Fryske moderniteit yn de eagen fan Huub Mous

Publisearre op 14 juli 2016

JOSSE DE HAAN – 

Ynlieding
Modernisme hat te krijen mei foarm en foarmferoaring. Dat wat bestiet hat al in foarm, en dy foarm feroaret – fan bûtenôf (troch wyn en wetter bgl.) of fan binnenút (troch bgl. in groeiproses). De mins kin bewust in foarm feroarje.

Meidat foarmen dy’t troch minsken skepen binne maklik ferstjurje kinne, is it soms ûnmooglik soks te feroarjen. De lju wolle hâlde wat se hawwe, wat se kenne. Alles wat oars is (of wurdt) kin maklik ôfkard wurde. Guon dy’t yn de foarm sitte sjogge net itselde as guon dy’t der fan bûten nei sjogge. De lêsten pleitsje soms foar in révolúsje om troch de ferstjurring hinne te brekken.

Kearnpunt is hjir, en fan essinsjeel belang, dat alles wat syn foarm oanbelanget, syn oardering en syn ynhâld, te krijen hat mei in bewust feroarsake feroaring, en altiten yn diskusje stiet. As it goed is siket literatuer dy diskusje sa’t ek op oare gebieten fan keunst en skepping fan nije saken diskusje nedich is.

Der is wat dat stal krije moat, yn in foarm getten, en dêrfoar is it nedich, dat besteande foarmen trochbrutsen wurde. De man of frou dy’t dêr mei dwaande is moat frij en ûnôfhinklik wêze – faak fjochtet dy tsjin ferstjurring fan elke foarm.

It ferskil tusken it neifolgjen fan besteande foarmen en it skeppen fan nije – it trochbrekken fan it âlde – kin yn tsjinstellingen fongen wurde: masinaal makke/ambachtlik makke, massaal/unyk, banaal/smaakfol, artifisjeel/natuerlik, wêzenleas/minsklik, slaafsk/frij, hearskje oer/ tsjinstber wêze oan, platrûne paden/aventoer, leafdeleas/konsjinsjeus.

It modernisme hat mei soksoarte foarmferoarings te krijen, meidat it nije streamings en feroarings yn de maatskippij beneamde (ein 19e iuw oant en mei de earste helte fan de 20e iuw). De roman, it toaniel en teater, de arsjitektuer, de muzyk, de skilderkeunst, en de byldhoukeunst moasten fernijd wurde om de moderne maatskippij better te spegeljen. It is dizze feroaring, dizze striid, dy’t Huub Mous oangeande Fryslân yn de sechtiger jierren fan de foarige iuw en noch wat letter beskriuwt.

 

frisianaDe skok fan it nije
Mous beskriuwt dit proses net oardieljend, moraliseartjend of feroardieljend (sa’t dat yn it Wolkenboek oangeande it moderne proaza bard is), net normearjend dus, mar feitlik beskriuwend wat er modernistysk fynt, alles basearjend op in teory oangeande de lofterharsenhelte en de rjochter, mar foaral op de feiten.

Mous hat in kar dien mei dizze dielstúdzje oangeande in part fan de Fryske kultuer, dy fan de sechtiger jierren. Oangeande de literatuer yn wêzen wat der nei de 2e wrâldkriich bard is. Syn ynfalshoeke is nij fergelike mei oare stúdzjes op dit mêd. It boek heart by it programma fan Tresoar dat hyt ‘Op zoek naar het andere Fryslân’.

Robert Hughes (skilder, keunstkritikus) hat yn 1980 it boek The shock of the New publisearre, dat basearre is op in 8-dielige tv-searje by de BBC. Hy beskriuwt in lange rige feroarings yn de byldzjende keunst dy’t de wrâld tusken 1880 en 1980 ferbjustere hawwe, skokt mar ek stimulearre. Yn it lêste haadstik – ‘Kultuer as Natuer’ – komme de reaksjes fan de keunst op de groei fan stêden oan ‘e oarder, de keunst yn de greep fan massamedia, de taal fan massakultuer, de Pop-Art, de ynfloed fan moderne reproduksjemetoaden en de de kultuer fan de oerfloed.

Hughes begûn mei de tiid tusken 1880 en 1914, dêr’t de sfear fan it gouden tiidperk fan de masine optimisme joech. De lêste (achtste) útstjoering gong oer it ferwetterjen fan it lette modernisme – begjin tachtiger jierren. De relaasje tusken keunst oan de iene kant en it bestean oan de oare kant yn de iuw fan it modernisme soe yn de dokú sintraal stean. Mous syn stúdzje slút naadleas oan by de sfear en ynhâld fan it boek fan Hughes.

