fotografy: Henk Veenstra

Ta neitins Durk van der Veen

JAAP KROL –

Durk van der Veen (1965-2015, syn eigenlike namme wie Dirk) debutearre yn 2006 by Venus mei de ferhalebondel It tal mooglikheden is sawat ûneindich. It soe syn iennichste titel bliuwe. Tegearre mei Sjieuwe Borger skreau van der Veen yn de jierren njoggentich ‘Modesta’ foar De Blauwe Fedde, in fúljeton oer de nachtlike aventoeren fan Doede en syn kameraden yn it hoere- en studintemiljeu. Yn 1997 wûn er in Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal ‘Yn it begjin wie der ûnskuld’.

It tal mooglikheden is sawat ûneindich is in bondel mei achttjin ferhalen, dy’t ynkringend hannelen oer de selskant fan it libben. Van der Veen wie lykwols net in skriuwer dy’t romantisearre of krekt sjokearre, as dielnimmer wie er in waarnimmer dy’t hiel feitlik skreau. Ek syn problematyske ferhâlding mei syn heit en mem is in tema yn de ferhalen, wêrby’t styl en literêre eigenheid wichtiger binne as klû. De krêft fan de rige sit him dan ek yn it ûngemak dat se oproppe: de lêzer ferknûkelet him net, hy wurdt transformearre yn in foyeur. Van der Veen stie eins boppe de matearje en wie net te betraapjen op moaiskriuwerij.

In optekener dus, dy’t bygelyks omgong hie mei junky Maria: ‘Ik naam my foar om wat der ek barre soe, yn elts gefal eltse kear as ik har sjen soe, oer har te skriuwen. Dit om de fereaske ôfstân te bewarjen. Ik sil ferslach útbringe oan jim achte lêzers oer eltse kear dat ik har sjen sil en ek oer alles wat der dan barre sil’ (út ‘Maria’, s. 111)

Spitigernôch is it Durk van der Veen net jûn mear ferslaggen en titels te skriuwen.

 

 

MEINDERT TALMA –

De yndustriële poarsjes fan Dirk van der Veen

Ien fan de moaiste Frysktalige boeken fan de lêste fiif jier is It tal mooglikheden is sawat ûneinich (2006) fan Dirk van der Veen. Abe de Vries skreau yn syn resinsje foar de LC: ‘Hy skriuwt like maklik oer anale seks, pornofideootsjes en ôfskuorre as oer in mem op jierren dy’t yn har oanleunwenning de planten wetter jout en fragen fan har soan oer de weirûne heit it leafst út ’e wei giet. Dat lêste rekket oan it riedsel dat in protte fan dizze ferhalen by de lêzer achterlitte. Wêrom binne Van der Veen syn personaazjes eins sa yn ’e nederklits rekke? Dêr komt net in befredigjend antwurd op. Safier giet de selsrefleksje fan syn omdoarmers yn de grutte stêd no ek wer net. ‘Ik bin fêst fan doel neat oer myn jonkheid op te skriuwen. As bern wie ik in stomkop. Ik kin my allinnich saken fan jierren letter yn it ûnthâld bringe.’

Bad timing

Op in freedtemiddei belje ik oan by it hûs fan Dirk (1965) yn de Oosterpoort te Grins. Miskien dat ik hjoed it troch Abe de Vries opwurpen riedsel oplosse kin. Ik ken Dirk, dy’t hikke en tein is yn Hearrenfean, fan de Sûprûnte fan studinteferiening Bernlef (sjoch myn kollum fierderop) en ek letter doe’t er ferhalen skreau foar de Blauwe Fedde, it Frysktalige magazine fan Nyk de Vries en my.

Ik druk in pear kear op de bel, mar gjin reaksje. Ik belje syn 06-nûmer. Voicemail. Nei noch in pear kear (oan)beljen, beslút ik om noch ien lêste kear op de bel te drukken. Fuortendalik giet der in gûnstoan ôf dy’t hiel lang yndrukt bliuwt. Ferheard doch ik de doar iepen en rin troch de hal nei de wenning fan Dirk. De doar stiet iepen. As ik de wenkeamer binnenrin, skrik ik. Dirk leit hielendal out yn in stoel. Yn de bleate kont en mei in t-shirt oan. De holle skean, sa te sjen smoardronken.

