste Koos Tiemersma, achte oanwêzigen, Yn it foarste plak graach myn hertlike lokwinsk, út namme fan de Fryske Akademy, oan de bekroande skriuwer fan hjoed, Koos Tiemersma alias Froon Acker, mei de Gysbert Japixc-priis 2015, him takend foar syn lêste roman, 'Einum'. 'Einum' is in besûnder boek, en dêr woe ik hjir graach trije dingen oer sizze. It earste besûndere is, dat 'Einum' in e-book is [...]

  • 19 januari 2015

    JAAP KROL - Durk van der Veen (1965-2015, syn eigenlike namme wie Dirk) debutearre yn 2006 by Venus mei de ferhalebondel It tal mooglikheden is sawat ûneindich. It soe syn iennichste titel bliuwe. Tegearre mei Sjieuwe Borger skreau van der Veen yn de jierren njoggentich ‘Modesta’ foar De Blauwe Fedde, in fúljeton oer de nachtlike aventoeren fan Doede en syn kameraden yn it hoere- en studintemiljeu. [...]

  • 28 oktober 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Neffens frieslandagenda.nl – in site fol mei streken ûnder de links – hawwe de Lawei yn Drachten, de Harmonie in Ljouwert, it Posthuis op It Hearrenfean en it teater in Snits neat op it programma. Op beleeffriesland.nl is de evenementenkalender mar mei muoite te finen en ha ik dy fûn, dan blykt dat allinne Tryater de muoite nimt om troch te jaan [...]

  • 25 september 2014

    JOSSE DE HAAN -  Yn 2011 hat útjouwerij Bornmeer it sammele wurk (poëzy en proaza) fan Tjitte Piebenga útjûn. Yn in moaie kassette binne de twa dielen mei ynliedings fan Abe de Vries, Joke Corporaal en Hylke Tromp ferskynd. Yn de opnommen bylagen steane: 1). List fan fersen; 2.) Fersen alfabetysk op titel of begjinrigel; 3). Fotokatern mei famyljefoto’s; 4). Bibliografy en 5). Register op [...]