Op 19 april 2008 hâlde ik yn it âlde Fries Museum in speach ta gelegenheid fan de tentoanstelling dy’t Mous gearstald hie yn ferbân mei syn boek De kleur van Friesland, en syn ôfskied as wurker foar de Fryske keunst en kultuer.

deblauwehandYn dy rede neam ik de keunstner Josum Walstra dy’t yn 1963 yn Harns de galery ‘De Blauwe Hand’ begûn. Walstra wie de opmakker fan it Fryske literêre tiidskrift quatrebras, dat yn Fryslân wat al te modernistysk achte waard. De LC yn de persoan fan redakteur J. Noordmans fjochte like it wol in persoanlike fete mei him út.

Oer quatrebras (’58) sei er bgl : ‘Het is van binnen even smerig als van buiten’; (’59): ‘Het blad is slechts geschikt voor de vuilstortplaats’; (’59): ‘Als je vinger de omslagtekening van Walstra natekent gaat die vinger na afloop naar je voorhoofd’; (’61): ‘Walstra heeft als opmaker geknoeid met de teksten van de dichteres ella wassenaer’.

Yn it foaropwurd fan it boek fan Mous skriuwt Bert Looper (direkteur Tresoar) oer de grutte tentoanstelling Frisiana fan 1963. Josum Walstra fan ‘De Blauwe Hand’ yn Harns soarge as kreatyf meiwurker fan dy tentoanstelling dat de moderne Fryske keunst syn gerak krige, û.o. Sies Bleeker wie dêre fertsjintwurdige. Looper neamt him as de Fries dy’t yn de takomst sprong.

 


Frysk modernisme yn nasjonale en Europeeske konteksttelepoezie
Yn dit boek beskriuwt Huub Mous de hâlding fan de lju dy’t alles hâlde woene sa’t it wie, en twad giet it oer de minsken dy’t feroarje woene. De skok fan it nije sa’t ik hjir boppe beskeaun haw is te werkennen. De konservative (faak besteande út konfesjonele krêften) hâlding hat lang foar master opslein foarôf geande oan de jierren sechtich en ek noch even dêrnei. Iksels haw yn myn stik ‘De 50 fan de slach by Warns’ (oer û.o. Operaesje Fers) beskreaun hoe’t de behâldende geasten bepaalden wat goed wie.

Mous hat mei dit boek in stúdzje skreaun oer in diel fan de sechtiger jierren, benammen oer it modernisme oangeande keunst, literatuer, arsjitektuer, stêdebou, planology en de media. Hy beskriuwt yn de lêste haadstikken benammen de betsjutting fan fjouwer wichtige persoanen yn dit tiidrek: Lolle Nauta, Jo Smit, Anne Wadman en Fokke Sierksma. Fan de jongere generaasje komt Trinus Riemersma en de sekularisearring oan bod. Hy hinget syn ferhaal net op oan Douwe Tamminga, Fedde Schurer, Freark Dam of Jan Piebenga. Dy kar bepaalt al yn ’t foar de ynfalshoeke fan de skriuwer. Meidat Mous yn dy perioade net yn Fryslân wenne, net in Frysk skriuwer of filosoof is, kin hy it geheel moai aardich objektyf en fris besjen.

Mous begjint syn boek mei in sitaat fan Lolle Nauta:

Modernisering veroorzaakt een breuk, schept afstand, duwt mensen en dingen opzij, keert zich van hen af, om ze aldus rijp te maken voor het museum, of gewoon uit te leveren aan de vergetelheid. De moderne tijd komt nooit in haar eentje het toneel op. Altijd is ze veergezeld door een schaduw, de gestalte van het verleden.’

De sintrale fraach yn dit boek is neffens Mous: ‘Hoe kin de ferlette trochbraak fan it modernisme yn Fryslân yn in nasjonale en Europeeske kontekst pleatst en beneamd wurde, en dochs werkend wurde as wat heel eigens?

Mei oare wurden, bestiet der sokssawat as in Frysk modernisme? En as it ja is, hoe hat it dan mooglik west dat it ûntstie yn in klimaat dat sa lang tsjinaksele hat tsjin alles wat modern wie? Dêroer is in bytsje skreaun, en de fraach docht him foar oft der in regionaal modernisme bestie nettsjinsteande slommerjend nasjonalisme op de achtergrûn.