‘Hee Dirk, giet it jonge?’ Dirk jout gjin antwurd. Hy kin allinnich mar wat reauntsje. De bel giet. Dat sil Henk wêze, de fotograaf. Ik gean nei bûten en fertel him wat der oan de hân is. Binnen komt der noch hieltyd gjin sinnich wurd út by Dirk. It ienige dat er op ús fragen reauntsje kin is: ‘Jout neat, jong, jout neat…’

‘Dit soe wol in geweldige foto opleverje,’ sis ik. ‘In smoarbesopen Fryske skriuwer yn de bleate pimel, mar it moat tink ik dochs mar net.’

‘Nee,’ skodhollet Henk, ‘dit is foar my foarby de limit. Hy kin net oer himsels oardielje, ik bin gjin Telegraaffotograaf.’

We litte Dirk achter yn syn stoel. De jûns belje ik him op. Hy is wer by steat om te praten en seit dat er hielendal net meikrigen hat dat wy by him west ha. Neidat er him in pear kear ferûntskuldige hat, prate we ôf dat ik moandeitemoarn om 11.00 oere wer by him kom. Gelokkich gjin dronken Dirk dit kear. Yn de wenkeamer sit ek in frou dy’t syn freondin Laura blykt te wêzen.

‘Laura en ik kenne elkoar twa jier. Sy hat gjin eigen hûs en ik ha har hjir opfongen. Ik kin har fan Verslavingszorg Noord Nederland. Ik soop doe wol hiel folle. En doe ha ’k dêrnei noch trije moanne op Texel sitten yn de Jellinek-klinyk. Yn in wykein dat ik wer nei hûs ta mocht, kaam ik har hjir yn de supermerk tsjin. En doe belle se my in kear op en fan it iene kaam it oare.’

‘Hoe kaamsto freed sa dronken?’

‘Gjin idee, blykber moat ik sa no en dan hiel fier gean om it ôf te learen. It wie yn elts gefal bad timing, in beskamjende fertoaning. Sjoch, ik ha fan dy riten dat ik drink. Mar ast dan dagen achterelkoar troch giest dan bout dy alkoholspegel him op oant de klap komt. Freed wie ’k aardich fan ’e kaart. Sneon ha ’k noch wat dronken, mar snein net. Juster fielde ik my striemin en dan stopje ik dermei. Ik wol noch net dea. Mar ik herstel wol frij gau, hear. Freed hie ’k earst in liter wite wyn opsopen en dêrnei in liter jenever.’

‘Dêr kinne je wol dea by delfalle.’

‘Ja, fan myn mem har kant binne der twa famyljeleden dy’t har deasopen ha. Binnen ien dei. It is net echt wat om grutsk op te wêzen.’

Laura: ‘Jij drinkt jenever in longdrinkglazen.’

‘Dan bin ik gewoan net te hâlden, dan giet it gloekgloekgloek, gloekgloekgloek.’

‘Mar dan fielsto dy wierskynlik net goed asto sa begjinst te drinken.’

‘Of ik fiel my tige min, of ik fiel my tige goed. Ik ha faak te folle enerzjy om te dimmen. Sa’n ongeleid projectiel bin ik dan. Drank makket my dan rêstiger. Foaral ast in kater hast, dan kinst allinnich mar dea yn bêd lizze. Laura is in hiele oare drinker as ik. Dy drinkt de hiele dei troch, mar dan hiel traach en net in soad. As ik drink dan ferstou ik enoarme poarsjes drank. Yndustriële poarsjes.’

‘Wat is better, tinkst?’

‘No, se sizze by Verslavingszorg dat it better is om stadich troch te drinken, want it lichem krijt wol in enoarme klap by grutte poarsjes achterelkoar. Dat fernim ik dan ek wol.’

‘Jim kinne elkoar sa net echt stimulearje om fan de drank ôf te kommen.’

‘Nee, ik kin har net fertelle: do meist net drinke. Dêr litte we elkoar frij yn. Ik ha bygelyks no absolút gjin nocht om te sûpen. Dan doch ik it gewoan net. Mar sy begjint moarns betiid al mei in fleske wyn, witst wol.’

Laura: ‘Nee, ik sta gewoon veel vroeger op als jou!’

 

Provinsje Fryslân

‘Wêr bist op dit stuit mei dwaande?’

‘Ik skriuw oan myn keunstboek dêr’t ik keunstners foar ynterview dy’t ferslaafd west hawwe of in psychiatrysk ferline ha. Dat doch ik hiel stadich yn myn eigen tempo.’

