Bauke de Jong (1931 – 2015)

ARJAN HUT – 

Wylst de rop om de grinzen te sluten klinkt en suver alle dagen wol ien as oare besoarge boarger yn it sjoernaal útropt dat ‘hja’ hjir komme om ús froulju en bern te ferkrêftsjen – want dat is de aard fan de man, de Arabier en de moslim – en de sharia yn te fieren, kaam it berjocht dat Bauke de Jong ferstoarn wie. Oer de telefoan prate ik mei syn freon en kollega Steven H.P. De Jong.

Fjirtich jier lyn skreau Bauke de Jong in ferneatigjende krityk op it wurk fan Eeltsje Boates Folkertsma, nota bene yn in tydskrift mei de namme Asyl. De Jong wiisde op guon teksten fan Folkertsma yn oanrin nei de Twadde Wrâldoarloch, op dy syn gejeuzel oer it Grut Kristlik Frysk Germaansk ideaal en syn opmerkings oer de foardielen fan it ferminderjen fan it tal Joaden. It waard de kritikus swier oanrekkene dat er soks op it aljemint brocht. En dan de toan wêrop!

 

Ja, ik frege him wolris oft er noch wat skreaun hie. Mar dan sei er fan: ‘Nee, ik ha it te drok mei sykheljen.’

 

Der ûntstie, fia brieven en artikels, in ‘flamewar’ sa’t dy’t yn ús tiid mei ‘sosjale’ media frij gewoan is, mar doedestiids de Fryske literêre wrâld yn ûnstjoer brocht. Douwe Tamminga en Fedde Schurer waard it bloed sûpe.

Steven H.P. de Jong (“Nee, gjin famylje, hear.”) wie ien fan de skriuwers dy’t achter Bauke de Jong stie. “De kristenen tsjin de joaden doe, of de kristlike beskaving tsjin de joadse. En no de kristlike beskaving tsjin de islam. Bauke de Jong helle eleminten oan yn de teksten fan Folkertsma dy’t antysemitysk wiene. Hy sei dêr mei net dat Folkertsma in antysemyt wie, want dat wie er net. It siet faaks yn de hiele (kristlike) beskaving. De joaden hiene Kristus fermoarde. Dat komt noch by Luther wei. No seit men júst dat de islam antisemitysk is en kin dat brûkt wurde as argumint fan de iene groep om in oare groep by de grins te kearen.”

“Asyl wie it blêd fan Bauke en fan Tjitte Piebenga. Piebenga wie by de Tsjerne weigien. Ik siet sels yn de redaksje fan Quatrebras.” It progressive Asyl kaam rjocht tsjinoer De Tsjerne te stean. “It Tsjerne kamp”, neamd Steven de Jong, “hie Bauke hielendal weiskriuwe wold. It stiet allegear yn Hoe binne de helten fallen. Kinst dat boek?”

Fansels, noch fan Trinus sels in eksimplaar krigen. Yn 2006 ferskynde it by útjouwerij Venus. Mei it essay fan Bauke de Jong en Trinus Riemersma socht alle reaksjes derby, skreau in wiidweidige ynlieding en sitearre dêrby rom út in artikel (‘De besleine bril’, út Trotwaer, 1993) fan Steven de Jong. “Ik ha krekt in In Memoriam skreaun oer Bauke dêr’t ik itselde artikel yn oanhelje, foar Ensafh. Wistest trouwens dat dy namme Trotwaer betocht is yn it kantoarke fan Bauke de Jong?”

Fúzjeplannen tusken Asyl, Quatrebras en De Tsjerne yn 1968 mislearren troch de strideraasje en Bauke de Jong hat net folle mear publisearre. Dochs siet er yn 1969 yn de earste redaksje fan Trotwaer, mei Steven de Jong, Trinus Riemersma, Leo Popma en Geart van der Zwaag. “Yn de namme sit it wurd rotwaar, in ferwizing nei it kulturele klimaat fan ús tiid.”

Steven wol der net oan dat Bauke sa’n bytsje skreaun hat troch de reaksjes op syn Folkertsma essay. “Hy wie in biolooch, hin? It libben bestie út mear as Frysk skriuwe. Sa koene wy inoar ek, al fan de kweekskoalle ôf koene wy it goed meimekoar fine. Wy wienen freonen fan de stúdzje. Op it lêst hie Bauke syn nocht fan it Frysk ôf. Net dat er neat mear skreau. Njonken syn kritiken wiene der wol wat losse stikken en guon harkspullen. In pear jier lyn is by Willem Winters (Perio) in boekje ferskynd, ‘It Jiskebakje’. Dêr ha ik foar de presintaasje noch in stik skreaun en foardroegen.”

“Bauke wie ek wol eigensinnich. Hy skreau út de argewaasje wei, en hy lies alles. Mar swiersettich wie er net. Hy hie wol humor, joech neat om bekendheid. Hy woe ek noait op de foto!”

Wy prate oer Anne Wadman en it yndividualisme fersus it kollektivisme. Oer Stalin syn systeem, dêr’t ‘it ik’ net bestiet. “De tiid niget nei yndividualisme”, seit de skriuwer, dy’t mei syn roman ‘De Wuttelhaven Del’ in roman skreau oer in Fryske hûshâlding yn de oarloch. Hy krige dêr yn 1992 de Gysbert foar.

“Kollektivisme hoecht net ferkeard te wêzen. Mei syn allen in nasjonale sportploech oanmoedigje, lykas by in fuotbalwedstriid, dêr giet gjin kwea fan út. ‘Voetbal is oorlog’, seit men wol. Nou lit dat dan mar oarloch wêze. Prima. Echte oarloch is ferskriklik. Jo kinne jo dat eins net foarstelle. Ik hoopje dat hjir noait wer oarloch komt.”

“De lêste jierren bin ik Bauke noch gauris tsjinkaam. Wy wennen op ien as oare wize altyd bymekoar yn de buert. Soms trof ik him wolris yn de supermerk. Ja, ik frege him wolris oft er noch wat skreaun hie. Mar dan sei er fan: ‘Nee, ik ha it te drok mei sykheljen.'”

Comments
Ien reaksje oan “Bauke de Jong (1931 – 2015)”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.