It fassinearjende fan dit boek is dat Mous net allinne fan bûtenôf sjocht nei wat der barde yn dit gewest, mar dat hy himsels ek ûndersiket (hy wennet en wurket sûnt 1977 yn Fryslân), en dat hy yn dy binnenkant ek syn heit pleatst dy’t yn 1897 yn Bakhuzen berne is, mar op syn 23e Fryslân ferliet. Syn mem kaam fan Arnhim, hysels is berne yn Amsterdam en groeide dêre op.

Dizze persoanlike noat yn it boek docht jin herinnerjen oan literatuer, dêr’t ien of mear protagonisten de haadpersoanen binne mei wa’t de lêzer him identifisearje kin. Dat is yn dit boek fan Mous ek it gefal, benammen foar immen as ik dy’t de sechtiger jierren yn Fryslân yntins meimakke hat. Bûten it werkennen fan persoanen, sjoch ik ûntwikkelingen beskreaun dêr’t ik in ûnderdiel fan wie.

 

Mienskipstinken en modernistysk kosmopolitisme
Yn it earste haadstik wurdt it modernisme mei in tal fasetten omskreaun, en ferbûn mei eleminten yn de kultuer. Modernisme wurdt omskreaun as grinsleas, steateleas en foaral rjochte op de takomst. Der wurdt ûnderskied makke tusken foaroarlochs modernisme en dat fan nei de twadde wrâldkriich. Oanjûn wurdt dat dit transformaasjeproses net samar stal krijt: it wie in striid tusken krêften en tsjinkrêften, langst nei feroaring en eangst foar it nije, tusken nostalgy en utopy. Yn myn ynlieding haw ik dêrfan al wat sjen litten.

In tige nijsgjirrich part yn haadstik 1 is dat oer it Frysk, de identiteit en de literatuer. Mous stelt dat dizze trije de moderniteit omearmje moatten hiene, f’ral troch de literatuer hie dat kinnen, meidat de eigen taal de mooglikheid joech dêryn it gedachteguod fan it modernisme stal te jaan. Dat is net bard, meidat neffens him dy taal earder in barjêre as in brêge wie. Allinne yn de byldzjende keunst en yn de arsjitektuer ûnderfûn de trochbraak de minste wjerstân. Faaks lei dat net-akseptearjen fan it modernisme oan de kollektive noarmen en wearden yn de sfear fan gesach, religy en seksualiteit.

Yn feite kamen it mienskipstinken en it kosmopolitisme fan it modernisme yn de jierren 60 as twa utersten tsjin elkoar oer te stean. Dit aspekt wurdt fierder útwurke yn in haadstik oer Modernisme en Nasjonalisme. De kwesty E.B.Folkertsma en Bauke de Jong wurdt hjir yn it kader fan it modernisme bleatlein.

Mous beskriuwt de stelling dat it brein út twa helten bestiet – in lofter en in rjochter dy’t elk in eigen hemisfear hawwe. Dy twa registers stean yn opposysje fan elkoar en bepale elk de twa belangstellingswrâlden fan de mins – it behâldende en it fernijende, yn groffe halen oantsjutten. De linkerhelte soe dan mear te krijen hawwe mei it modernisme.

Om mear grip te krijen op it transformaasjeproses is neffens de skriuwer in nije poëtika fan de romte nedich. ‘We hawwe nije metafoaren nedich yn de taal om it amalgaam fan romte en tiid te begripen. Mar de taal sels sit ús yn de wei.’ Hjir hie bygelyks wol in útiensetting komme kinnen fan it moderne (c.q.) postmoderne surrealisme yn wurd en foaral yn byld (tv, film, sosjale en oare nije media op it ynternet). Dat proses is al fierhinne op gong kommen, en wreidet himsels mear út.

De opposysjes fan de twa helten fan it brein wurde skematysk werjûn:

Modernisme (û.o.) – Anty-modernisme (û.o.)

blok-linéêr – bol-syklysk
utopy – nostalgy
romte-tiid – konsintryske romte
(heite)lân-nasjonalisme – (memme)taal-sjauvinisme
stêd – plattelân
industry – agrarysk
kosmos (iepen) – oikos (mienskip)
groei – kringloop
sekularisearring – religy
mediatisearring – orale kultuer
ferfrjemding – triniteit

(Opm Mous: ‘dit is fansels te simplistysk, mar it jout in bytsje oan hoe’t it leit mei de twa helten, mar yn de sechtiger en santiger jierren wie dit tinken favoryt’).