‘Krijst nochris in betelle baan, tinkst?’

‘Ik wol bêst wurkje, ik ha wol kapasiteiten, mar ik ha bygelyks foar Provinsje Fryslân wurke. Sitst de hiele dei achter dyn burooke op kantoar. De helte fan de tiid hast niks te dwaan en sitst wat mei dyn kollega’s te ouwehoeren. Ik gong om fjouwer oere wol nei hûs. ‘Nee,’ seinen dan myn kollega’s, ‘do moatst hjir oant fiif oere sitte, want do wurdst betelle om oant fiif oere oanwêzich te wezen.’ Dat wienen dan de lju dy’t seinen: ‘Ik ha it swit op ’e rêch’ as se in pear regels yntypt hienen. Ik sei: ‘Ik wurd betelle om te wurkjen.’ En der wie gewoan gjin wurk. Ik hie ek in hiele minne begelieding dêr, fan in amtner dy’t gjin fatsoenlik Nederlânsk skriuwe koe. Dat al syn beliedsstikken moast ik herskriuwe. Ik dronk doe fanwege al dy stress elke jûn in flesse wyn. En dat nekt je op in stuit wol, want ik moast de oare deis wer hiel betiid fan ’t bêd om de trein nei Ljouwert te heljen. Ik hie der wol wat mear fan meitsje kind, mar hawar, in protte frustraasjes yn it wurk, in protte stress, drank: Ik waard ûntslein ûnder it ferlechje fan last in, first out.

Letter kaam ik ris in ekskollega fan my tsjin en it die bliken dat hiel de ôfdieling fuort wie. Elkenien wie ûntslein fanwege disfunksjonearjen. Sa hie de ôfdielingssjef in relaasje krigen mei ien fan syn kollega’s. Dat fûn ik eigentlik wol moai om te hearren, want sy dienen krekt oft ik de ienige wie dy’t net funksjonearre.

Sok wurk is niks foar my. Ik moat in taak ha, ik moat myn gong gean kinne, lykas mei dit keunstboekprojekt. Ik kin wurkje wannear’t ik wol. Ik fiel de ferantwurdlikheid om dit ôf te meitsjen, mar wol op myn manier, en net de hiele dei dom ouwehoere mei kollega’s. Dat soarte fan geseur ha ’k neat mei.

It leafste soe ik gewoan in reguliere baan ha wolle. Dat ik wat mear jild om hannen ha, want dat hâldt net oer. Mar myn probleem is, ik ha sosjology studearre. Ik kin wol op in sosjale wurkpleats oan it wurk gean, mar dat is fier ûnder myn nivo. Se ha ek wolris besocht om my by de fytsestalling op it stasjon te pleatsen, mar dat is dus hielendal niks foar my, man. Ik wol net tusken de dompies sitte en ik bin ek net in teamplayer.

Clint Eastwood seit: ‘A man has to know his own limitations’. Doe’t ik krekt ôfstudearre wie yn medyske sosjology sollisitearre ik nei de funksje foar direkteur fan in sikehûs. Ja, dat is totaal mispleatst, fansels. Wat dat oanbelanget is myn realiteitsin net hielendal goed. Ik oerskat mysels maklik. Ik ha gau de oanstriid om mysels geweldich te finen. Laura seit ek wol dat ik in megalomaan en narsist bin. Ik ha gjin minderweardichheidskompleks. Allinnich as ik in swiere kater ha.’

 

Spanningsikers

Hoe wiesto as jonkje?’

‘As lyts bern wie ’k altyd hiel fleurich en spontaan. Mar yn myn pubertiid bin ik in bytsje tichtklapt. Doe wie ’k hiel ferlegen. Mei froulju wie ik echt syklik ferlegen. Doe’t ik 16 jier wie ha ’k ien kear ferkearing hân. In saneamde ferkearing. Ik doarde net iens mei har op myn sliepkeamer te wêzen. Sa ferlegen wie ik. Sjieuwe Borger moast der beslist by wêze. Dy siet by my op skoalle en dat wie doe myn bêste freon.’

‘En doe is dy ferkearing útrekke?’