 

skuttingLiteratuer op Europeesk nivo
Nei de algemien ynliedende ferkennings oer modernisme en Fryslân wurdt yn haadstik twa tawurke nei de kearn fan wat dat nije dan wêze kin, benammen nei foaren kommend yn de literatuer. Ynstee fan ferbyldzjen waard literatuer byldzjend – in stream fan it bewustwêzen. It ferline en de boer – troefkaarten fan it regionalisme – waarden ferfongen troch de takomst en de stedsminske.

Oan de hân fan foarbylden wurdt de omslach nei it modernisme beskreaun. Yn dit haadstik ferskynt Anne Wadman foar it earst as ikoan dy’t Fryslân nei Europeesk nivo bringe wol wat de literatuer oanbelanget. Syn kritiken yn de LC wiene berucht om de skerpe toan dêr’t alles wat bgl. fan de KFFB kaam daalk op de dongbult riden waard. Lolle Nauta, al neamd yn de ynlieding, wie fan itselde kaliber. Beide sjogge ‘de knusse, kristlike en moralistyske folkslektuer foar de massa en de literatuer foar de happy few.’

Mous skriuwt dat Joke Corporaal, dy’t op Anne Wadman promovearre is, de wêzentlike persoan/skriuwer Wadman net op it spoar kommen is. Se begrypt net wat bgl. Menno ter Braak bedoelde dy’t it debat oer regionalisme besiket te hifkjen yn Dr. Dumay verliest – Wadman ûnderskreau wat Ter Braak op it aljemint brocht. Modernisme en Wadman binne yn de Fryske ferhâldingen essinsjeel. Mous jout yn dit boek de oanset en útwurking wat Wadman oanbelanget dy’t Corporaal lizze litten hat.

Nei Wadman neamt Mous Jan Wybenga as in wichtich Frysk skriuwer fan it modernisme. Hy fiert Wybenga hjir op as dûbeltalint, want hy wol oanjaan hoe’t dûbeltalinten in produkt binne fan in keunstteoretyske konstruksje fan it modernisme.

Neffens Wadman is ien fan de grûnbeginsels fan it modernisme: ‘De autonoom wurden foarm hat him losmakke fan de anekdotyske en narrative ferwizing nei de wurkilikheid’.

Jan Wybenga wurdt hjir as dûbeltalint op in spesjale wize beskreaun sa’t noch net bard wie (Mous neamt hjir ek Josse de Haan as dûbeltalint yn ferbân mei syn anarkys, de fisuele poëzy). Fergelike mei it ‘Wolkenboek’ (‘’Zolang de wind van de wolken waait’’, 2006), dêr’t oardieljend en feroardieljend oer moderne skriuwers skreaun wurdt, set Mous hjir skriuwers en har wurk yn in wider literêr ferbân fan de kultuer, c.q. it modernisme sa’t faaks Wadman op it each hie. Dat is nij, en foaral ferfrissend. Dat jildt bygelysk ek foar it modernistyske aspekt yn myn wurk.

Dat frisse komt ek nei foaren yn it haadstik oer ‘Een Fries debat over het modernisme’. Foar it earst wurdt hjir oandacht jûn oan it postmodernisme yn de Fryske literatuer en oan de rigide hâlding fan in figuer as J. Veenbaas dy’t it moderne proaza fan heel wat skriuwers yn it ‘Wolkenboek’ ûnderút helle. Dat is poere winst, want skreaun mei in fernijend ynsjoch en begryp.

 

Fan Blokken fan Bordewijk nei de Fryske modernistyske arsjitekt Jo Vegter
Haadstik 3 is moai aardich filosofysk en besprekt de moderne leechte en de fenomenology dêr’t it bestean om sechtich hinne as in ûnderfining fan de leechte yn it libben ûnderfûn wurdt. Wim T. Schippers lege bygelyks in fleske limonade yn de see by Petten as in die fan ferset.

Ik heuch my noch dat yn 1963 yn Harns (De Blauwe Hand) Wim van der Linden syn filmke De Tulp sjen liet sa’t er mei Schippers wol performanses op de VPRO-telvisy fersoarge. We seagen in tweintich menuten lang nei in tulp dy’t him stadich iepene. It begryp ‘leechte’ entere begjin sechtiger jieren de keunstwrâld.

Mous set de wrâld fan Ljouwert yn dat begjinnende nije perspektyf. Hy sitearret de Frysek dichter Tjitte Piebenga (1963):

 

alles wat fansels spriek

sprekt net mear it stimt net

tebeksjen helpt neat

it eigene is frjemd wurden

dêrtroch neier faaks

dit is de rekken

 

Skriuwers as Anne Wadman, Willem Frederik Hermans en Gerard van het Reve lieten dy nije (lege) wrâld yn har romans sjen. Mous stelt: ‘Het blok en de rechte lijn hadden de overhand gekregen boven de natuurlijke wereld van de bol en de cirkel’. (opm: myn fisuele poëzy is boud op de sirkel, it fjouwerkant, de trijehoek en de Z).

De feroaring dêr’t Mous oer praat fûn plak tusken sa likernôch 1955 en 1965, in tiid ek dêr’t de religy ferdampte. Fia de roman Blokken fan Ferdinand Bordewijk komt Mous dan by de arsjitekt Jo Vegter, in Fryske modernistyske arsjitekt, en by keunstseal Van Hulsen dêr’t yn de maitiid fan 1960 Charles Wentinck in tentoanstelling iepene.

Ik haw der tafallich by west, want wy bestudearren op de kweek Wentinck syn boek oer ‘De geschiedenis van de Europese schilderkunst’, en letter noch syn boek ‘Moderne Kunst in Noord- en Zuid-Nederlandse musea. Hy hat yn ’61 foar ús yn it Woodbrookershûs yn Bentveld in lêzing oer moderne keunst hâlden.

Yn de konseptualisearring fan de romte bleau neffens Mous ‘Het Fries als laatste bastion over in de strijd tegen de besmetting, de verloedering, tegen de angst om weggevaagd te worden’.

Ik set hjir kanttekens by, meiddat it Frysk (de taal op himsels) wol heel slim yn de konservative hoeke treaun wurdt, wylst bygelyks in meartalich medium as Operaesje Fers (febr ’68 en fierder – telefoanpoëzy) krekt de oplossing wie en waard om ynternasjonaal te operearjen yn it Frysk en oare talen. Ja, guon konservativen út fansels de konfesjonele hoeke wiene tsjin dy meartalichheid, mar de mearderheid reagearre posityf – ek foaral yn de rest fan Nederlân, Europa en fierder.

 

Harmen Abma, byld Weidum – 1969

Harmen Abma, byld Weidum – 1969

 De iuw fan de heiten fan Mak en Mous
‘De wortels van de internationale avant-garde liggen voor een deel in de manifesten van De Stijl en in het werk van Piet Mondriaan en Theo van Doesburg’, skriuwt Mous. Doesburg is ferbûn mei it modernisme yn Drachten – glês-yn-lead-finsters (1921), kleuren foar arbeiderswenten yn Drachten, ûntwerp keunstwurk stasjonsplein yn Ljouwert, en yn de freonskip mei de bruorren Rinsema, skuonmakkers/keunstners yn Drachten.

Mous set dit dan yn in breder kader en komt út by de byldzjend keunstner André Volten dy’t in abstrakt keunstwurk yn Drachten pleatste (1968). Fan Volten nei Harmen Abma (keunstwurk yn 1969 yn Weidum), en nei Ids Willemsma is dan noch mar in hoannestap (Dyktimpel Westernijtsjerk yn 1993).

Yn haadstik 4 skriuwt Mous oer syn heit en sitearret oan it begjin Geert Mak dy’t yn De eenw van mijn vader (’99) it ek oer syn heit hat. Mous hie al earder kritysk kommentaar op in boek fan Mak dêr’t Jorwert syn god ferliest. Hy fergeliket dat boek mei de roman Piksjitten op Snyp dat as fiksjedoarp mar in tsien kilometer fan Jorwert leit, mar in folslein oare wrâld beskriuwt as soe Snyp op in oare planeet lizze.

Hjir hie Mous wat my oanbelanget wol even oanjaan kinnen dat de ‘apartheid’ of de segregaasje yn dy iuw fan de heiten noch bestie – as wie it allinne mar troch de skieding fan Iepenbier en Bysûnder ûnderwiis. Begjin sechtiger jierren stie bgl. yn Achlum noch in skoalle dy’t yn twa helten ferdield wie, mei stikeltried dertusken. ‘Mak is de goeroe fan het nostalgyske anti-modernisme’, skriuwt Mous.