‘Ja, ik ha it útmakke neffens my. Ik koe dat gewoan net oan. Dat is net normaal, fansels. En hoe’t dat no komt? Se sizze: Eert uw vader en uw moeder. Ik ha in frij tirannike, tige ûnbetroubere mem en in geastlik ôfwêzige heit. Ik ha wolris yn in boek lêzen dat dat ek ien fan de oarsaken is fan alkoholisme. It komt by de âlden wei. Ik wol harren de skuld net jaan, want ik doch it sels, mar it hat der wol mei te meitsjen.’

‘Wienen dyn âlders oan de drank?’

‘Nee, absolút net. By ús thús is der noait in druppel dronken en ek noat in sigaret smookt. Us heit wie sportman. Altyd trimme, heale maratons. Dy woe doe’t er jong wie noch nei de Olympyske spullen, 800 meter. Mar dat is der nea fan kommen.’

‘Hoe wie de sfear thús?’

‘Gaotysk. Us heit en mem wienen beide spanningsikers. It binne beide de âldste bern fan harren húshâlding. It wie in al mar trochgeande striid om de macht. Se hienen hiel faak rúzje. Us mem wie de baas yn ’e hûs en ús heit dêrbûten. Hy wie postboade en faak fuort en dan kaam er thús en dan gong er te trimmen yn it bosk. Hy hat him noait mei my bemuoid. Wat dat oanbelanget wie it krekt in bern en hie ús mem gjin fjouwer, mar fiif bern.

It wie in apart houlik, it wie thús in soarte fan organisearre gaos. Se sizze as je bern ha moat der rust, reinheid en regelmaat wêze. Reinens en regelmjittichheid wie der wol, mar absolút gjin rêst. Ik wie it twadde bern fan fjouwer en it twadde bern is altyd it meast gefoelige. Dy binne it meast ûntfanklik foar dy ellinde. Miskien ha ’k ek wol in skuldkompleks of sa. Ik fielde my faak skuldich oer de rúzjes dy’t myn âlden hienen. It is op in skieding útrûn. Us heit wennet no yn de Fryske Peallen mei in freondin dy’t tritich jier jonger is. Us mem hat ûnderwilens ek in nije freon. Dy wennet no yn Ljouwert.

Myn mem, ja… Ik bin in memmepopke, witst wol. De favorite soan fan mem. Myn twa broers wienen mear de soannen fan heit. Dat dy ha mear in manlik foarbyld, in manlike identiteit. Ik ha dêr problemen mei hân. Krekt doe’t myn boek útkaam, ha ik nei dy boekemerk yn Drachten west en dêr kaam ik doe tafallich ús heit tsjin. Ik sei: ‘Hee heit.’ Mar ik ha noait wat mei dy man hân. It wie in soarte fan frjemdling foar my. Hy sei tsjin my: ‘Ja, ik wenje dêr en dêr en dat en dat en kom ris lâns.’ Mar ik ha dêr totaal gjin ferlet fan. Ik koe him allinnich fertelle: ‘Sjoch heit, ik ha in boek skreaun.’ Hy sei: ‘Ik sil der ris nei omsjen.’ Oft er dat dien hat wit ik net.’

‘By dyn mem komst wol op besite?’

‘Ja, dy wennet no by Harm yn Ljouwert. Ik bin in bytsje allergysk foar har droktemakkerij. Se is wat hystearysk oanlein. Ik bin wolris sa flipt, doe ha se my nei Den Helder brocht mei de auto, mar dan is Harm sjauffeur, witst wol. En ús mem bemuoit har dan mei hoe’t Harm rydt: ‘Oe Harm tink derom! Sjoch dêr in auto!’ No, dan flip ik, jong. Dêr kin ik hiel agressyf fan wurde. Fan dat soarte fan gedrach, witst wol. Dy man is sjauffeur, dêr moat sy har net mei bemuoie.’ ‘Bemuoit se har dan ek mei dyn libbenstyl?’

Nee. Myn boek ha ’k ek oan har jûn. ‘No,’ sei se, ‘ik fûn it in geweldich boek, geniaal.’ Oer har personaazje yn it boek seurde se ek net. Nee, wat dat oanbelanget is se wol sportyf.’

 

De kick fan it scoren

‘Wannear bisto begûn te drinken?’