Mous besjocht dy iuw fan syn heit (hast like âld as dy fan Mak) net nostalgysk – hy beskriuwt op in heel waarme mar ek saaklike wize syn heit dy’t yn 1897 yn Bakhuzen berne waard, emigrearre nei Hollân dêr’t er letter wurk fûn by de PTT – yn de sektor telefoanferbiningen. Hy boude sels in eigen radiosinder. In prachtfoto yllustrearret syn wurk earne yn the middel of nowhere skiljend.

Mous ferbynt dit mei Weidum dêr’t de widze stie fan H. Schotanus à Steringa Idzerda, de radiopionier dy’t op 6-11-’19 de earste radio-útstjoering yn ‘e wrâld fersoarge. Byldzjend keunstner Harmen Abma hat dêre yn Weidum 50 jier letter in stielen byld foar ûntworpen.

Yn dat haadstik wurdt ek oandacht bestege oan it wrâldfenomeen Operaesje Fers  de telefoanpoëzy dy’ op 1-2-’68 yn Hjerbeam begûn mei útstjoeren, en letter folge waard yn mear lannen, û.o. yn New York mei Dial a Poem. Konsept Art seit it MOMA yn New York dêr’t yn in aparte romte in grutte rôse telefoan stiet. Ek dit stikje modernisme hie wol wat mear oandacht ha meien.

Yn it haadstikje oer de komst fan de TV yn Nederlân (en dus yn Fryslân) koe de Fries yn de takomst springe. De wrâld bruts iepen yn in oare romte en tiid – de jierren sechtich wiene it desennium dêr’t de TV de wrâld yn no time feroare. De tsjinstanners agearren. Skriuwers as Wadman (1962) en Riemersma (1964) yntrodusearen de TV yn har romans. It programma Beeldreligie bruts op 4-1-’64 de konservative wrâld midstwa – de taskôger yn opperste oanbidding foar de nije god TV.

 

quatrebrasIt modernisme jout romte om te boartsjen
Ien fan de wichtichste begripen oangeande it modernisme is it elemint ‘frije tiid’, en it ‘boartsjen’ troch de mins. Johan Huizinga skreau yn 1938 syn ‘boartersboek’ homo ludens. Yn de sechtiger jierren brochten de Provo’s en de Kabouters dit begryp op ‘e nij ta libben. Mar der wiene ek yn it Fryske guon dy’t it boartsjen sintraal stelden.

Yn 1963 hie de skriuwer homme eernstma (Feije Schelto Sixma van Heemstra) dit begryp yn syn lytse roman leafdedea ta libben brocht. De ferbining dy’t Mous hjir leit mei Huizinga yn syn boek is ek in achtergrûnferhaal fan Van Heemstra.

Van Heemstra tsjin my: ‘Ik haw him (Huizinga) meimakke op de universiteit, ik fûn syn boek nijsgjirrich, mar ik tocht dat ik it fiksjoneel wol wat better koe’. Sjédêre – leafdedea. Van Heemstra boartet in spultsje, stuts de konservativen de gek oan, en dat foel ferkeard by foaral it kristlik folksdiel.

Mous sprekt hjir fan ‘symboolblindheid’ dêr’t lju yn Fryslân irony, sarkasme, spot, humor en sinisme, yn ’t koart sein de dûbele boiaems, de metafoaren, net op de krekte wearde skatte kinne. Dêrtroch waarden romans as leafdedea, de smearlappen en Fabryk helendal of foar in part delsabele – it wie flokken yn ‘e Fryske tsjerke dêr’t de konfesjonelen de macht hiene. Se snapten it groteske net. It surrealistyske boarterijke yn leafdedea smoarde yn de earnst fan de moralisten.

Huizinga’s homo ludens hat ien fan de tarieders fan de feroaring west. De roman leafdedea is yntusken sinsurearre en ynkoarten troch de nije ‘symboolblinden’.

Yn dit geheel fan feroarings yntrodusearret Mous Marshall Mc Luhan en Constants New Babylon, ek Herbert Marcuse en syn One Dimensional Man (1964). It is dan mar in stap nei Hessel Miedema en syn prachtich ferhaal de stêd, in lêste oardiel – Gysbert Japicxpriis-weardich en -wurdich neffens Anne Wadman.

Op ûnderskate plakken yn dit mânske boek (320 siden folio) komme minsken op it aljemint dy’t wat te sizzen hawwe en hiene. Ik neam Fritz Rahmann, Silvia Steiger, Frans Lodewijk Pannekoek, Gerard van het Reve, Jacqueline de Jong en noch mear keunstners dy’t yn dy jierren yn Fryslân tahâlden, de boel mei opskodden. Ek lju dy’t yn Harns yn galery ‘De Blauwe Hand’ eksposearren. Harns hie doe sels in ‘Zeeprijs voor schilderkunst’. Der bestiene kontakten mei de modernistyske galery Waalkens yn Grins.

Neffens my hie dit allegearre wol wat mear útdjippe wurde kinnen. Foaral ‘De Blauwe Hand’ hat in tal jierren tige wichtich west yn it Fryske. Mar ek oersetters út Dútslân dy’t yn Fryslân wennen, Nico Scheepmaker hie as TV-kritikus ynfloed fanút syn wente yn Peinjum. Pannekoek en Van het Reve, resp. Greonterp en Peinjum, brochten nije saken. Yn ‘De Blauwe Hand’ hawwe quatrebras en awyt redaksjegearkomsten hân. Josum Walstra hat oan beide meiwurke as opmakker. Foar de jongere generaasje hawwe dy tiidskriften en de redakteuren Marten Brouwer en Hessel Miedema wichtich west – in oar klimaat wie mooglik.

Ik mis yn dit geheel fan feroarings de stifting fan de Koperative Utjouwerij yn 1970. Troch dizze frije útjouwerij koene literêre boeken ferskine dy’t oars nea útjûn west hiene. Nei dizze koöperaasje fan skriuwers kaam it nije tiidskrift trotwaer en dêrnei noch Operaesje Fers. Nei de earste 4 befrijers fan de ‘symboolblindheid’ betsjutten dizze trije literêre feroarings in twadde golf fan feroaring (+ tiidskriften as Sonde en Alternatyf).

 

fokke sierksmaFokke Sierksma en it Grensconflict
Haadstik 5 giet benammen oer de feroarings yn de moraal – neffens Lolle Nauta ‘in etyk sûnder god’. Mous sjocht hjir fjouwer skriuwers as tige wichtich yn it Fryske proses fan modernisme – Lolle Nauta, Anne Wadman, Jo Smit en Fokke Sierksma. As fyfde wurdt Trinus Riemersma yn ferbân mei de sekularisearring opfierd.Yn it spoar fan Nauta komme de filosoof-skriuwers Albert Camus en Jean-Paul Sartre op it aljemint, en mei har de streaming fan it eksistinsialisme.

Nauta en Sierksma hawwe net primêr literêre skriuwers west (útsein Sierksma mei ien roman ûnder pseudonym ferskynd). Mar harren analyzes fan en ynfloed op de Fryske kulturele sitewaasje yn ferbân mei de moderniteit ha wol tige wichtich west. De ynfloed op de generaasje nei har wie grut. De absurditeit, de ferfrjemding en it gefoel fan leechte kamen oan de oarder, sa’t dat ynternasjonaal barde. Jongere skriuwers fûnen yn har de ferbining mei wrâlden bûten Fryslân.

Mous skriuwt yn ferbân mei dizze filosofy fan de ferljochtingsskriuwers fan de 60-er jierren oer it ‘troebele adagium iepen mienskip, de meast resinte uting fan in werstelbeweging’ (KH18, Ljouwert).

Oer Wadman as ‘de Sartre van Sneek’ (hy sette in stik fan Sartre oer – la putain respectueuse –) wurde ynteressante opmerkings makke. Ek hjir wer docht bliken dat de dissertaasje fan Corporaal oer dizze Fryske gigant fier ûnder de mjitte is. Mous skriuwt hjir oer de smearlappen yn de kontekst dy’t it boek nedich hie. Sa besjoen is it ferdomde spitich dat Wadman troch Corporaal ûnsaakkundich behannele is. (NB: har opmerkings oer Tjitte Piebenga yn it sammele wurk slaan ek de ferkearde spiker op ‘e kop – se snapt de sekuliere wrâlden fan Wadman en Piebenga net).

Ek Jo Smit wurdt hjir troch Mous op syn literêre wearde hifke, sa’t dat oant no ta net echt dien wie. Yn 1960 skreau Smit in soarte fan manifest oer de moderne literatuer, foar in part basearre op Nauta en Camus (Nauta promovearre op De mens als vreemdeling).