‘Nei de RSG yn Hearrenfean ha ’k earst twa jier medisinen studearre yn Amsterdam. En doe wie it foar my in taboe om te drinken. Op myn studinteflat waard der aardich dronken, mar ik die der net oan mei. Ik wie frij iensum yn Amsterdam en doe ha ’k op in stuit in flesse wyn kocht. Ik tocht: miskien helpt dat. Mar dat holp ek net. Ik wie sosjaal totaal net oanpast. As bern wurde je al programmearre troch jin âlden en ik wie net geskikt om mei oare minsken om te gean, om dêr sosjale relaasjes mei te ûnderhâlden. Dat meastentiids rûn ik dêr allinne oer strjitte. Altyd ûnderweis, mar wol hiel iensum.

Nei dy twa jier Amsterdam gong ik yn tsjinst. Ik tocht: dan sit ik teminsten yn in groep. Mar dat foel ek behoarlik ôf. Dat wie hielendal net leuk. Dat wie ek myn eigen skuld. Wol bin ik yn tsjinst begûn mei roken en drinken. Doe wie ’k al 20. Nei dy twa jier tsjinst gong ik yn Grins te studearjen. Sosjology. En dat ha ik wol ôfmakke. Pas hjir yn Grins slagge it my om freonskippen te krijen en hie ’k in sosjaal netwurk.’

‘Wannear is dat echte drinken begûn?’

‘Op de studinteflat foel it noch wol wat ta. Pilske hjir en dêr foar de geselligens, mar noait allinne. Mar doe’t ik hjir alve jier lyn kaam te wenjen, bin ik frij regelmjittich begûn te drinken.’

‘Do hast dy noait skamme foar dyn huorrebesites. Is dyn ferlegenheid troch dyn ûnderfiningen mei huorren ek minder wurden?’

‘Seker. Ik koe gjin frou fersiere yn in kroech. De spontaniteit ûntbruts by my. Mar nei de huorren koe ik dus wol. It hat lang in hobby fan my west. Dat wie gewoan in soarte fan kick foar my. Score, witst wol. De lêste kear dat ik by ien west ha, is twa jier lyn. Ik ha der totaal gjin nocht mear oan. Ik ha no ek in relaasje mei Laura. En finansjeel fyn ik it ek in fierstene grutte ynfestearring.’

‘Mar wat is dan de kick fan it scoren? Want dy huorren wolle altyd wol.’

‘Mar der sitte ek leuke froulju by, hear. En ek wol geile froulju. Mei dy froulju hast soms in klik, hen. Dêr kinst gewoan goed mei oerwei. Sjoch dan bist ûntspannen en giet alles fansels.’

‘Hast noch rare dingen meimakke, mei poaiers of sa?’

‘Ja, ik ha op de Hoekstraat wenne, hen, hertsje huorrebuert. Mei Moniek dêr’t ik doe ferkearing mei hie. Ik wit net oftst dat ferhaal kenst. Moniek hie in kat, Lodewijk, en dy hie flieën, hy soarge foar in flieëpleach en har húsgenoates woenen Moniek dêr doe wei ha. Sy hielendal yn panyk, want se moast in oare wenning sykje. Ik wie doe al ôfstudearre en siet tydlik earne yn ûnderhier, mar dêr moast ik ek wei en doe ha we op de Hoekstraat wenne tegearre. Dat wie earst sa’n huorrehúske, mar de gemeente woe der gjin tastimming foar jaan en dy poaier woe it doe oan ús ferhiere. Under ús wenne wol in Dútse hoer en dy rûn alle dagen nei de oare kant fan de strjitte. Se hie hiele grouwe titten en dêr hie ’k dan in moai útsicht op. Mar dat húske waard ferhierd troch Martin van Geffen, dat wie in psychopaat en de grutste poaier/keamerferhierder fan de Hoekstrjitte. Hy wie neffens my ek wol in bytsje benaud foar my, want ik die doe in hiel soad oan judo, hen. Ik ha in pear kear noardlik kampioen west. Dus dy fint hie al ris by my west: ‘Als jij hier de straat voor mij in de gaten houdt dan hoef je geen huur te betalen.’ Mar ik hie dêr hielendal gjin nocht oan. Ik woe totaal niks te meitsjen ha mei dy shit mei kriminelen en huorren.

Hy hie ek in Joegoslavysk feintsje dy’t altyd jild by dy huorren ophelje moast. En hy rûn ek sa by my yn ’e hûs. Hy hie alle kaaien, witst wol. Dêr wie ’k ek net sa bliid mei. Op in stuit hearden we fan ien: ‘Hé, weet je wel dat jullie huis te koop staat aangeboden in de krant?’ Mar dat mocht hielendal net, want der stie by: ‘Vrij verhuur’. Dus doe hienen we in probleem. En dy Van Geffen wie echt in krimineel. Ik sei tsjin him: ‘Dat kan zomaar niet.’ Hy razend: ‘Dan haal ik mijn pistool op en dan schiet ik je raam eruit.’

De sfear wie sa bedoarn, ik bin doe mei Moniek nei in freon fan Moniek gong yn ûnderhier.’

 

Trinus Riemersma

‘Ik wenje hjir al alve jier. It befalt my prima. In moaie buert en it is hjir ek rêstich. Ik ha allinnich wat problemen mei de buorlju, boppe en ûnder. Ik ha in bytsje it idee dat se tsjin my gearspanne. As ik in kear spul ha mei Laura dan prate we wat lûder, mar dan krijst daliks klachten fan de wenningbouferiening. Dy minsken hawwe der neat mei nedich.’

Laura: ‘Nee, je mag toch af en toe wel een potje ruzie maken?’

‘Een beetje levendigheid in een relatie kan geen kwaad. Foar ik it ferjit. Ik kin dy as Dirk. Mar is it no Dirk of Durk?’

‘Offisjeel hjit ik Dirk. Myn pake hjitte ek Dirk en dy syn heit hjitte fan Durk. Mar Trinus Riemersma, dy’t lêsten ferstoarn is, dy woe net Dirk op syn boeken ha en sette der Durk op. Hy sei dat Durk Frysker is.’

‘Hy hat dochs ek nochris op it alternative boekebal in ferhaal fan dy foarlêzen?’

‘Ja, doe wie ik ek sa besopen. Fan dy spannende tastannen, dan kin ik der net goed mei omgean en dan set ik it op in sûpen. Dan fiel ik my wat frijer. Ik koe it gewoan net mear lêze. Ik bin der hielendal net grutsk op. It leveret allinne mar ellinde op, dat drankgebrûk.’

‘By de Sûprûnte wiesto ek wol in bytsje in ienling. Dan kaamsto by ús yn Beijum en dan siet elkenien meielkoar te praten en dan stiesto earne alinne.’

‘Ja, minsken moatte my de romte jaan. As de gaos te grut wurdt dan klap ik ticht, dan lûk ik my werom. Ik ha wol in enoarm ferlet fan struktuer.’

‘Bisto troch dyn relaasje mei Laura ek wat minder in loner wurden?’

‘Ja, foar my is dy ûntwikkeling wol wichtich. Wy ha in goed kontakt meielkoar. Wy kinne goed kommunisearje, dat is wol wichtich. Froeger moast ik altyd nei minsken ta, witst wol. Op in stuit komst mei foute freonen en minsken yn oanrekking dy’t yn deselde situaasje sitte as dy. Wurkleas en allegear problemen.’

Bist ek mei in twadde ferhaleboek of roman dwaande?’

‘Je moatte der lol yn ha en dat ha ik no net. Yn ien resinsje stie: ‘Wêrom bliuwt dy fint sa yn de selskant hingjen? Tinkt er dat it stoer is of sa?’ Dat soarte fan shit mei al dy kriminelen en junks ha ’k no ek wol hân. Ik bin in persoan, troch skea en skande wurd ik wiis. Ik bin ek faak besoademitere troch minsken. En nee, ik ha op ’t heden gewoan gjin ynspiraasje foar fiksje. It kloppet ek wol in bytsje dat it nei jin 40e minder wurdt. Trinus Riemersma hat dat sels ek ris tsjin my sein: it wurdt gewoan dreger as je âlder wurde. Ek omdatst minder meimakkest. Want sa rûch as froeger doch ik it net mear.’

‘Mar do hast noch genôch ferhalen dy’t net ferteld binne, liket my.’

‘Ja, mar ik bin gjin skriuwer dy’t skriuwt oer syn jeugd, dat soe ’k gewoan net kinne. Dat wie sa’n púnbult. By my wie it te slim.’

 

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 10 (2011),  5 (juny) s. 36-40.

Comments
3 reaksjes oan “Ta neitins Durk van der Veen”
  1. Maaike van der Veen schreef:

    Niet ter oprechte nagedachtenis, wel ter ego van Meindert Talma.

    Maaike van der Veen, zus van Dirk

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.