De roman Grensconflict (1948) – earst ferskynd ûnder de skriuwersnamme Frank Wilders – fan Fokke Sierksma wurdt net rekkene ta de Fryske literatuer, omdat er yn it Nederlânsk skreaun is. Marten Brouwer wie foar de KU dwaande mei in oersetting – hy seach it belang foar de Fryske literatuer – mar hy stoar foardat de oersetting klear wie. Trinus Riemersma fûn it net in wichtich boek, wylst dizze roman dochs heel bepalend is foar Fryslân yn de oarloch en foar wat Sierksma oer de moraal nei foaren brocht, oer de nije literatuer.

Mous neamt Sierksma hjir útdruklik, hy fynt him tige belangryk. Yn it ‘Wolkenboek’ krijt Sierksma net iens in kwart side, en wurdt oer syn ideeën yn feite neat sein. Grensconflict is de literêre delslach fan de libbensfragen fan Sierksma, yn de roman komt it doel fan it libben oan ‘e oarder, ek de wissichheid dat der gjin god bestiet. De mins is noch ingel, noch beest.

Simon Vestdijks De toekomst der religie wie foar Sierksma in foarbyld hoe’t de religy as in projeksje beskreaun waard. De mins fielt him feilich yn syn eigen projeksjes. As soks fuortfalt binne de rapen gear. Mous beskriuwt Sierksma’s opfetting oangeande de Fryske identiteit yn it kader fan de literatuer. Sierksma hat yn de konflikten om E.B.Folkertsma, Bauke de Jong en Trinus Riemersma hinne elke kear de krekte en goeie kar makke. ‘De wrâld fan it wurd, dy’t earder tradysje en mienskip werspegele, waard in (moderne) wrâld op himsels’.

 

Mous’ modernistyske oanpak jout nije ynsichten
Yn it lêste part haadstik 6 – ‘Tussen mest en utopie’ – beskriuwt Mous yn it koart de Fryske sitewaasje dêr’t ‘meerdere vormen van modernisme’ bestean koene. De kontrastearjende begripen mite-realiteit, mienskip-yndividu, etnos-demos, god-goddeleasheid spylje in grutte rol yn dit boek. Yn ’t koart (Lolle Nauta): ‘de spagaat fan Heimatliterateur en in ynternasjonale oriëntaasje op minderheidskultueren’.

Yn dit boek hat Huub Mous op in hele spesjale wize beskreaun hoe’t de Moderniteit yn de sechtiger jierren yn Fryslân stal krigen hat. Dêrtroch jout dit boek in oar sicht op de literatuer en mear foarmen fan keunst en maatskippij dy’t yn dit tiidrek feroaren. It is in foarbyld fan sjen en redenearjen, útgeande fan feiten en ynterpretaasjes, dy’t gjin romte jouwe foar (fer)oardieljen, en dus foar ferfalsking, dat yn oare stúdzjes soms is te sjen. De brede nasjonale en ynternasjonale kontekst soargje foar oertsjûging.

Guon saken hiene wol wat mear omtinken krije kinne mei mear konkrete foarbylden, yllustrearre op it gebiet fan de literatuer en bgl. arsjitektuer. Oangeande de sekularisearring dêr’t no allinne Trinus Riemersma as foarbyld keazen is soe noch mear ûndersocht wurde kinne. Benammen de fraach oft it konservatisme en konfesjonalisme nettsjinsteande de sekularisearring noch altiten in soad ynfloed hawwe.

De oanpak fan Mous hat nije ynsichten oplevere, en guon saken yn diskusje setten – net oardieljen en normatyf as útgongspunt, mar wol ynnovearjend hifkjend oanjaand wêr’t de ferbiningen mei de wrâld lizze.

De stúdzje hat oantoand dat der yn elk gefal ien Fries west hat dy’t yn de takomst sprong. Mous hat mei syn twa boeken De kleur van Friesland/Beeldende kunst na 1945 (2008) en no mei De Fries die in de toekomst sprong/ Fries Modernisme in de jaren zestig in wêzentlike bijdrage levere oan de kultuer yn Fryslân fan nei ’45.

 

Huub Mous, ‘De Fries die in de toekomst sprong’. Fries Modernisme in de jaren zestig. Utjouwerij Wijdemeer, Leeuwarden 2016 (320 s. folio)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels